The Croods (útspr.: [ðə kɹu:dz], likernôch: "zuh krûûdz") is in Amerikaanske kompjûteranimearre aventoerekomeedzjefilm út 2013, produsearre troch DreamWorks Animation. De film waard regissearre troch Kirk DeMicco en Chris Sanders, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Nicolas Cage, Emma Stone en Ryan Reynolds. It ferhaal giet oer in famylje hoalebewenners yn 'e Stientiid op 'e flecht foar oanhâldende ierdbevings yn harren wengebiet. De titel is in wurdboarterij, mei't it Ingelske wurd crude (mei deselde útspraak as crood) safolle betsjut as "ûnbeskaafd", "brút" of "primityf". The Croods gie yn premiêre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2014 waard The Croods nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm en foar de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm. Hy wûn trije Annie Awards. Neitiid waard op basis fan 'e film in tekenfilmsearje makke, Dawn of the Croods, en teffens wiene der plannen foar in ferfolchfilm wêrfan't de publikaasje lykwols hieltyd fierder opskood waard.
Plot De Croods binne in famylje fan hoalebewenners dy't oerlibbet yn 'e gefaarlike Stientiid troch it oerbeskermjend aard fan Grug, de strange heit. De húshâlding bestiet fierder út Grug syn frou Ugga, harren rebelske tinerdochter Eep, soan Thunk, dochter Sandy, in pjut dy't noch net prate kin, mar ynstee grânzget en byt, en beppe, Ugga har heechbejierre mar taaie mem, dy't ta argewaasje fan Grug by harren ynwennet en mar net deagean wol. Allegearre útsein Eep hawwe se harren deljûn ûnder Grug syn bewâld, dy't alles dat nij is gefaarlik fynt en eltse nijsgjirrigens ûnderdrukke wol. Eins besiket er mei syn famylje safolle mooglik tiid troch te bringen yn it tsjuster yn harren fertroude grot, dêr't neat harren kweadwaan kin. Inkeld om iten de bemachtigjen stiet er syn gesin ta om nei bûten te gean, en dan noch allinnich as it ljochtskyndei is. Eep fynt de regels fan har heit lykwols ferstikkend en wol har eigen gong gean, wat geregeldwei ta konflikten mei Grug liedt.
As Eep op in nacht wekker wurdt fan in flakkerjend ljocht dat de grot troch de kieren by de yngong binnenkomt, en op ûndersyk útgiet, ûntdekt se in toartse dy't yn 'e brân stiet. Se hat noch nea fjoer sjoen en is tige ûnder de yndruk. De toartse blykt fan Guy te wêzen, in modern-minsklike tinerjonge dy't lykme-allinne omdoarmet mei as iennichste selskip syn domestisearre loaiert Belt ("Rym"), dy't syn broek ophâldt. Hy warskôget Eep dat har wrâld op it punt stiet ferwoastge te wurden troch ierdbevings en lavastreamen, sa't al bard is yn 'e krite dêr't hy wei komt. De iennichste kâns om te oerlibjen is om nei de berch yn 'e fierte te tsjen en dy sa heech mooglik te beklimmen. Guy biedt oan en nim Eep mei, mar hja kin har famylje net efterlitte en slacht it oanbod ôf. Dêrop jout er har in hoarn dy't er fan in spiraalfoarmige skulp makke hat, en drukt har op it hert om dêrop te blazen as se om help ferlegen sit. As Eep weriene wurdt mei har om har yn noed sittende famylje, besiket se harren de warskôging fan Guy oer te bringen, mar om't se bang binne foar alles dat oars en nij is, pakke se har de hoarn ôf en stampe dy oan grús.
Underweis werom nei hûs wurde se lykwols oerfallen troch in swiere ierdbeving, dy't harren grot folslein ferrinnewearret. Om't de Croods no nearne mear hawwe om tsjin rôfdieren beskûl te sykjen, binne se twongen om te begjinnen oan in nuodlike reis op 'e siik nei in nije grot. De syktocht liedt harren dwers troch in tropysk oerwâld dat al dy tiid oan 'e oare kant lei fan 'e rotswand mei harren grot. Dêr komme se alderhanne fantasijwêzens tsjin, wêrûnder in macawnivore (fan macaw, "pappegaai" en carnivore, "karnivoar"): in fel kleure kateftige dy't beppe de namme 'Chunky' ("Fetsak") jout. Se moatte flechtsje foar harren libben oant it bist ôfskrikt wurdt troch in swaarm 'piranjakiten', dy't har op in 'grûnwalfisk' stoarte en fan it mânske bist yn minder as gjin tiid allinnich mar in bonkerak oerlitte. Lokkigernôch hat Eep ûnderwilens in oare hoarnskulp fûn, dêr't se op blaast. Guy, dy't deunby troch itselde oerwâld reizget, reägearret fuortendaliks, en wit troch it gebrûk fan fjoer de piranjakiten te ferdriuwen ear't se de Croods opfrette kinne.
Nei frijwat betizing dy't mank giet mei it earste kontakt fan 'e Croods mei fjoer, set Grug Guy finzen yn in holle beamstamme dy't er ûnder de earm meinimt, sadat de jonge him en syn húshâlding it paad wize kin nei in plak dêr't it feilich is. Guy riedt de berch yn 'e fierte oan, dêr't grif grotten wêze sille. Grug wol dêr earst neat fan witte, mar as er der tsjûge fan is hoe't in mammoet yn in hommels iepenbrekkende kleau yn 'e grûn ferdwynt, betinkt er him. Underweis kleie de oare Croods oan ien stik wei dat se wurch binne, mar Grug hat no syn sinnen set op 'e berch en harket nei nimmen mear. As de Croods honger krije, besykje Crug en Thunk om in fûgel syn aai te ûntfytmanjen, mar de fûgel is fernimstiger as harren. Uteinlik komme se werom mei in skorpioen, dy't se mei-inoar opite. Underwilens besiket Guy út te naaien, mar Eep hâldt him tsjin. Dêrop biedt er har oan om har te learen hoe't se jeie moat. Troch in strûp te lizzen, wit Guy de fûgel te fangen, wêrnei't er dy dielt mei de Croods.
Nei it iten fertelt Grug in ferhaal, dat, lykas al syn ferhalen, einiget mei de dea fan 'e haadpersoan, dy't tajoech oan nijsgjirrigens. Guy beslút ek in ferhaal te fertellen, oer in tiger dy't fan in klif springt en ûntdekt dat er fleane kin, wêrnei't er nei in plak fljocht mei ûntelbere sinnen yn 'e loft dat "Moarn" hjit, en dêr't er foar de rest fan syn libben lokkich en feilich is. De Croods fine it ferhaal fan Guy better as dat fan Grug. De oare deis ûntsnapt Guy fannijs as se oer in stik grûn moatte dat oerdutsen is mei stikjes fjoerskerp obsidiaan, sadat de Croods harren ferskriklike sear dogge as se der mei bleate fuotten oerhinne rinne wolle. Guy kriget begrutsjen mei de hoalebewenners en yn ruil foar it ôftankjen fan 'e holle beamstamme bringt er harren yn 'e kunde mei it ferskynsel "skuon".
Geandewei wurdt Guy almar mear de lieder fan it selskip, wylst de Croods almar minder nei Grug harkje. Dat docht sear. Nei't de famylje útinoar rekket yn in kalkstiennen labyrint witte se allegear de fierste kant te berikken troch Guy syn foarbyld te folgjen en plannen te betinken dy't harren helpe om obstakels te oerwinnen. Inkeld Grug slagget dat net, mei't er oanhâldend rûntsjes rint en wer by syn begjinpunt weromkomt, oant er troch de oaren rêden wurde moat. As Grug de bewûndering sjocht dy't syn famylje foar Guy begjint te fielen, wurdt er jaloersk, in emoasje dy't noch oanboazet as er foar it ferstân kriget dat Eep fereale rekke is op 'e jonge. Wanhopich besiket er Guy nei te bearen en ek nije dingen út te finen, om sa it respekt fan syn famylje werom te winnen, mar dêrmei wit er himsels allinnich mar yn ferlegenheid te bringen en syn famylje fierder yn 'e earms fan Guy te driuwen.
As se einlings de berch berikke, besiket Grug syn famylje lykas fan âlds in grot yn te driuwen om dêr safolle mooglik tiid yn it feilige tsjuster troch te bringen. Mar de Croods wolle dat net mear en fertelle him dat se net inkeld oerlibje, mar echt libje wolle, lykas Guy docht. Dat driuwt Grug ta razernij, dat hy falt Guy oan, dy't ferstannigernôch útnaait. Uteinlik bedarje se tegearre yn in tarreput, dêr't Guy oan Grug fertelt dat neat út in tarreput komt en dat se foar de dea opskreaun binne. Syn âldelju binne nammentlik jierren lyn, doe't er noch in lyts jonkje wie, ek yn in tarreput telâne kommen, en dat is harren dea wurden. Grug beseft dan lang om let dat de oerlibbingsmetoaden fan Guy better binne as syn eigen, en fiteret de jonge oan om wat te betinken dat harren rêde kin. Guy kriget yndie in idee. Mei help fan Belt lokje se Chunky de macawnivore, dy't harren noch altyd op it spoar is, nei harren ta en troch in list witte se it grutte bist safier te krijen dat er harren út 'e tarre skuort.
Fuort nei't Grug en Guy harren wer by de Croods jûn hawwe, moatte se de berch op flechtsje as de wrâld yn in skriklike ierdbeving útinoar begjint te skuorren. Oare kant in berchpas sille se de sinne nei Moarn folgje, mar troch in almar wider wurdende kleau wurde se dêrfan ôfsnien. Grug, dy't leart hat fan syn flaters, beslút syn ûnbidige krêft yn te setten troch Guy en de Croods oer de kleau hinne te smiten. Dat betsjut lykwols dat der net ien is om himsels te smiten, in hurde wierheid dy't Grug akseptearret. Troch de reek hinne dy't opstiget út 'e kleau sjocht er nei syn famylje oan 'e oare kant, dy't nei him wiuwt ear't de reek him it sicht benimt.
Grug keart dan werom nei de grot dy't er earder fûn hie, dêr't er alteast in mjitte fan feiligens ferwachtet te finen. Dat falt him raar ôf, mei't Chunky dêr ek beskûl socht hat. It komt tusken harren op in hier nei ta in konfrontaasje, mar in faai boalderjen djip yn 'e ierde makket de grutte kateftige sa benaud dat er út eangst Grug oankrûpt ynstee fan opfret. Grug kriget dan foar it earst in idee om harren allebeide oer de kleau hinne te bringen. Hy smart it bonkerak fan in grûnwalfisk yn mei tarre en lokket dan in swaarm piranjakiten. Tegearre mei Chunky siket er beskûl yn it bonkerak, dêr't de harren efterneidûkende piranjakiten dan oan klibjen bliuwe. Mei syn allen tille se it bonkerak de loft yn en troch in brânende toartse te brûken, dêr't de fûgels by út 'e buert besykje te kommen, kin Grug syn 'loftskip' stjoere. Op dat stuit begjint in nije ierdbeving, dy't it hiele lân oan diskant kleau ferwoastget. Grug stjoert syn loftskip de berchpas yn, dêr't er ûnderweis noch ferskate bisten oppikt dy't de Croods earder op harren reis tsjinkommen wiene. Wylst de hiele berch ta stof ferkrommelet, fljocht it loftskip de kleau oer en stoart oarekant del. Grug en syn nije húsdieren wurde weriene mei de Croods, dy't neitiid in nij wenstee fine op in tropysk strân, dêr't se eltse dei de sinne nei Moarn folgje kinne.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Grug Crood Nicolas Cage Eep Crood Emma Stone Guy Ryan Reynolds
byrollen personaazje akteur/aktrise Ugga Crood Catherine Keener Thunk Crood Clark Duke beppe Cloris Leachman Belt, Guy syn domestisearre loaiert Chris Sanders De lûden dy't de pjut Sandy Crood makket, waarden troch lûdstechnikus Randy Thom produsearre troch bistelûden te miksen.
Produksje Yn 'e iere jierren 2000 wurken regisseur Kirk DeMicco en akteur John Cleese gear oan in ferhaal foar in animaasjefilm op basis fan it berneboek The Twits (yn it Nederlânsk publisearre as De Griezels), fan skriuwer Roald Dahl. Mei dat projekt waard it nea wat. De bazen by de Amerikaanske tekenfilmstudio DreamWorks Animation krige lykwols in eksimplaar fan harren senario ûnder eagen, en hiene wol niget oan harren skriuwstyl. Dat DeMicco en Cleese waarden útnûge om ris yn 'e steapel ideeën foar films te sjen dy't de studio troch de jierren hinne gearfandele hie, oft der ek wat tusken siet dat se fierder útwurkje woene. De beide mannen diene dat, en keazen in hiel globaal idee út foar in ferhaal oer twa hoalebewenners op 'e flecht, wêrfan't de iene in útfiner en de oare sa dom as oalje wie. Op basis dêrfan skreaune se de earste pear ferzjes fan it skript fan wat doe noch de wurktitel Crood Awakening droech (in wurdboarterij op Crude Awakening, mei deselde útspraak en de betsjutting "rûch wekkerwurden")