Small Favor is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Lytse Geunst" (yn 'e sin fan "a small favor"), mar it is in wurdboarterij dy't ek lêzen wurde kin as "net bot yn 'e geunst stean [by immen]" (fan "to be in small favor [with someone]"). It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it tsiende diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op White Night. Yn Small Favor rekket Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, yn it nau fanwegen in âlde geunst dy't er skuldich is oan Mab, de keninginne fan it Winterhôf. Small Favor waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. __TOC__ Ynhâld As yn Chicago de winter al om Halloween hinne ynfalt, mei in tsjûk pak snie dat de stêd bedekt, rekket tsjoender en privee-detektive Harry Dresden behelle yn in nij aventoer. In sniebalgefjocht by de Carpenters, de húshâlding dêr't syn jonge learlinge Molly ta heart, wurdt wreed ûnderbrutsen as in stikmannich geit-eftige wêzens út it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike, besykje om Harry, Molly en Molly har jonge bruorren en susters te fermoardzjen. Harry wit de wêzens langernôch dwaande te hâlden dat Molly, har âldste broer Daniel en harren mem Charity de bern yn feilichheid bringe kinne. As Charity dêrnei fanwegen komt mei in spikerpistoal, blaze de geitwêzens gau-gau de ôftocht om't se beslist net kinne oer de oanrekking fan izer of stiel (dat in bewurke foarm fan izer is). Ien fan harren bliuwt dea yn 'e snie efter.
Thús kommen oerleit Harry oer de oanfal mei Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. Bob ornearret dat de geitwêzens ierdgeasten fan it Winterhôf wêze moatte, dy't wraak nimme wolle foar it binnenkringen troch Harry en Charity fan Arctis Tor, it kastiel fan 'e winterkeninginne Mab (sjoch: Proven Guilty). Mar Harry hat it gnabjende gefoel dat er ris wat oer sokke geitwêzens lêzen hat. Nei in lange syktocht fynt er wat er siket yn in âld manuskript. It blykt te gean om gruffs, bekend út it (fan oarsprong Noarske) mearke The Three Billy Goats Gruff. It is foar Harry in faai teken dat de gruffs yn it mearke allegearre in âldere broer hawwe, dy't eltse kear grutter en sterker is. Noch faaier is dat de gruffs ierdgeasten fan it Simmerhôf binne, en operearje as hiermoardners yn 'e tsjinst fan 'e simmerkeninginne Titania. Harry moat dus wat dien hawwe dêr't er de grime fan Titania mei oer him ôfroppen hat, mar hy soe net witte wat. Utsein, fansels, dat er jierren lyn Aurora, de sljochtsinnich wurden dochter fan Titania, om hals brocht hat (sjoch: Summer Knight).
Harry lit de saak earst rêste as er troch syn goede freondinne Karrin Murphy, dy't wurket by de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, by in nuvere saak roppen wurdt. In leechsteand flatgebou is op mysterieuze wize ferrinnewearre, sadat ien side hielendal fuortslein is. Harry stelt op it plak fêst dat soks dien is troch it gebrûk fan magy, mar hy kin him suver net foarstelle wa't sa'n ûnbidige soad magy brûke kin (of wol) foar sa'n nuveraardich doel. Murphy jout him in oanwizing: it gebou is eigendom fan "Gentleman Johnny" Marcone, de maffiabaas fan Chicago, dy't mei strange hân de pleatslike ûnderwrâld regearret. Harry, dy't Marcone net lije mei, hat troch de jierren hinne ferskate kearen gedoente mei him hân. De lêste kear wie in goed fearnsjier lyn, doe't er troch omstannichheden twongen wie om 'e help fan Marcone yn te roppen (sjoch: White Night). As tsjinprestaasje hat Harry Marcone neitiid holpen om him as frijhear oan te sluten by de Unseelie Akkoarten, in ferdrach tusken de ûnderskate boppenatuerlike naasjes; Marcone hope dêrmei syn ynfloed ek út te wreidzjen nei de boppenatuerlike wrâld en Harry hope Marcone in motyf te jaan om Chicago te ferdigenjen tsjin ynkringing troch boppenatuerlike wêzens.
Om mear te witten te kommen oer wat der mei it leechsteande flatgebou bard is, ropt Harry de help yn fan Toet-toet, in elfke dat him al faker holpen hat. Harry stiet tige goed oanskreaun by de minuskule fleanende wêzentsjes, mei't er harren geregeldwei op pizza traktearret en om't er noch net sa lang lyn de frijlitting fan in stikmannich fan harren bewurkmastere hat, dy't finzennommen wiene troch ien fan syn bûnsgenoaten (sjoch: White Night). Toet-toet giet daliks op ûndersyk út om te sjen oft ien fan 'e oare elfkes ek tsjûge west hat fan wat der mei it flatgebou bard is, mar hy komt yn panyk werom en hjit Harry te draven foar syn libben. Harry komt lykwols net fier foar't in sniestoarm him alle sicht benimt en him desoriïntearre efterlit. Yn it hert fan 'e stoarm ferskynt Mab, de keninginne fan Lucht en Tsjuster, hearskeresse oer it Winterhôf fan 'e ierdgeasten en ien fan 'e machtichste wêzens dêr't Harry ea gedoente mei hân hat. Hja hat jierren lyn trije geunsten fan Harry tegoede krigen, wêrfan't er ûnderwilens ien ynlost hat. No wol se de twadde geunst fan him hawwe, en dêrta lit se him sjen wat der mei it ferrinnewearre flatgebou bard is. Harry sjocht Marcone, begelaat troch syn trouwe liifwacht Hendricks en syn befeiligingsadviseur Miss Gard (eins de walkuere Sigrún) by it gebou arrivearjen. Se wurde oanfallen troch in ûnsjoene fijân, flechtsje it gebou yn en slute harrensels op yn in panykkeamer. Nei't it gebou mei magy ferrinnewearre is, slepe ûnbekenden Marcone nei bûten ta en ûntfiere him. Mab wol dat Harry Marcone opspoart en befrijt. Harry is dêr net bliid mei, mar dat lit de winterkeninginne kâld. Wol jout se him noch mei, foar't se like mysterieus ferdwynt as se ferskynd is, dat sy net it gefaar wie dêr't Toet-toet him foar warskôge.
Sadree't Mab ferdwûn is, en mei har de sniestoarm, sjocht Harry twa gruffs op him ôfkommen. Hy naait út, wit nauwerneed in trêdenien te ûntwiken en flechtet in gebou mei in izeren tagongsdoar yn, dêr't er fia it dak ûntkomme kin. Hy siket beskûl yn in kafee, dêr't er him ôfhelje lit troch syn healbroer Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf. As se ûnderweis nei hûs oanstekke wolle by in restaurant, komt Fix, de Simmerridder, harren dêr oer it mad. Dat is ornaris in freon fan Harry, mar no hâldt en draacht er him oars as oars en besiket er Harry mei bedriging en yntimidaasje safier te krijen dat dy him net mei de ûntfiering fan Marcone bemuoit. It duorret eefkes foar't it Harry begjint te daagjen, mar dan begrypt er dat Fix op 'e nij in betsjoening fan Titania, de simmerkeninginne, oplein krigen hat, dy't makket dat er Harry net helpe kin. Hy besiket dat no dochs te dwaan op 'e iennichste manear dy't foar him noch mooglik is. Ek makket er Harry dúdlik dat de gruffs efter him oansitte om't er de gesant fan Mab is, wat betsjut dat Titania earder fan Mab har bedoelings ôfwist as Harry sels. Fix jout him ôf mei de opmerking dat Harry om it ikeblêd tinke moat. Dat is in sulveren ûnderskieding dy't er fan Titania krigen hat yn ferbân mei syn bestoarming fan Arctis Tor, mar troch Fix syn stille wink beseft Harry no dat it ding ek funksjonearret lykas in trackingapparaatsje, sadat de gruffs Harry oeral fine kinne. Om wraak te nimmen en wat bewegingsfrijheid te krijen, hinget Harry it ding thús boppe syn makette fan 'e binnenstêd fan Chicago en lit syn kat Mister dermei boartsje nei't er der in betsjoening op lein hat dy't makket dat Harry foar de gruffs oeral yn it echte Chicago liket te wêzen dêr't Mister it ikeblêd yn 'e makette hinne slacht.
Mei Thomas bejout Harry him nei Executive Priority Health, in sportskoalle fan Marcone dy't eins in front is foar de Velvet Room, in tige eksklusyf bordeel. Dêr siket er de madam op, Miss Demeter, dy't eins Helen Beckitt hjit (sjoch: White Night). Hja is de faam of mêtresse fan Marcone, en Harry besiket út har ynljochtings los te krijen oer wat der mei Marcone bard is. Demeter hâldt de boat lykwols ôf, oant in Torelli opdaagjen komt, ien fan Marcone syn ûnderhearrigen, dy't mient dat er de boel oernimme kin no't de grutte baas der net is om him yn it stokramt te hâlden. As Demeter wegeret om him ynsjoch te jaan yn 'e boekhâlding fan it bordeel, stjoert Torelli twa fan 'e fjouwer bruiers, dy't er by him hat, op har ôf om har in pak op 'e hûd te jaan. Dat giet Harry, dy't Demeter net lije mei en him oant safier ôfsidich holden hat, te fier. Hy en Thomas weve handich mei Torelli-en-dy ôf, wêrnei't dy mannen mankepoatsjend ôfdrippe. Dêrnei wol Demeter Harry wol fertelle wat se wit, al lit se him ûnthjitte dat er syn bêst dwaan sil om Marcone te helpen foar't se him trochwiist nei in ûnderdûkadres yn in noch fierhinne leechsteande nijbouwyk yn in noardlike foarstêd fan Chicago.
As Harry en Thomas dêr arrivearje, docht bliken dat Hendricks en Gard harren dêr beskûl hâlde. Gard is swierferwûne oan 'e búk, mar se is gjin gewoane minske, en se bewissiget derfan Harry dat se der net oan stjerre sil. Harry besiket har út te kloarkjen oer de ûntfiering fan Marcone, mar ear't se him fertelle kin wa't dêrefter sit, wurdt it hûs oanfallen troch leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje. Dat binne minsken dy't elts ien fan 'e Tritich Sulverstikken fan Judas Iskariot opnommen hawwe, dêr't fallen ingels oan ferbûn binne dy't harren boppenatuerlike krêften jouwe. Harry hat alris earder mei harren te krijen hân (sjoch: Death Masks), dat hy wit wat er oan harren hat. Hy en Thomas witte de oanfal ôf te slaan, wêrnei't ien fan harren, in jonge frou dy't har feroarje kin yn in soarte fan reuseftige fleanende bidsprinkhoanne, mei Harry besiket te ûnderhanneljen. De denaarjers binne ferantwurdlik foar de ûntfiering fan Marcone, en se wolle dat Harry harren Hendricks en Gard ek jout, wêrnei't se him en Thomas libben gean litte sille. Harry slacht ynstee foar dat de denaarjers op stel en sprong Chicago ferlitte sille, en dat hy harren dan net om hals bringe sil. It bidsprinkhoannefanke jout him fiif minuten betinktiid en giet werom nei har trewanten, mar sy en de oaren falle fuort dêrnei op 'e nij oan. Dat komt Harry net oer it mad, want dêr hied er al op rekkene. Hy blaast mei syn tsjoenderij de hiele foargevel fan it hûs derút, en wylst de measte denaarjers tydlik ûnder de brokstikken fêstsitte, spylje Harry en Thomas mei Hendricks en Gard fan rutens yn Thomas syn auto.
Pas dêrnei docht bliken dat Thomas, dy't omreden fan it winterwaar wanten draacht, ien fan 'e sulverstikken opkrigen hat, dy't te foarskyn rûgele doe't er ien fan 'e denaarjers deade. Harry behannelet it ding mei ekstreme soarchfâldichheid en beseft dat se it daliks oerdrage moatte oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't metoaden ûntwikkele hat om mei sokke nuodlike foarwerpen om te gean. Syn kontaktpersoan, pastoar Anthony Forthill fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, sil lykwols frijwol wis troch de denaarjers yn it each holden wurde, dat Harry beslist om mei syn passazjiers en it sulverstik nei Michael Carpenter te gean. Dat is de heit fan syn learlinge Molly, mar it is ek in Ridder fan it Krús, ien fan trije troch God bejeftige striders dy't tarist binne mei in swurd dêr't in spiker yn ferwurke is dy't brûkt is by de Krusiging fan Jezus. As Harry-en-dy by it hûs fan 'e Carpenters oankomme, docht bliken dat Sanya dêr ek is, in negroïde Rus dy't de oare hjoeddeistige Ridder fan it Swurd is (de posysje fan 'e trêde ridder is noch altyd fakant, sjoch: Death Masks).