La La Land is in Amerikaanske romantyske komeedzjedrama-, musical- en dûnsfilm út 2016 ûnder rezjy fan Damien Chazelle, mei yn 'e haadrollen Ryan Gosling en Emma Stone. De titel is in bekende bynamme fan 'e stêd Los Angeles, mar ek in Ingelsktalich eufemisme foar in mentale steat wêryn't men de dingen net reälistysk ûnder eagen sjocht. It ferhaal giet oer in ferearmoede jazzpianist en in jonge aktrise yn Los Angeles, dy't fereale reitsje en in relaasje krije, mar kieze moatte tusken harren leafde en harren dreamen. La La Land waard yn 2016 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. De film waard tige goed ûntfongen troch de filmkritisy en ûntjoech him ek ta in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Hy wûn in frijwat prizen, mei dêrûnder seis Oscars, sân Golden Globes en fiif BAFTA's. Sa waard La La Land útornearre as winner fan 'e Golden Globe yn 'e kategory Bêste Film – Musical of Komeedzje. De film griep lykwols krekt njonken de Oscar foar Bêste Film.

Plot Wylst se fêstsit yn in file yn Los Angeles, belibbet de jonge Mia Dolan, dy't dreamt fan in karriêre as aktrise, in momint fan ferkearsagresje rjochte tsjin Sebastian Wilder, in ferearmoede jazzpianist. Nei in minne dei op har wurk as servearster rint de audysje dêr't se har hoop op fêstige hie út op in teloarstelling as de casting director har tillefoan oannimt wylst Mia in emosjonele sêne spilet. Dy jûns nimme Mia har hûsgenoates har, om har op te fleurjen, mei nei in wielderich feest yn 'e rike buert Hollywood Hills. Se spegelje har foar dat se mank de withoefolle oanwêzigen grif immen moetsje sil dy't har helpe kin har aktearkarriêre oan 'e gong te krijen. De dei einiget foar har lykwols krekt sa't er begûn is as se nimmen moetet dy't oan dy omskriuwing foldocht, wêrnei't se ûntdekt dat har auto fuortsleept is en se twongen is om op ûnnoflike skuon it hiele ein nei hûs te rinnen.

Underwilens wurket Sebastian dyselde jûns as pianist yn in restaurant, dêr't er troch de eigner warskôge wurdt om inkeld tradisjonele krystlieten te spyljen. Hy kin himsels lykwols net behearskje en begjint dochs mei in jazz-ymprovisaasje. It is dy muzyk dy't Mia heart as se ûnderweis nei hûs by it restaurant lâns komt. Se giet nei binnen ta, dêr't se der tsjûge fan is hoe't Sebastian troch de yrritearre eigner ûntslein wurdt. As er lulk en fernedere de saak ferlit, besiket se him te komplimintearjen wylst er by har lâns skonket, mar hy stegeret har op ûnfatsoenlike wize ôf.

Ferskate moannen letter moetsje se inoar wer op in feest, dêr't Sebastian yn in coverband popmuzyk út 'e 1980-er jierren spilet. Mia nimt wraak troch in nûmer oan te freegjen dat er dúdlik ferfelend fynt om spylje te moatten. Oan 'e ein fan 'e jûn rinne se tegearre werom nei harren auto's, wylst se harren bekleie oer it feit dat sa'n leaflike jûn bedoarn wurdt trochdat se yn inoars selskip ferkeare, ek al springt der dúdlik in fonk tusken harren beiden oer.

Letter siket Sebastian Mia op har wurk op; se is servearster yn in kofjehûs yn it studioklompeks fan Warner Bros. As se skoft hat, liedt se him rûn troch de studio's, wylst se fertelt fan har dream om 'it te meitsjen' yn Hollywood. Sebastian nimt har mei nei in jazzklub en fertelt har oer syn pasje foar jazz-muzyk en syn hope om ea syn eigen jazzklub te iepenjen. Hy nûget Mia út om mei him nei in fertoaning te gean fan 'e âlde film Rebel Without a Cause. Se stimt ta, mar ferjit dêrby dat se op dat tiidstip se al in ôfspraakje mei har frijer Greg hat. As se har lykwols dea ferfeelt mei Greg en syn freonen, naait se út en jout se har dochs noch by Sebastian, krekt foar't de film begjint. Se beëinigje de jûn mei in besyk oan it ferneamde Griffith Observatoarium.

Nei in hiele rige mislearre audysjes beslút Mia, dêrta oanfitere troch Sebastian, om in ienpersoanstoanielstik te skriuwen. Sebastian begjint op geregelde basis yn in jazzklub op te treden, en hy en Mia lûke byinoar yn. Keith, in eardere klasgenoat fan Sebastian, freget him om 'e keyboardspiler yn syn jazz fusion-band te wurden. Dat hat as foardiel dat er in fêst ynkommen hawwe soe en dat it goed betellet, mar de popmuzykeftige styl fan 'e band fynt Sebastian ferskriklik. As er lykwols Mia oan 'e tillefoan mei har mem praten heart, wêrby't se har mem derfan besiket te oertsjûgjen dat Sebastian wol deeglik oan syn karriêre wurket, beslút er Keith syn oanbod oan te nimmen.

De band wurdt al rillegau tige súksesfol, mar Mia hat har twifels oer de hiele brot, mei't se beseft dat dit net de muzyk is dy't Sebastian spylje wol. Hy wiuwt har soargen lykwols fuort. As de band foar it earst op toernee giet, wat betsjut dat Sebastian withoelang fan hûs moat, krije hy en Mia rûzje. Sy beskuldiget him derfan dat er syn dreamen opjûn hat, wylst hy weromslacht troch te sizzen dat se jaloersk is op syn súkses. Op 'e jûn dat Mia har ienpersoansstik yn premiêre giet, is Sebastian dêr net by oanwêzich om't syn band in fotoshoot foar publisiteitsfoto's hat dy't er fergetten wie. De opfiering, foar in frijwol lege seal, rint út op in fiasko as it hantsjefol publyk dat der wol is, der dúdlik neat oan fynt. Sebastian komt pas opdaagjen as Mia, dy't har fernedere fielt, it teäter ferlit om nei hûs ta. Se wegeret him te ferjaan foar it feit dat er har stikke litte hat, sa't sy it sjocht. Se makket it mei him út en ferhuzet werom nei har âldershûs yn Boulder City (Nevada).

In deprimearre Sebastian kriget in pear dagen letter in casting director oan 'e tillefoan, dy't Mia har stik sjoen hat en dy't har op it each hat om audysje te dwaan foar in film. Sebastian, dy't it tillefoannûmer fan har âldelju net hat, mar út har ferhalen wol wit wêr yn Boulder City oft hja wenje, riidt hielendal nei Nevada om it boadskip oer te bringen. Mia fielt der earst neat foar om wer nei Los Angeles ta, mar nei't se der in nacht oer sliept hat, betinkt se har. Op 'e audysje wurdt har ienfâldichwei frege in ferhaal te fertellen; Mia fertelt dan hoe't har muoike, in toanielaktrise dy't stoarn is oan alkoholisme, har ynspirearre hat om har dreamen nei te jeien. Sebastian, dy't der alle fertrouwen yn hat dat de audysje in súkses wurden is, trunet Mia oan om har hielendal op har aktearkarriêre te stoarten. Se bewissigje inoar derfan dat se altyd faninoar hâlde sille, mar se binne ûnwis oft se wol in takomst tegearre hawwe.

Fiif jier letter is Mia ien fan 'e grutste stjerren fan Hollywood, mar is se troud mei in oare man, David, mei wa't se in dochterke hat. Op in jûn, as se ûnderweis nei in galafeest yn in file fêst driigje te reitsjen, beslute se in oare ôfslach te nimmen om in rêstich restaurant te sykjen dêr't se ite kinne. Se komme by in jazzklub lâns, dy't it logo fierd dat Mia ienris foar Sebastian ûntwurpen hie. Mia beseft dat it Sebastian dochs slagge is en iepenje syn eigen saak. Se nimt har man mei nei binnen sûnder him wat oer har redens te fertellen. As Sebastian Mia yn it publyk opmerkt, spilet er inkeld foar har op 'e piano it leafdestema er ienris foar har skreaun hie. Yn in dreamsêne is dan te sjen wat wêze kinnen hie as Sebastian Mia har komplimint dy earste jûns yn it restaurant oannommen hie. Harren relaasje en harren karriêres hiene dan lykop gean kinnen, sadat se noch lang en lokkich libbe hiene. As it muzykstik einiget, stjerre ek de dreambylden wei. Mia wikselet in gâns sizzende blik mei Sebastian út en ferlit de jazzklub mei har man.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Sebastian Wilder Ryan Gosling Mia Dolan Emma Stone

byrollen personaazje          akteur/aktrise Keith John Legend Laura Wilder Rosemarie DeWitt Greg Finn Wittrock Tracy Callie Hernandez Caitlin Sonoya Mizuno Alexis Jessica Rothe Bill J.K. Simmons David Tom Everett Scott Josh Josh Pence

Produksje en distribúsje Preproduksje La La Land wie fan it begjin ôf in projekt fan regisseur Damien Chazelle. Sûnt syn teenerjierren hied er in swak foar musicals, en hy skreau it senario fan La La Land al yn 2010, doe't er gjin inkele hoop hie om it ea te ferfilmjen. Chazelle wie yn dy tiid in studint oan 'e Universiteit fan Harvard, en in oare studint, syn maat Justin Hurwitz, skreau de muzyk. It idee fan Chazelle wie om 'e âlde filmmusical út 'e 1950-er jierren en earder te nimmen, mar dy in fûnemint te jaan fan it echte libben, dêr't dreamen net altyd útkomme. Hy en Hurwitz makken harren proefskrift oer de musical, dêr't se in lowbudget-produksje fan op 'e planken brochten mei de titel Guy and Madeline on a Park Bench, oer in jazz-muzikant yn Boston.

Nei't se harren stúdzje ôfrûne hiene, ferfearen Chazelle en Hurwitz allebeide nei Los Angeles. Chazelle gie troch mei it wurkjen oan syn musicalskript, wêryn't er Boston ferfong troch syn nije wenplak en ek inkele oare oanpassings makke. Hy krige it idee om mei de musical ek in salút te bringen oan kreätivelingen dy't nei Los Angeles ta ferfarre om harren dreamen te folgjen. Ynspirearre troch klassike musicalfilms as Manhattan (1921) en Man with a Movie Camera (1929), besleat er ek de stêd sels in gruttere rol yn 'e musical te jaan, mar ynstee dat er besocht de sjarmes fan Parys of San Francisco te belykjen, lei er de fokus op dingen wêrfan't er fûn dat dy Los Angeles fan oare stêden ûnderskaten, lykas it ferkear, de útstrutsenens en de skyline.

It slagge Chazelle lykwols jierrenlang net om syn musical te meitsjen, mei't gjin inkele filmstudio ree wie om in orizjinele hjoeddeistige musical te finansieren dêr't gjin ferskes yn sieten dy't al bekend wiene. Boppedat wie it ek noch in jazz-musical, in subsjenre wêrfan't The Hollywood Reporter skreau dat it "útstoarn" wie. Fia-fia kaam Chazelle yn 'e kunde mei de filmprodusinten Fred Berger en Jordan Horowitz, dy't syn senario by de studio Focus Features yntrodusearren. Der waard in budget fan $1 miljoen foar beskikber steld, mar de studio stelde as betingst dat der feroarings makke wurde moasten yn it skript: de manlike haadpersoan moast feroare wurde fan in jazz-muzikant yn in rockmuzikant; it yngewikkelde iepeningsnûmer moast oanpast wurde, en de bitterswiete ûntknoping moast út it ferhaal knipt wurde. Chazelle gie dêr net mei akkoart. It gefolch wie dat de musical foarearst net makke waard en dat Chazelle mei oare dingen oan 'e gong gie.

Hy skreau in oare musical, Whiplash, dy't makliker te ferkeapjen wie om't it gou as in minder riskante ynvestearring. Doe't dy film nei syn earste fertoaning op it Sundance Filmfestival fan 2014 rûnom mei lof ûntfongen waard troch de filmkritisy, besocht Chazelle op 'e nij om syn earste musicalprojekt, no ûnder de titel La La Land, te ferwêzentlikjen. Doe't Whiplash yn 2015 fiif Oscarnominaasjes yn 'e wacht sleepte (wêrûnder dy foar Bêste Film) en hast $50 miljoen opbrocht tsjin in budget fan $3,3 miljoen, stiene de filmstudio's ynienen foar him yn 'e rige. Begjin dat jiers sleat er in oerienkomst mei Summit Entertainment om 'e film te meitsjen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Miles Teller en Emma Watson de haadrollen fertolkje soene, mar doe't dy net beskikber blieken te wêzen, foel de kar op Ryan Gosling en Emma Stone.

Opnamen Mei Chazelle sels as regisseur giene de rippetysjes foar La La Land yn maaie 2015 yn in produksjekantoar yn Atwater Village (Los Angeles) fan start. Se duorren trije oant fjouwer moannen, mei't Gosling, dy't noch nea piano spile hie, yn 'e film alle pianospyljen eigenhandich docht. De opnamen setten sadwaande útein op 10 augustus 2015 en giene troch oant mids septimber. Lokaasjes foar de opnamen wiene û.m. de Colorado Street Brêge, de Warner Bros. Studios yn Burbank en it Griffith Observatoarium.