Moana (yn beskate lannen en territoaria, wêrûnder Nederlân, útbrocht as Vaiana, sjoch hjirre) is in Amerikaanske jûnfoljende kompjûteranimearre tekenfilm, makke troch de Walt Disney Animation Studios en útbrocht troch Walt Disney Pictures yn novimber 2016. It wie de 56e lange Disney-tekenfilm, en kin omskreaun wurde as in musical, famyljefilm, aventoerefilm, aksjekomeedzje en coming-of-agefilm. Moana waard regissearre troch John Musker en Ron Clements, nei in senario fan Jared Bush, en mei muzyk fan Mark Mancina. It ferhaal giet oer Moana, in jong Polynezysk famke, dat lykme-allinnich ôfset oer see om har folk te rêden. Moana har stim waard ynsprutsen troch de jonge stimaktrise Auli‘i Cravalho yn har filmdebút, wylst akteur Dwayne Johnson ('The Rock') syn stim liende oan 'e healgod Maui. Moana waard nonimearre foar twa Oscars, twa Golden Globes, in Grammy, in BAFTA, in Satellite Award, in Saturn Award, twa Empire Awards en ferskate oare prizen. De film wûn in Annie Award en in American Music Award.

Plot Op it Polynezyske eilân Motunui (útspr.: "mo-tû-noei") ferearje de bewenners de goadinne Te Fiti, dy't libben brocht hat yn 'e oseaan, wêrby't hja in pounamu-stien as har hert en de sit fan har macht brûkte. Mar Maui, in nei beleavjen fan stal ferwikseljende healgod en trickster, stelt it hert fan Te Fiti om 'e minskheid de macht fan skepping te jaan. Dêrtroch falt it eilân dat Te Fiti foarme, lykwols ta proai oan in foarm fan ferrotting, dy't him dêrnei almar fierder oer de oseaan útwreidet. Wylst Maui yn 'e foarm fan in hauk mei it hert fan Te Fiti útnaait, wurdt er oanfallen troch in oarenien dy't de macht fan skepping hawwe wol: de fulkaandemon Te Kā, dy't him út 'e loft slacht. Dêrby ferliest Maui net inkeld it hert fan Te Fiti, mar ek syn reuseftige fiskheak, dy't de sit fan syn macht foarmet. Beide reitsje ferlern op 'e boaiem fan 'e see. Fan Maui wurdt neitiid nea mear wat fernommen.

Tûzen jier letter spielt de oseaan it hert fan Te Fiti oan op it strân fan Motunui, dêr't de pjut Moana, de dochter fan Tui (útspr. "toei"), de haadman fan Motunui, troch de oseaan útkeazen wurdt om 'e stien nei it eilân fan 'e goadinne werom te bringen. Tui ûntdekt syn dochterke lykwols oan it strân en nimt har mei werom nei it doarp, wêrby't se it hert fan Te Fiti kwytrekket. Tui en syn frou Sina, Moana har mem, besykje har by de see wei te hâlden en har ta te rieden op it oernimmen fan it haadmanskip fan Tui. Lange tiid stiet de opgroeiende Moana yn twastriid: de see ropt har, mar har folk is har nedich. It liedt ta oanboazjende swierrichheden yn 'e relaasje mei har heit, dy't neat fan 'e see hawwe moat en har kear op kear op it hert drukt dat har takomst op it eilân leit en dat nimmen útfarre mei oant foarby it rif dat it eilân omjout. Uteinlik fertelt Sina har dochter dat se krekt is sa't har heit op har jierren wie. Tui hearde nammentlik ek de rop fan 'e see, en doe't er dêroan tajoech, en mei syn bêste freon útfear foarby it rif, waard harren boat troch de brâning stikken slein en kaam syn bêste freon te ferdrinken.

As Moana sechstjin jier is, berikt de ferrotting einlings Motunui, mei as gefolch dat de fisken de see om it eilân hinne ferlitte, de planten op it eilân ferwylje en de fruchten dêr't de eilânbewenners ôfhinklik fan binne foar harren libbensûnderhâld oantaast wurde en ferrotsje ear't se ryp genôch binne om rispe te wurden. Moana oppenearret om te besykjen en fiskje bûten it rif, mar dêr wol har heit neat fan witte. It fanke is lykwols like koppich as har heit, dat se fart sels yn in boatsje út mei inkeld har barchje Pua by har. Mar de brâning by it rif slacht har boatsje stikken, en se hellet it by de dea om 't ôf.

Dan lit har beppe Tala oan Moana in geheime grot sjen dêr't in stikmannich gruttere, seeweardige katamarans ferstoppe binne. Sa ûntdekt Moana dat har folk foarhinne út reizgers bestie, nomaden fan 'e see, dy't fan it iene nei it oare eilân doarmen. Dêr kaam lykwols in ein oan doe't Maui it hert fan Te Fiti stiel, om't de oseaan doe langer net feilich wie. Tala fertelt Moana dat de ferrotting fuortkomt út 'e dieverij fan it hert fan Te Fiti, dat in tsjuster yn 'e wrâld brocht hat dy't no Motunui oanfret en stadichoan fergiftiget. Dat kin inkeld tsjinholden wurde as immen de see op giet om Maui te sykjen en it hert fan Te Fiti oan 'e goadinne werom te jaan. Tala bringt dan út dat se derby wie, de deis dat de oseaan de pjut Moana útkarde foar dy taak, en dat se it hert fan Te Fiti oppakt en al dy jierren bewarre hat. No jout se it werom oan Moana. Koarte tiid letter rekket Tala slim yn 'e minnichte, en op har stjerbêd hjit se Moana dat se daliks ôfsette moat op 'e reis om 'e wrâld te rêden.

Dyseldichste nacht noch, wylst har âlden drok binne mei de stjerrende Tala, fart Moana út op in camakau (in lyts soarte katamaran) út 'e geheime grot. Dy steviger boat wjerstiet de krêft fan 'e brâning bûten it rif. Ienris op iepen see ûntdekt Moana dat de ûnnoazele hoanne Heihei, ien fan har húsdieren, oan board slûpt is en har no op har reis beselskipje moat. Moana wit frijwol neat fan silen en hat muoite har boat op koerts te hâlden. As se inkele dagen ûnderweis is, wurdt se oerfallen troch in tyfoan. Mei Heihei en har (net bot skansearre) boat spylt se oan op in lyts, ûnbewenne eilantsje, dêr't Maui de lêste tûzen jier fêstsitten hat.

De healgod blykt in grutsprekker en sweeslagger te wêzen, dy't oanhâldend fertelt oer syn eigen heldedieden. As Moana dêr net fan ûnder de yndruk rekket en easket dat er har helpt om it hert fan Te Fiti werom te jaan, stegeret er har ôf. Ynstee slút er har op yn in grot en naait er út mei har boat. Moana wit lykwols út 'e grot te ûntsnappen, en mei help fan 'e oseaan jout se har op 'e boat by Maui. Dy lit har dêr mei tsjinnichheid ta nei't er har ferskillende kearen oerboard smiten hat, wêrnei't de oseaan har like hurd wer op it dek set.

Wylst se noch redendiele oer wêr't se hinne sille, wurde se oanfallen troch kakamora, lytse wêzentsjes dy't fan 'e seerôverij libje en harsels elts mei in kokosnút bepânsere hawwe. De wêzens wolle it hert fan Te Fiti stelle, mar troch gear te wurkjen, witte Moana en Maui harren te fluch ôf te wêzen. Neitiid wit Moana Maui te manipulearjen troch him wiis te meitsjen dat er gjin held mear is sûnt er it hert stellen en dêrmei de wrâld ferflokt hat, mar dat de minsken foar ivich syn heldedieden besjonge sille as er har helpt it hert werom te bringen en de wrâld te rêden.

Ear't Maui dat dwaan kin, moat er earste syn magyske fiskheak weromfine, dy't de sit fan al syn macht is. Nei syn konfrontaasje mei de demon Te Kā is it ding yn see fallen, dêr't it yn Lalotai bedarre is, it ryk fan 'e meunsters. Maui ornearret dat dat betsjut dat de fiskheak no yn it besit is fan syn fijân Tamatoa, in reuseftige, ynklauwerige kokoskrab. Mei Moana reizget Maui nei Lalotai, dêr't er syn fiskheak weromstelt wylst Moana Tamatoa ôfliedt. It docht lykwols bliken dat Maui syn stalferwikselingsproses net mear behearskje kin, sadat er feroaret yn dingen dy't er net wêze wol. Dêrtroch kin Tamatoa him maklik oerwinne. Troch Moana har fernimstigens wit it duo dochs noch mei de fiskheak te ûntkommen. Werom oan board fan harren boat lit Maui de moedfearren alhiel hingje, mar Moana praat him nije moed yn en drukt him op it hert dat de stalferwikseling net wat is dat him fan bûtenôf oerkomt, mar fuortkomt út wa't er is. Dat idee helpt Maui om syn stalferwikselings wer ûnder kontrôle te krijen. Ut tank ûnderrjochtet er Moana om in folleard seesiler te wurden.

As se tegearre by it eilân fan Te Fiti arrivearje, wurde se oanfallen troch de fulkaandemon Te Kā, wêrby't de fiskheak fan Maui slim skansearre rekket. As de krêften fan 'e demon en Maui inoar reitsje, folget der in ûnbidige eksploazje, dy't Moana har boat fier weromdriuwt de oseaan op. Mar Moana hat sjoen dat Te Kā fêstsit op 'e barriêre-eilannen om it eilân fan Te Fiti hinne, en dat er net oer de see dêromhinne kin, dy't syn flammen útdwêstgje. Se wol it nochris besykje, mar Maui, dy't benaud is om syn fiskheak (en dêrmei syn krêften) hielendal en foargoed te ferliezen, wegeret. Se krije spul en Maui feroaret himsels yn in hauk en fljocht fuort. Dan is Moana oan bar om 'e moedfearren hingje te litten, mar yn 'e nacht wurdt se besocht troch de geast fan har ferstoarne beppe Tala, dy no de foarm fan in opljochtsjende roch oannommen hat. Dy bringt har har ropping tebinnen en jout har dêrmei de moed om it allinnich tsjin Te Kā op te nimmen.

Moana sylt werom nei it eilân fan Te Fiti, dêr't se Te Kā te fluch ôf is en troch in kleau yn 'e barriêre-eilannen hinne sylt. Yn 'e lagune stiet se lykwols bleat oan 'e fjoerballen dy't de demon efter har oan goait. Krekt op it stuit as se rekke driget te wurden, keart Maui werom, dy't op 'e nij de striid mei Te Kā oanbynt. Sa't er al freze hie, rekket syn fiskheak dêrby ferneatige. Underwilens ûntdekt Moana op it eilân fan Te Fiti dat de goadinne dêr net is. Dan beseft se ynienen dat Te Fiti sûnder har hert ferwurden is ta in korrumpearre skym fan harsels. Se freget de oseaan dan om in paad troch de lagune te meitsjen, sadat Te Kā by har komme kin. As de demon oer it drûge sân fan 'e seeboaiem nei it eilân ta klaud is, jout Moana it hert werom, sadat Te Kā wer omfoarme wurdt ta Te Fiti.

Neitiid genêst de goadinne de oseaan en de eilannen fan 'e him stadich ferspriedende ferrotting. Maui toant syn berou en biedt syn ûntskuldigings oan Te Fiti oan, dy't dêrop syn fiskheak fernijt en oan him weromjout. Oan Moana, wa har boat fernield is troch it fjoer fan Te Kā, jout se in nije katamaran. Dêrnei jout Te Fiti har del yn djippe sliep en wurdt wer ûnderdiel fan har eilân. Maui nimt ôfskie fan Moana en fljocht fuort yn 'e foarm fan in hauk, wylst Moana weromsylt nei Motunui, dêr't de fisk weromkeard is en de planten wer wielderich groeie. Har âldelju en de oare doarpelingen wachtsje har op en jouwe har in waarm wolkom. Moana nimt har rol as haadfrou op har en jout alle kennis oangeande it besilen fan 'e see troch oan 'e oaren. De grutte katamarans wurde út 'e geheime grot sleept en it hiele folk set ôf op in reis om oare eilannen te ûntdekken en te befolkjen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Moana Auli‘i Cravalho Vajèn van den Bosch Maui Dwayne Johnson René van Kooten

byrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje beppe Tala Rachel House Marjolijn Touw haadman Tui, Moana har heit Temuera MorrisonChristopher Jackson (sang) Has Drijver Tamatoa Jemaine Clement Kenny B Sina, Moana har mem Nicole Scherzinger Renée van Wegberg Moana as pjut Louise Bush Loïs Schoolmeesters Heihei (Moana har ûnnoazele hoanne) Alan Tudyk Alan Tudyk fisker Oscar Kightley Michiel Veenstra doarpeling #1 Troy Polamalu Erik van der Horst doarpeling #2 Puanani Cravalho (Auli‘i har mem) Marjolein Algera doarpeling #3 Alan Tudyk Jan Nonhof

Untwikkeling fan it ferhaal Nei't se foar de Walt Disney Animation Studios The Princess and the Frog regissearre hiene, in jûnfoljende tekenfilm dy't yn 2009 útkaam, begûnen John Musker en Ron Clements te wurkjen oan in adaptaasje fan 'e komyske fantasyroman Mort, fan 'e Ingelske skriuwer Terry Pratchett. Swierrichheden op it mêd fan 'e filmrjochten (dy't se net besette koene) kearden lykwols tsjin dat se mei dat projekt trochgiene. Om foar te kommen dat se wer oantangele reitsje soene mei deselde problemen, besleaten se doe om eigen ideeën foar in jûnfoljende tekenfilm út te wurkjen. Sa kamen Musker en Clements by Disney mei trije mooglike films op 'e lapen, wêrfan't ien fan 'e studiobazen it griene ljocht krige.