Dwayne Johnson (folút: Dwayne Douglas Johnson, byneamd The Rock; Hayward (Kalifornje), 2 maaie 1972) is in Amerikaansk-Kanadeesk akteur, presintator, filmprodusint en rêstend showwrakseler. Hy sette syn karriêre útein as spiler fan sawol Amerikaansk fuotbal as Kanadeesk fuotbal. Neitiid wied er fan 1996 oant 2004 en fan 2011 oant 2019 as profesjoneel showwrakselder belutsen by de World Wrestling Federation (WWF). Yn 1999 begûn Johnson in nij wurkpaad as akteur, wêrby't er yn films spile as The Mummy Returns, The Scorpion King, Fast Five, Fast & Furious 6, Hercules, Furious 7, San Andreas, Central Intelligence, Baywatch en Jumanji: Welcome to the Jungle. Ek wied er as stimakteur en sjonger te hearren yn 'e animaasjemusical Moana. Sûnt 2012 heart Johnson oanhâldend by de heechst betelle akteurs dy't der binne, en yn sawol 2016 as 2019 waard er troch it tydskrift Time op 'e list fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken fan 'e wrâld set.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Johnson waard yn 1972 berne yn Hayward, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Rocky Johnson (berne as Wayde Douglas Bowles, 1944-2020), in profesjoneel showwrakselder, en dy syn frou Ata Maivia (b. 1948). Syn heit wie in Kanadees út Nij-Skotlân, dy't fan mingd Afro-Kanadeesk en Iersk etnysk komôf wie. Syn mem is in etnyske Samoaanse, de dochter fan Peter Maivia (1937-1982), dy't ek showwrakselder wie, en Lia Maivia (1927-2008), dy't fan 1982 oant 1988 de earste froulike manager yn it showwrakseljen wie. Trochdat syn heit in Kanadees wie, hat Johnson sûnt 2009 in dûbele (Amerikaansk-Kanadeeske) nasjonaliteit.
Yn syn bernetiid wenne Johnson in skoftke by de famylje fan syn mem yn Nij-Seelân, dêr't er op 'e Richmond Road Primary School siet, in legere skoalle yn Grey Lynn. Nei't er weromkeard wie nei de Feriene Steaten, siet er yn Charlotte, yn Noard-Karolina, op 'e Montclaire Elementary School, foar't er ferfear nei Hamden, yn Connecticut, dêr't er de legere skoalle ôfmakke op 'e Shepherd Glen Elementary School en dêrnei de middelskoalle folge oan 'e Hamden Middle School. Fuortset ûnderwiis genoat Johnson oan 'e President William McKinley High School yn Honolulu, yn Hawaï, de Glencliff High School en de McGavock High School yn Nashville (Tennessee), en de Freedom High School yn Bethlehem, yn Pennsylvania. Op 'e middelbere skoallen died er oan Amerikaansk fuotbal, atletyk en wrakseljen. Foar't er santjin jier wie, waard Johnson ferskate kearen arrestearre foar slaanderij, dieverij en fraude mei sjeks.
Sportkarriêre Amerikaansk en Kanadeesk fuotbal Johnson wie op 'e middelbere skoalle in gâns ûnthjittend spiler fan Amerikaansk fuotbal, en sadwaande swile er in protte oanbiedings fan universiteiten binnen om te studearjen op basis fan in sportstúdzjebeurs. Hy besleat om yn te gean op it oanbod fan 'e Universiteit fan Miami. Yn 'e Miami Hurricanes, sa't it Amerikaansk fuotbalteam fan dy universiteit hjit, hied er foar it meastepart de posysje fan defensive tackle. Yn 1991 makke Johnson diel út fan it team fan 'e Hurricanes dat meidie om it Amerikaansk kampioenskip. Nei't er lykwols in stikmannich blessueres oprûn hie, waard er yn it team ferfongen troch Warren Sapp, dy't him letter ûntjaan soe ta in grut profesjoneel spiler fan Amerikaansk fuotbal.
Doe't Johnson yn 1995 oan 'e Universiteit fan Miami ôfstudearre wie mei in bachelorgraad yn kriminology en fysiology, sette er útein mei in twadde sportkarriêre as spiler fan Kanadeesk fuotbal (in sterk op Amerikaansk fuotbal lykjende sport). Hy tekene in kontrakt om te spyljen by de Calgary Stampeders, in team út Calgary dat útkaam yn 'e Canadian Football League (CFL). Dêr hied er de posysje fan linebacker. Twa moannen nei it begjin fan it seizoen waard er lykwols op 'e bank set fanwegen oanhâldende swierrichheden mei âlde blessueres.
Showwrakseljen Yn 1996 tekene Johnson in kontrakt mei de World Wrestling Federation (WWF), letter World Wrestling Entertainment (WWE), om in nije karriêre yn it showwrakseljen te begjinnen. Hy waard troch de WWF oanpriizge as de earste showwrakselder fan 'e trêde generaasje, mei't syn heit Rocky Johnson en syn pake oan memmekant Peter Maivia ek showwrakselders west hiene. Johnson waard as showwrakselder bekend ûnder syn artystenamme The Rock ("De Rots"), wêrfoar't er in garismatysk alter ego ûntwikkele dêr't er mei swetste fan syn eigen prestaasjes, wylst er syn tsjinstanners op snedige wize ôfrinne liet. Yn 1998 wûn er syn earste WWF-kampioenskip, in prestaasje dy't er neitiid nochris sân kear belykje soe. Ek wûn er tsien kear it wrâldkampioenskip en twa kear it Ynterkontinintaal Kampioenskip. Johnson droech yn hege mjitte by oan it hichtepunt fan 'e populariteit fan 'e WWE, dat yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren en de earste helte fan 'e 2000-er jierren foel.
Yn 2004 loek Johnson him út it showwrakseljen werom om him mear op syn aktearkarriêre ta te lizzen. Yn 2011 makke er in comeback en wûn er op 'e nij it WWE-kampioenskip. Hy wraksele troch oant 2013, wêrnei't er noch mar sporadysk oan 'e foarstellings fan 'e WWE meiwurke, oant er him yn 2019 op 'e nij, en diskear foargoed, út it showwrakseljen weromloek. As The Rock wurdt Johnson beskôge as ien fan 'e grutste showwrakselders ea en de populêrste showwrakselder aller tiden. Hy wurke mei oan 'e it bêst besjoene showwrakselevenemint ea, de 28e edysje fan Wrestlemania, en teffens oan 'e bêst besjoene ôfleverings fan 'e WWE-tillefyzjeprogramma's WWE Raw en WWE SmackDown.
Aktearkarriêre Yn 1999 krong Johnson op 'e wjukken fan syn populariteit as showwrakselder de Amerikaanske tillefyzje- en filmyndustry fan Hollywood binnen. Syn earste wurk as akteur wie in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje That '70s Show, wêryn't er syn eigen heit spile. In foech jier letter folge in gastrol yn in ôflevering fan de science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Voyager as in bûtenierdske wrakselder dy't it opnimt tsjin it personaazje Seven of Nine, spile troch aktrise Jeri Ryan. Syn filmdebút makke Johnson yn 2001 as de Skorpioenekening yn 'e fantasyfilm The Mummy Returns. It súkses fan dy film late ta in spin-off-film, The Scorpion King (2002), wêryn't er deselde rol nochris spylje mocht.
Oare iere films fan Johnson wiene de aksjekomeedzje The Rundown (2003), de aksjefilm Walking Tall (2004) en de misdiekomeedzje Be Cool (2005). Fierders spile er yn 'e science fiction-aksjefilm Doom (2005) de rol fan 'e lieder fan in detasjemint mariniers, yn 'e sportkomeedzjefilm The Game Plan (2007) in waanwize Amerikaansk fuotbalspiler, en yn 'e spionaazjekomeedzje Get Smart (2008) in geheim agint. Ek wied er te sjen yn Gridiron Gang (2006), Reno 911!: Miami (2007) en Southland Tales (2007). By de útrikking fan 'e Oscars yn 2008 makke Johnson de winner fan 'e priis foar bêste special effects bekend.
Oan 'e ein fan 'e 2000-er jierren spile Johnson yn films as Race to Witch Mountain (2009), Tooth Fairy (2010), The Other Guys (2010) en Faster (2010). Hy hie cameo's yn Why Did I Get Married, Too? en You Again (beide út 2010), en wurke as stimakteur mei oan 'e animaasjefilm Planet 51. Op 'e tillefyzje wied er yn deselde snuorje ferskate kearen as himsels te sjen yn ôfleverings fan searjes as Cory in the House, Hannah Montana en Wizards of Waverly Place. Ek wied er as stimakteur behelle yn ôfleverings fan tekenfilmsearjes as Family Guy en Transformers: Prime. Yn 2011 fertolke er foar de earste kear de rol fan Luke Hobbs, yn Fast Five, in film út 'e filmsearje The Fast and the Furious. Dat wie ien fan syn bekendste rollen, en neitiid kroep er op 'e nij yn 'e hûd fan Hobbs foar de films Fast & Furious 6 (2013), Furious 7 (2015), The Fate of the Furious (2017), en de spin-off-film Hobbs & Shaw (2019), mei Jason Statham.
Johnson hie oan it begjin fan 'e 2010-er jierren ek rollen yn films as Journey 2: The Mysterious Island (2012) en Snitch (2013). Nei't er yn 2013 de rol fan Marvin F. Hinton, better bekend as Roadblock, op him nommen hie yn 'e film G.I. Joe: Retaliation, kaam er bekend te stean as opfrisser fan yn it neigean rekke mediafranchises. Datselde jiers spile er ek yn 'e op wiere foarfallen basearre films Pain & Gain en Empire State. Yn maaie 2013 waard fierders bekendmakke dat Johnson de haadrol spylje soe yn Ballers, in komeedzjedramasearje oer in NFL-spilers yn Miami, dêr't er sels ek útfierend produsint fan wie. Dy tillefyzjesearje rûn fjouwer seizoenen, en waard fan 2015 oant 2019 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch HBO. Tsjin desimber 2013 wie Johnson neffens it Amerikaanske tydskrift Forbes de meast opbringende akteur fan it jier, mei't syn projekten wrâldwiid $1,3 miljard opbrocht hiene.
Yn 2014 spile Johnson de titelrol fan 'e healgod Herkules yn 'e film Hercules. Yn 2015 wied er te sjen yn 'e rampefilm San Andreas, en datselde jiers hied er in cameo as himsels yn Jem and the Holograms. De aksjekomeedzje Central Intelligence, út 2016, wie de earste film wêryn't Johnson gearwurke mei komyk Kevin Hart. Ferwizend nei Johnson syn grutte lingte (en breedte) en it feit dat Hart mar in lyts mantsje is, mei dêrby nommen de wurdboarterij dat 'Hart' itselde klinkt as heart ("hert"), wylst johnson yn it Ingelsk in sprektaalterm foar penis is, waard dy film oanpriizge mei de slogan: "A little Hart and a big Johnson." Datselde jiers hied er as stimakteur ien fan syn bekendste rollen as de Polynezyske healgod Maui yn 'e tekenfilm Moana, in produksje fan 'e Walt Disney Animation Studios. Dat wie in musical wêryn't Johnson sels ek in liet song, en wêryn't syn tsjinspylster de sechstjinjierrige Auli‘i Cravalho wie.
Johnson hie yn 2017 twa súksesfolle films. De iene wie Baywatch, dy't basearre wie op 'e populêre tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1990-er jierren. Johnson fertolke dêryn de rol fan Mitch Buchannon, dy't yn 'e searje spile waard troch David Hasselhoff. De oare film wie Jumanji: Welcome to the Jungle, in reboot fan 'e Jumanji-franchise, wêryn't Johnson op 'e nij gearwurke mei Kevin Hart. Yn 2018 spile er twa aksjefilms, Rampage en Skyscraper, en yn 2019 wied er te sjen as himsels yn Fighting with My Family, in komeedzjedrama oer WWE-stjer Paige en har famylje, dy't benammen út oare showwrakselders bestiet. Ek wurke Johnson yn 2019 op 'e nij gear mei Kevin Hart yn Jumanji: The Next Level, en fierders wied er as produsint belutsen by de superheldefilm Shazam!
Yn 2021, nei't er troch de koroanapandemy in jier lang net wurkje kinnen hie, spile Johnson de haadrol yn Jungle Cruise fan Disney, mei as tsjinspylster Emily Blunt. Datselde jier spile er ek yn 'e Netflix-film Red Notice, mei Gal Gadot en Ryan Reynolds. De superheldefilm Black Adam kaam yn 2022 út. Yn 2023 hied er in cameo yn in sêne healwei de ôftiteling fan Fast X. Yn jannewaris 2024 rikte Johnson by de Oscars tegearre mei de Portorikaanske sjonger Bad Bunny in priis út. Letter dat jier kaam de komeedzje- en krystfilm Red One út, wêryn't er û.o. Chris Evans en Lucy Liu as tsjinspilers hie. Dat wie noch filmkritysk, noch kommersjeel yn 'e bioskopen in súkses, mar letter waard it wol de meast streamde film fan 2024 op Amazon Prime. De tekenfilm Moana 2, wêryn't Johnson op 'e nij syn stim liende oan 'e healgod Māui, kaam datselde jiers út en waard de op twa nei meast opbringende film fan 2024. Yn 2026 fertolke Johnson deselde rol ek yn 'e live-actionferfilming fan Moana.
Filmprojekten dy't noch steapel steane, binne in ferfolch op 'e aksjekomeedzje Big Trouble in Little China, en The King, in biografyske film oer kening Kamehameha de Grutte, de stifter fan it Keninkryk Hawaï, nei in skript fan Randall Wallace.
Oar wurk Yn 2000 publisearre Johnson syn autobiografy, mei as titel The Rock Says… By it skriuwen fan dat boek krige er help fan ghostwriter Joe Layden. The Rock Says… kaam binnen op it earste plak op 'e bestsellerlist fan The New York Times en behold dy posysje ferskate wiken efterinoar.