Red Sparrow is in Amerikaanske spionaazjeskriller út 2018 ûnder rezjy fan Francis Lawrence, mei yn 'e haadrollen Jennifer Lawrence en Joel Edgerton. Byrollen waarden fertolke troch û.m. Jeremy Irons, Charlotte Rampling en de Nederlânske aktrise Thekla Reuten. De titel betsjut "Reade Mosk". De plot fan 'e film, dy't basearre is op 'e roman mei deselde namme fan Jason Matthews, giet oer in Russyske balletdûnseresse dy't tsjin har wil rekrutearre wurdt as aginte foar de geheime tsjinst en sjen moat te oerlibjen yn in nije wrâld fol seks en geweld. Hja wurdt útstjoerd om kontakt te meitsjen mei in agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, yn 'e hoop de identiteit fan in dûbelspion te ûntdekken. Red Sparrow krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen dochs ta in kommersjeel súkses.

Plot Dominika Egorova is in Russyske ballerina dy't dûnset yn it ferneamde Bolsjoj Teäter yn Moskou, en dêrmei har terminaal sike mem ûnderhâldt. By in foarstelling komt har dûnspartner Konstantin nei in sprong op har skonk del, dy't dêrby brekt. Hoewol't Dominika flugger opbetteret as de dokters foar mooglik holden hiene, is wol dúdlik dat se nea wer op heech nivo balletdûnsje kinne sil. Har omke Ivan, dy't it pleatsferfangend haad fan 'e Russyske geheime tsjinst SVR is, begjint neitiid mear oandacht oan syn omkesizzer te skinken, en lit har witte dat as se ea ferlet fan help hat, se mar by him komme moat. Hy jout har in lûdsopname fan in petear tusken Konstantin en syn nije dûnsparter Sonja, dêr't út blykt dat har ferwûning hielendal gjin ûngemak wie, sa't eltsenien tocht hie, mar opset, mei't Konstantin en Sonja in relaasje hawwe en Dominika de karriêre fan Sonja yn it paad stie. Dominika wurdt dêr sa poerrazen fan, dat se nei it Bolsjoj Teäter giet, dêr't se Konstantin en Sonja oer it mad komt wylst se seks hawwe yn ien fan 'e klaaikeamers, en harren mei har kruk hielendal yninoar slacht en dêrby ferskate bonken brekt.

Hoewol't net útkomt dat Dominika efter de mishanneling sit (mooglik om't Konstantin en Sonja al bewusteleas wiene ear't se gewaar wurde koene wa't harren oanfoel, of oars om't se bang binne dat de opset efter it 'ûngemak' fan Dominika útkomt), rekket Dominika yn 'e swierrichheden as it Bolsjoj Teäter, dat har wenromte en de genêskundige fersoarging fan har mem betellet, de jildkraan tichtdraait om't se net mear dûnsje kin. Dominika giet nei har omke Ivan om help, en dy biedt oan om út eigen bûse de betellings oer te nimmen as Dominika him helpe wol by in saak dêr't er oan wurket. It giet om in gangster, Dimitry Ustinov, dy't as steatsgefaarlik beskôge wurdt. Dominika moat him ferliede en tagelyk útkloarkje.

Ut klearbare noed om har mem beslút Dominika oan dat plan mei te wurkjen. Se wit Ustinov safier te krijen dat er har meinimt nei in hotelkeamer en syn liifwachten derút stjoert. Dêrnei ferliest Dominika lykwols eltse kontrôle oer de sitewaasje as Ustinov har ferkrêftet. Ear't er dêr klear mei is, kringt Sergej Matorin, in SVR-agint dy't stjoerd is troch har omke Ivan, de keamer yn en fermoardet Ustinov mei in wjirchizer wylst er noch op har leit. Nei Ustinov syn dea ûntkomt Dominika mei Matorin út it hotel. Hy bringt har nei in kantoar fan 'e SVR, dêr't har útlein wurdt dat se no tefolle wit. Se wurdt foar de kar steld: in aginte foar de SVR wurde, of deasketten wurde sadat se nimmen fertelle kin oer de moard op Ustinov.

Nate Nash is in CIA-agint dy't yn Moskou stasjonearre is. As er yn it Gorkypark in moeting mei in spion hat dy't foar him wurket, komt de plysje harren oer it mad. Letter docht bliken dat de plysjes inkeld efter homo's oansitte dy't it park foar klandestine seksuële moetings brûke, mar op dat stuit tinkt Nash dat se him en syn spion op 'e hakken sitte. Om te bewissigjen dat de spion, in heechpleatste Russyske funksjonaris mei de koadenamme 'Marble', fuortkomme kin, liedt Nash de plysje ôf troch in pistoal te lûken en in pear skotten te lossen mei de loop op 'e grûn rjochte. Syn bedoeling slagget: de plysje lit Marble rinne sûnder him te identifisearjen en komt ynstee efter Nash oan. Dy wit te ûntkommen nei de Amerikaanske ambassade en wurdt neitiid weromhelle nei de Feriene Steaten. Om't Marble nimmen oars as Nash fertrout, en om't Nash Ruslân net wer ynkomt, wurdt er letter yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest stasjonearre. De CIA is derfan oertsjûge dat Marble dêrfan hearre sil en dat Boedapest tichternôch by Ruslân is dat er sels wer kontakt mei Nash opnimme kinne sil.

Underwielens wurdt Dominika troch har omke nei in spesjale skoalle stjoerd foar 'mosken', de term foar froulike SVR-aginten dy't oplaat binne om te spionearjen troch it gebrûk fan seks. Hoewol't se griist fan 'e nije wrâld dêr't se tsjin har wil yn ûnderdompele wurdt, blinkt se út yn har training, nettsjinsteande in beskate friksje yn 'e omgong mei de 'matroane', de âldere froulike SVR-aginte dy't de lieding oer de skoalle hat. Ek is der in ynsidint mei in manlike klasgenoat dy't har ûnder de dûs besiket te ferkrêftsjen. Foar't se de hiele oplieding foltôge hat, wurdt Dominika troch har omke weromhelle nei Moskou. De SVR hat de bedoeling fan 'e oerpleatsing fan Nash nei Boedapest útriddenearre, en der is besletten om in aginte op Nash ôf te stjoeren om him de namme fan 'e ûnbekende spion (Marble) te ûntfytmanjen. Ivan Egorov is fan tinken dat syn omkesizzer Dominika by útstek geskikt is foar sa'n misje.

Yn Boedapest komt Dominika yn te wenjen by in oare 'mosk', Marta Jelenova, dy't krekt as har ûnder de gleie en ûnprofesjonele kolonel Maksim Volontov wurket, de pleatslike burosjef fan 'e SVR. Dominika makket yn in pleatslik swimbad kontakt mei Nash, dy't binnen de koartste kearen troch hat dat se in SVR-aginte is. Syn reäksje is net om har tenei út 'e wei te gean, mar ynstee om te besykjen en krij har safier dat se oerrint en foar him spionearje wol.

Op in kear dat Marta net oanwêzich is, trochsiket Dominika har keamer, en fynt se papierren en foto's dêr't út blykt wat Marta har opdracht is: om steatsgeheime ynformaasje oer in nij Amerikaansk raketsysteem te keapjen fan Stephanie Boucher, de stêfsjef fan in Amerikaanske senator. As Ivan Dominika koarte tiid letter ûnder druk set omreden fan it gebrek oan foarútgong yn 'e saak-Nash, makket se him wiis dat se dêrnjonken ek oan 'e saak-Boucher wurket mei Marta. Dat stelt Ivan foarearst tefreden, mar Marta is poer as se ûntdekt wat Dominika dien hat. Se giet nei Volontov ta, fan wa't Dominika ek noch wat tegoede hat om't se earder syn avânses yn har rjochting ôfwiisd hat, en biedt oan om him te helpen en helje Dominika ûnder fuotten. Volontov is lykwols net ree om syn karriêre op it spul te setten, en as Dominika op in jûn thúskomt, treft se Marta dêr dea oan, dy't lange tiid martele en dêrnei fermoarde is. De dieder is Matorin, dy't Dominika dúdlik makket dat sy krektlyk einigje sil as se faalt yn har misje.

Dat jout Dominika it lêste triuwke, en as se wer by Nash is, stimt se deryn ta om in dûbelspion te wurden yn ruil foar beskerming foar har en har mem. Dy nacht giet se ek foar de earste kear mei him op bêd. No't Marta fan it toaniel ferdwûn is, reizget Dominika yn opdracht fan 'e SVR nei Londen ta, dêr't Marta yn in hotel mei Boucher ôfpraat hat foar de útwikseling fan geheime ynformaasje tsjin in grutte tas mei $250.000 yn kontant jild. Op it lêste stuit komt Volontov opdaagjen, dy't sels mei de ear strike wol as de útwikseling goed giet. Dat makket alles yngewikkelder foar Dominika, mar net ûnmooglik. Sabeare om te kontrolearjen oft de skiven dy't Boucher har jout, wol de goede ynformaasje befetsje, nimt Dominika se mei nei in sydfertrek, dêr't se de dingen omwikselet foar skiven mei disynformaasje dy't se fan 'e CIA krigen hat. De wiere skiven wurde letter troch Nash út 'e lege hotelkeamer ophelle.

It hiele spul giet dat it slydjaget, oant Boucher, as se it hotel ferlit, merkt dat se folge wurdt troch CIA-aginten. Se rekket yn panyk, draaft sûnder út te sjen de strjitte op en wurdt deariden troch in passearjende frachtwein. Aginten fan 'e SVR dy't tsjûge binne fan it foarfal, en dy't nei de oanriding fan alle kanten CIA-aginten ferskinen sjogge, begripe dat de hiele moeting kompromittearre wie en dat immen de Amerikanen warskôge hawwe moat. Om't Volontov en Dominika de meast foar de hân lizzende fertochten binne, wurde se allebeide weromroppen nei Moskou, dêr't se dagenlang martele en ûnderfrege wurde. Beide hâlde se stiif fol dat se neat misdien hawwe; Volontov wurdt stânrjochtlik eksekutearre, mar Dominika wurdt sparre, wat suggerearret dat de SVR har ferhaal leaut. Se wit har omke Ivan te bepraten om har werom te stjoeren nei Boedapest, om't de martelings it byld dat se Nash fan harsels jout allinnich mar fuortsterkje sille. Werom yn Boedapest beart se dat se har oarspronklike misje, om Nash de namme fan Marble te ûntfytmanjen, trochset, mar ûnderwilens wit se fan Nash tasizzings los te krijen om har en har mem asyl yn 'e Feriene Steaten te jaan en $250.000 op in bankrekken te stoarten dy't se by in bank yn Wenen iepene hat.

Nei't se de nacht mei Nash trochbrocht hat, ûntdekt Dominika de oare moarns as se wekker wurdt dat er martele wurdt troch Matorin. Dy wol fan him de identiteit fan Marble witte, mar Nash lit neat los. Dominika begjint Matorin fuortendaliks en sûnder wifeling te helpen by syn martelpraktiken, oant er har sa fertrout dat er net mear goed om har tinkt, en dan stekt se him dea mei syn eigen mês. Matorin lit him lykwols net sûnder slach of stjit om hals bringe, en tsjin 'e tiid dat se mei him ôfweefd hawwe, binne sawol Dominika as Nash earnstich ferwûne. Dominika wurdt wekker yn it sikehûs, dêr't se besite kriget fan generaal Vladimir Kortsjnoj, in SVR-funksjonaris fan hege rang dy't fan it begjin ôf oan nau gearwurke hat mei har omke Ivan. Dyselde makket him oan har bekend as Marble, en hy leit har út dat er foar de CIA spionearret om syn heitelân te rêden fan 'e ûndergong troch de korrupsje dy't yn Ruslân alles oanfret. Kortsjnoj wit dat de SVR no de syktocht nei Marble net opjaan sil oant se him fûn hawwe, dat hy riedt himsels ta op syn dea. Hy fiteret Dominika lykwols oan om syn identiteit troch te jaan oan har omke Ivan: dat soe fan har in nasjonale heldinne meitsje dy't boppe eltse fertinking ferheft is. Se soe dan syn plak ynnimme kinne as spion foar de CIA, sadat net alles ferlern gean sil.

Dominika ferlit it sikehûs foar't Nash wer by bewustwêzen kommen is, en bejout har nei de Russyske ambassade yn Boedapest. Dêr kriget se de ambassadeur safier dat se kolonel Zacharov sels, it haad fan 'e SVR, oan 'e tillefoan te wurd kin. Oan him jout se de namme fan Marble troch. Om't Hongarije de diplomatike ymmuniteit fan Dominika net mear erkent, sit se finzen yn 'e Russyske ambassade. Der wurdt dan in spionneruil beävensearre, wêrby't Marble útwiksele wurde sil tsjin Dominika. Dêrby sjocht Dominika foar it earst Nash wer, dy't wrokkich is en har op ferbittere toan beskrobbet om it opjaan fan Marble. Se seit tsjin him dat er har ienris grif begripe sil, mar hy ûntstriidt dat.