Blood Lite II: Overbite is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur en auteur Kevin J. Anderson. It boek omfettet 30 koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't fermaaklikens kombinearje mei it boppenatuerlike, benammen mei fampieren. De titel betsjut letterlik "Bloed Light" (yn 'e sin fan in produkt mei minder kaloryen as normaal). De tafoeging Overbite ferwiist nei in 'oerhinnebyt', wêrby't de boppetosken wat mear nei foarren steane as de ûndertosken en sadwaande oer de ûndertosken hinne bite. (Beide dielen fan 'e titel ferwize op komysk bedoelde wize nei fampieren.)
De ferhalen yn 'e bondel binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Kelley Armstrong, L.A. Banks en Kevin J. Anderson sels. Alle ferhalen út Blood Lite II: Overbite waarden yn dizze bondel foar it earst útjûn, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Blood Lite II: Overbite waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Gallery Books.
Ferhalen Heather Graham, Death and Taxes Jeff Ryan, Table for Two J.A. Konrath, Treatment Christopher Welch, Dead Clown Séance Scott Nicholson, The Day the Devil Swallowed a Heapin' Helpin' of Pride at the Beaulahville Gospel Jubilee Don d'Ammassa, Piecemaker Lucien Soulban, Good Breeding John R. Little, Tails L.A. Banks, Dog Tired (of the Drama!) Mark Onspaugh, A Sweet Girl for Todd Kevin J. Anderson en Janis Ian, Dark Carbuncle Jordan Summers, Tastes Like Chicken Edward Bryant, Bad German Brian J. Hatcher, The Halloween War Joel A. Sutherland, Oh, the Ho-Ho Horror Aaron Polson, The Unfortunate Persistence of Harold Francis Beamish D.L. Snell, Dick and Larry Sam W. Anderson, Son of… a Bitch! Allison Brennan, Her Lucky Day Sharyn McCrumb, A Wing and a Prayer Daniel Pyle, Barewolf Eric James Stone, American Banshee Amy Sterling Casil, The Epicurean Nancy Kilpatrick, The Ghoul Next Door Nina Kiriki Hoffman, Daycare of the Damned Derek Clendening, Season's Tickets Mike Resnick en Lezli Robyn, The Close Shave Steve Rasnic Tem, Shaggy Dog Story Jeff Strand, Eight-Legged Vengeance Kelley Armstrong, Lucifer's Daughter (ûnderdiel fan Women of Otherworld)
Sjoch ek Blood Lite Blood Lite III: Aftertaste
Kategory:Literêr wurk fan Kevin J. Anderson Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2010 Kategory:Literatuer oer fampieren