Palech (Russysk: Палех) is in plak yn it suden fan 'e oblast Ivanovo yn it Europeeske diel fan Ruslân. De stêd is it bestjoerlike sintrum fan it rajon mei deselde namme. Palech is ien fan 'e plakken dy't ta de Gouden Ring fan Ruslân rekkene wurde.

Geografy en ynfrastruktuer Palech leit yn it suden fan 'e oblast Ivanovo, 64 kilometer fan 'e oblasthaadstêd Ivanovo en 30 kilometer fan 'e oanbuorjende stêd Sjûja. Palech is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme. Troch it plak rint it rivierke de Palesjka. Oer de strjitwei hat Palech in ferbining mei Ivanovo en Nizjni Novgorod, mar it hat net in eigen spoarferbining. It tichtstbylizzende spoarstasjon is yn Sjûja.

Skiednis thumb||left|Allegoaryske foarstelling fan 'e 3e Ynternasjonale (Ivan Golikov). Palech ûntstie neffens de annalen op syn lêst yn 'e 15e iuw as doarp en bleau dat oant yn 'e 20 iuw. De namme is fan oarsprong Finsk-Ugrysk, sadat it plak nei alle gedachten al foar de 12e iuw bewenne west hat. Yn 'e 15e iuw wie it doarp fan in soan fan Ivan de Ferskriklike, tsjin 'e ein fan dy iuw waard der foar it earst in houten tsjerke boud, de foargonger fan 'e hjoeddeiske Krúsferhegingstsjerke.

Palech is ferneamd fanwegen it skilderjen fan ikoanen; in tradysje dy't nei alle gedachten al yn 'e 16e iuw ûntstien is. Yn dy tiid wurken ek in soad betûfte houtfikers en oare hantwurkers yn Palech. Oan 'e begjin fan 'e 18e iuw hie it beskilderjen fan ikoanen in eigen lokale styl ûntwikkele, dy't trochbreide op tradysjes fan it âlde foarstedom Sûzdal-Vladimir.

Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 rekke troch de anty-religieuze hâlding fan 'e kommunisten it skilderjen fan ikoanen yn it neigean en foar in skoft waard it ambacht hielendal net mear útoefene. Yn 1924 ûnstie op inisjatyf fan Ivan Ivanovitsj Golikov in koöperatyf ferbân fan keunstners, dy't harren taleinen op it beskilderjen fan hout en lakminiatueren. Dat ambacht bestiet noch altiten, mar nei de fal fan 'e Sovjet-Uny waard ek de tradysje fan it skilderjen fan ikoanen wer oppakt.

Yn 1947 krige Palech wer de status fan in stêd.

Befolkingsûntwikkeling Demografyske ûntwikkeling fan Palech fan 1939 oant 2017Jier193919591970197919892002201020172021Befolking2.5833.3634.6785.4466.2025.8145.3374.8214.610

Ekonomy Foar Palech is benammen it hantwurk en it toerisme wichtich. Der is in keunstskoalle en der binne meardere skilderateliers. De tekstylfabriken en oare yndustry út de tiid fan de Sovjet-Uny binne sûnt de jierren 1990 bûten bedriuw steld. </center>

Kategory:Plak yn Ivanovo (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1618 Kategory:Gouden Ring (Ruslân)