Proven Guilty is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut safolle as "Fan Wa't de Skuldigens Bewiisd Is". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it achtste diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Dead Beat. Yn Proven Guilty wurdt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, oerladen mei opdrachten fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, wylst er tuskentroch ek noch de dochter fan in goede freon helpe moat. Proven Guilty waard yn 2006 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2007 waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard under Fire, tegearre mei White Night, it njoggende diel fan The Dresden Files. __TOC__ Ynhâld Proven Guilty begjint as Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago, yn syn eigen stêd oanwêzich is by de eksekúsje fan in Koreaanske jonge fan sechstjin troch de Wite Ried fan Tsjoenderij. De jonge is in warlock, dy't him skuldich makke hat oan it geastlik oerhearskjen fan syn famyljeleden, fan wa't er fjouwer twongen hat selsmoard te dwaan. Nettsjinsteande it feit dat de jonge net doge woe en in grut gefaar foar syn om-en-by wie, kin Harry him inkeld as in tiner sjen en is er der nei de terjochtstelling beroerd oer. Hy kriget oer de kwestje in ferbale konfrontaasje mei de Merlyn, de foarsitter fan 'e Hege Ried, it bestjoer fan 'e Wite Ried. Harry is no in warder fan 'e Wite Ried om't de tsjoenders trijefearnsjier earder troch tadwaan fan in ûnbekende ferrieder yn 'e eigen rangen swiere ferliezen lit hawwe yn harren oarloch mei it Reade Hôf fan 'e fampieren (sjoch: Dead Beat). Nettsjinsteande dat hat de Merlyn gjin fertrouwen yn Harry, en wachtet er oant Harry in flater begiet, sadat er mei him ôfweve kin. Hy is nammers noch net fergetten dat Harry de oarloch mei de fampieren sels feroarsake hat (sjoch: Grave Peril).

Harry hat ek in ûnderhâld mei syn âlde mentor, de tsjoender Ebenezar McCoy, dy't him freget om út te sykjen wêrom't de ierdgeasten fan it Simmerhôf en it Winterhôf noch gjin oarloch tsjin 'e fampieren begûn binne. Doe't de fampieren ferline jier de Wite Ried sa'n grutte slach tabrochten, binne se nammentlik yn it domein fan 'e ierdgeasten trochkrongen (sjoch: Dead Beat), en dy litte ornaris net mei harren omboartsje. It komt de Wite Ried oars al min út dat de ierdgeasten no ynienen lankmoedich wurden binne, want de tsjoenders kinne op it stuit de striid inkeld noch folhâlde troch de stipe fan harren minsklike bûnsgenoaten fan geheime organisaasjes as de Venatori Umbrorum en it Genoatskip fan Sint Gilles. Harry seit ta dat er de saak ûndersykje sil. McCoy langet him ek in brief oer fan 'e Poartewachter, in oar lid fan 'e Hege Ried. Dy skriuwt dat der de lêste tiid ferskate gefallen fan swarte magy yn Chicago west hawwe, hoewol't by syn witten de oare leden fan 'e Hege Ried dêr noch net fan op 'e hichte binne. Harry begrypt dat er him ek gau yn dy saak ferdjipje moat as er de kâns hawwe wol om dermei ôf te weven sûnder dat de Merlyn oer syn skouder meisjocht en alles wat er docht ûnder in fergrutglês leit.

Op 'e weromweis fan 'e eksekúsje wurdt Harry earst konfrontearre mei in kreaze frou yn 'e passazjiersstoel fan syn auto, dy't sûnder warskôging út it neat ferskynt. It is, sa wit er, in hallusinaasje feroarsake troch de fallen ingelinne Lasciël, fan wa't in ôfdruk yn syn harsens libbet sûnt er inkele jierren earder ien fan 'e Tritich Sulverstikken oppakt hat (sjoch: Death Masks). Harry hat Lasciël noch net ôfpoeiere, om't er neat mei har te krijen hawwe wol, as er mei opsetsin oanriden wurdt. Foar't er út syn it wrak fan syn auto klimme kin, is de dieder al fuortriden. Harry hâldt der in lichte harsensskodding oan oer en lit him thúsbringe troch syn goede freondinne Karrin Murphy, dy't by it Chicago Police Department wurket. Harry wennet yn in appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou, dat er sûnt inkele jierren dielt mei syn healbroer, de wite fampier Thomas Raith (sjoch: Blood Rites), dy't him de lêste tiid frijwat nuver hâldt en draacht. Dêr oankommen, fertelt Harry Murphy oer de warskôging fan 'e Poartewachter om út te sjen nei swarte magy. Murphy, dy't oan it haad stiet fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e plysje fan Chicago, ûnthjit Harry dat se him op 'e hichte hâlde sil as se wat sjocht of heart dat dêrmei te krijen hawwe kin.

As Harry wer wat bekommen is, skillet er Fix op, de Simmerridder, dy't him noch wat skuldich is (sjoch: Summer Knight). Harry wol fan him witte wêrom't it Simmerhôf net fanwegen kommen is tsjin it Reade Hôf fan 'e fampieren, mar Fix wol it der oer de tillefoan net oer hawwe. Se prate ôf om inoar de oare deis om itenstiid hinne te treffen yn Harry syn stamkroech McAnally's. Neitiid bellet Harry noch ferskate oare kunde fan him op om te besykjen ynformaasje te krijen oer de foarfallen fan swarte magy dêr't de Poartewachter it oer hie, mar dat smyt neat op. Dêrop giet er te rie by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. As Harry klaget oer de dizenigens fan it boadskip fan 'e Poartewachter, leit Bob him fuortendaliks út dat it nei alle gedachten basearre is op wittenskip efterôf. De Poartewachter moat himsels út 'e takomst wei in berjocht stjoerd hawwe; machtige tsjoenders kinne dat, mar se moatte der wol o sa om tinke dat se de rin fan 'e tiid net yn 'e tiis bringe. Dêrfandinne de dizenige omskriuwing. Harry beslút de saak oars oan te pakken en de makette fan 'e binnenstêd fan Chicago, dy't er de ôfrûne moannen mei soarch yn syn laboratoarium boud hat, te brûken om te sykjen nei gefallen fan deadseangst, dat oer it algemien mank giet mei it foarkommen fan swarte magy.

Ear't er dêr lykwols ta komme kin, wurdt er skille troch Molly Carpenter, de âldste, santjinjierrige, dochter fan in freon fan him. Har heit, Michael Carpenter, is ien fan 'e trije Ridders fan it Krús, dy't in swurd hawwe dêr't ien fan 'e spikers yn ferwurke is dy't brûkt is by de Krusiging fan Jezus. Harry hat him de ôfrûne jierren net sjoen, om't er him aktyf ûntrint; hy is nammentlik benaud dat Michael, mei syn fan God jûne krêften, de ôfdruk fan 'e fallene ingelinne Lasciël yn syn him gewaarwurde kin. Molly fertelt Harry dat se arrestearre is, en smeket him om jild yn te lizzen sadat se op boarchtocht frijkomme kin. Harry lit him beprate en reizget mei syn reuseftige en hyperyntelliginte Tibetaanske mastyf Mouse yn in taksy nei it plysjeburo. Dêr wurdt er foar de doar opwachte troch Molly, dy't dúdlik net finzensit. Dan komt de aap út 'e mouwe: se wol dat Harry de boarch betellet foar har frijer Nelson Lenhardt, dy't fêstholden wurdt op fertinking fan mishanneling. Harry is net wiis mei de gong fan saken, mar hy lit him op 'e nij troch de kreaze Molly beprate.

As Nelson frijlitten wurdt, fertelt er dat er op 'e horrorkonvinsje SplatterCon!!!, dêr't er ien fan 'e organisators fan is, op it húske siet doe't der in oar de wc-romte binnenkaam. Fuort dêrnei joech immen in gjalp as wied er yn deadsneed, mar tsjin 'e tiid dat Nelson de broek oplutsen en de doar iepen hie, lei Clark Pell, de eigner fan 'e âlde bioskoop njonken it hotel dêr't de konvinsje organisearre wie, hielendal yninoar slein bliedend op 'e flier en wie der fierders nimmen te sjen. Doe't fuort letter oaren op 'e skreau fan Pell ôfkamen, namen se oan dat Nelson de dieder wie. Molly freget Harry om 'e saak te ûndersykjen, om't se fermoedet dat der wat boppenatuerliks oan 'e hân is. Harry seit syn help ta, en betellet ek foar de taksyrit dy't Nelson nei de Ynternasjonale Lofthaven O'Hare bringt, dêr't er de bekende regisseur fan horrorfilms Darby Crane ôfhelje moat. Underweis stelt Harry fêst dat de auto dy't him nei it plysjeburo ta folge is, noch altyd efter harren oanriidt. Nei't se Nelson op O'Hare ôfset hawwe, stiet Harry derop om Molly thús te bringen, wat sy hielendal net wol. Diskear slagget it har lykwols net om Harry te bepraten, dat se sette nei it hûs fan Michael en Charity Carpenter ta. It docht bliken dat Molly dêr al in skoftke net mear wennet, om't se oanhâldend rûzje hat mei har mem. Fierders blykt dat Michael neat gewaarwurdt fan 'e oanwêzigens fan 'e ôfdruk fan Lasciël yn Harry syn holle, sadat Harry him skuldich fielt dat er syn freon al dy tiid ûntrûn is. Michael stiet op it punt om mei syn swurd op 'en paad, mar hy freget Harry om wat om Molly te tinken, wat Harry taseit.

Neitiid giet Harry mei Molly nei it hotel dêr't SplatterCon!!! holden wurdt. By it plak delikt treft er Rawlins, in plysjeman dêr't er kunde oan hat, dy't him eefkes om 'e hoeke fan 'e doar yn wc-romte sjen lit. Troch syn Wiere Sicht te brûken, in fermogen dat tsjoenders hawwe om 'e saken te sjen sa't se wier binne, stelt Harry fêst dat by de mishanneling fan Pell swarte magy brûkt is. Hy beseft dat er mei in omwei de foarfallen ûntdutsen hat dêr't de Poartewachter him foar warskôge. Dan geane ynienen alle ljochten út en begjinne de konvinsjebesikers te razen. Harry makket ljocht mei it betsjoende pentagram dat er oan in keatlinkje om syn hals draacht, en set op 'e boarne fan 'e fersteuring ta. Rawlins lûkt syn pistoal en giet mei. Yn ien fan 'e sealen fan it hotel dy't foar de gelegenheid fan 'e konvinsje omfoarme is ta filmseal, treffe se in beamlange keardel mei it masker fan in iishockeykeeper foar, dy't mei in sichte op 'e konvinsjebesikers yn hout. Rawlins sjit him ferskate kearen yn 'e holle, mar dêr wurdt er allinnich mar lulk fan. Harry blaast him mei tsjoenderij efteroer fan 'e fuotten ôf, troch it filmdoek hinne en tsjin 'e efterwand fan 'e seal oan, dêr't er foar harren eagen ferdwynt en inkeld in fluch weiwurdende berch slym efterlit. Harry wit dat dat ektoplasma is, wat betsjut dat it in wêzen wie dat oproppen is út it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike.

By de oanfal is ien jongeman deade, wylst ferskate oare konvinsjebesikers ferwûne rekke binne. As dy ôffierd binne nei it sikehûs, en Rawlins ek, dy't in haal mei de sichte oer de earm krigen hat, wurdt Harry in oere lang ûnderfrege troch resjersjeur Greene. Dat is in man dy't, oars as bygelyks Rawlins, noch nea mei it boppenatuerlike te krijen hân hat. De antwurden dy't er fan Harry kriget, befalle him dan ek net, en hy beslút dat Harry mei sin meiwurking wegeret, of dat er sels by de oanfal belutsen wêze moat. Harry wurdt rêden troch Murphy, dy't opdaagjen komt om it ûndersyk oer te nimmen. As er dan de tiid hat om oer it foarfallene nei te tinken, beseft Harry dat it wêzen dêr't hy en Rawlins it tsjin opnommen hawwe, as twa drippen wetter liek op de Risper, de haadpersoan yn 'e Suburban Slasher-horrorfilmsearje. By kontrôle nei de film dy't yn 'e seal fertoand waard, docht bliken dat it yndie in film út dy rige wie. Harry wol dan witte hokker film oft dy middei yn 'e bioskoop fan Pell fertoand wie foar't de âldman yn it hotel oanfallen waard; dat blykt Hammerhands te wêzen, en it hat der alle skyn fan dat Pell it slachtoffer wurden is fan 'e haadpersoan út dy film. It is Harry noch net alhiel dúdlik wat der op SplatterCon!!! oan 'e hân is, mar hy en Murphy kinne it mar better útsykje foar moarntejûn, want dan is it MovieFest, en draaie der op 'e konvinsje tolve films tagelyk.