Pljos (Russysk: Плёс) is in stêd yn 'e Russyske oblast Ivanovo. De stêd leit oan 'e rjochter kant fan 'e Wolga, likernôch 70 kilometer noardeastlik fan Ivanovo.
Skiednis thumb|left|Houten hûs yn Pljos. Pljos waard yn 'e earste helte fan \ e 12e iuw stifte op lân dat fan in Finsk-Ugryske stamme wie. De earste kronyk wêryn't de stêd fermeld wurdt, datearret út april 1141. Pljos wie ie fan 'e Wolgastêden dy't yn 1237 troch de troepen fan Batû Khan ferneatige waarden.
As offisjele stiftingsdatum jildt it jiertal 1410. Doe waard grutfoarst Vasili I, de soan fan Dmitri Donskoj, troch de Wolga-Tataren fan emir Edigü efternei sitten. Om Kostroma en Moskou feilich te stellen joech er opdracht om op it plak gaueftich in fêsting te bouwen.
Yn 'e 17e en 18e iuw makke Pljos opgong troch de hannel yn linnen en oare stoffen. Pljos krige yn 1778 stedsrjochten.
Yn 'e jierren 1870 wiene der plannen om it spoar fan Moskou oer Ivanovo troch te lûken oant de haven fan Pljos. Lang om let waard lykwols besletten om it spoar nei Kinesjma om te bûgen. Dêrfoaroer ûntwikkele Pljos him simmerdeis yn it lêste fearn fan 'e 19e iuw ta in populêr plak foar minsken dy't it goed dwaan koene, fral foar rike lju út Moskou. Fanwegen it lytse ynwennertal en it ferlies fan in sintrumfunksje wie Pljos yn dy tiid offisjeel in doarp, mar yn 1925 krige Pljos dochs wer stedsrjochten.
Befolkingsûntwikkeling Demografyske ûntwikkeling fan Pljos fan 1897 oant 2018Jier189719391959197019791989200220102018befolking2.1643.5594.0274.6634.1474.0532.7902.3401.796 Ferneamde persoanen Isaak Levitan (1860–1900), skilder; libbe en wurke yn Pljos fan 1888 oant 1889. Njonken Levitan wurken dêr ek ferneamde skilders lykas Fjodor Vasiljev, Aleksej Savrasov, Boris Prorokov en Nikolai Zjûkov.
It besjen wurdich thumb|260px|Isaak Levitan-Museum Pljos is in skildereftich stedsje oan 'e Wolga. De stêd heart ta de Gouden Ring fan Ruslân en falt hielendal ûnder monumintesoarch. In soad stiennen hûzen út de 18e en de 19e iuw binne bewarre bleaun.
De stêd besit in Museum fan de Stedskiednis en it Isaak Levitan-Museum.
Simmerdeis wurde yn 'e stêd in soad muzyk- en teäterfoarstellings organisearre.
Tsjerken Himelfeartkatedraal (1699); Tsjerke fan de Opstanning fan Kristus (1817); Trije-ienheidstsjerke (1808) Marije-Presintaasjetsjerke (1828) Barbaratsjerke (1821); Transfiguraasje tsjerke (1840); Petrus- en Paulustsjerke (1845; yn 'e Sovjet-tiid waarden de koepel en de klokketoer fernield) de houten Opstanningstsjerke (1699; oarspronklik ôfkomstich út it doarp Biljûkovo, Iljinski Distrikt, Oblast Ivanovo; ferhûze yn 1982 nei Pljos); de houten Aartsingel Michaelskapel (1825; oarspronklik ôfkomstich út it doarp Antonovo, Wolga-regio, Oblast Ivanovo; sûnt 2018 wer yn gebrûk as tsjerke).
</center>
Kategory:Plak yn Ivanovo (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1410 Kategory:Gouden Ring (Ruslân)