De Scream Awards wiene in groep Amerikaanske prizen op it mêd fan film dy't útrikt waarden troch de tillefyzjestjoerder Spike TV, dy't ek de útrikkingsseremoanje útstjoerde. De prizen stiene dêrom ek wol bekend as de Spike TV Scream Awards. De prizen leine har ta op films fan 'e sjenres science fiction, sjenre en horror. De earste útrikking fan 'e Scream Awards fûn plak yn 2006. Nei de útrikkingsseremoanje fan 2011 waarden de prizen om net bekend makke redens ôfskaft.
Wichtichste kategoryen bêste science fiction-film bêste fantasyfilm bêste horrorfilm bêste aksjefilm bêste stripferfilming bêste tillefyzjesearje
bêste akteur yn in science fiction-film bêste aktrise yn in science fiction-film bêste akteur yn in fantasyfilm bêste aktrise yn in fantasyfilm bêste akteur yn in horrorfilm bêste aktrise yn in horrorfilm gjalpkeningine (scream queen) bêste heldhaftige optreden bêste superheld bêste smjunt bêste trochbraakrol
ultime gjalp (ultimate scream) meast memorabele skeining (most memorable mutilation) sêne fan it jier (scene of the year; yn guon jierren de 'Holy Sh!t Award' of de 'Jump-from-Your-Seat Award' neamd)
Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Science fiction-priis Kategory:Fantasypriis Kategory:Horrorpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2006 Kategory:Priis of ûnderskieding opheft yn 2011