Boobwatch is in Amerikaanske pornofilm fan it grutte-boarstesjenre út 1996. It is in pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch, oer it wol en wee fan in groep strânwachten oan 'e kust fan it Kalifornyske Malibu, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie. Wylst de titel fan Baywatch oerset wurde kin as "Baaiwacht", bestjut "Boobwatch" safolle as "Titewacht". Boobwatch wie in produksje fan filmstudio Sin City. De film kaam letter mei weromwurkjende krêft bekend te stean as Boobwatch 1, mei't der ferskate ferfolgen op makke waarden.

Plot In stikmannich froulju dy't strânwacht wurde wolle, geane yn training by strânwachtfeteranen Alex en Rod. De nijste lichting strânwachten blykt gjin ferlet mear te hawwen fan rêdingsboeien, mei't se tarist binne mei eigen apparaten dy't harren driuwende hâlde. Nei in drege en útputtende training slagje de froulju allegearre mei flagge en wimpel, en krije se harren diploma as strânwacht útrikt.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Rocki Rocki Roads Billie Jean Sophia Staks Alex Mike Horner

byrollen personaazje akteur/aktrise Rod Vince Vouyer Crystal Ruby April Chrissy Canfield Chastity Stevie Starr Ruby har dreamminner Colt Steel Rocki har man Ringman

Sêne-yndieling sêne 1: Rocki Roads en Ringman sêne 2: Sophia Staks en Vince Vouyer sêne 3: Chrissy Canfield en Stevie Starr sêne 4: Ruby en Colt Steel sêne 5: Rocki Roads en Mike Horner

Produksje Boobwatch waard regissearre troch James DiGiorgio, nei in senario dat er sels skreaun hie. Filmprodusint wie Luc Wylder, foar filmstudio Sin City. As útfierend produsint wie Matthew Taylor by it projekt belutsen, wylst Jack Remy de kamerarezjy die.

Keppelings om utens Ynformaasje oer Boobwatch yn 'e Internet Movie Database Ynformaasje oer Boobwatch yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Sjoch ek Babewatch

Kategory:Amerikaanske pornofilm Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film fan Sin City Kategory:Film út 1996 Kategory:Film oer in helptsjinst Kategory:Strânwacht