De euro is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek wol oantsjut as de "eurosône". Nei de Amerikaanske dollar is de euro de wichtichste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.

Meidoggers / Wikselkoersen Yn de takomst sille ek oare lannen fan de Jeropeeske Uny tatrede ta de Eurosône. thumb|upright=1.2|De eurosône (2026)

De euro is in wettich betelmiddel yn 21 fan de 27 lannen fan de Jeropeeske Uny.

Dy lannen binne: Lân Sûnt Alde munt Wikselkoers fan Euro border|20px Belgje 1999* Belgyske frank BEF 40,3399 border|20px Bulgarije 2026* Bulgaarske lev BGN 1,95583 border|20px Dútslân 1999* Dútske mark DEM 1,95583 border|20px Eastenryk 1999* Eastenrykske skelling ATS 13,7603 border|20px Estlân 2011 Estyske kroan EEK 15,6466 border|20px Finlân 1999* Finske mark FIM 5,94573 border|20px Frankryk 1999* Frânske frank FRF 6,55957 border|20px Grikelân 2001* Grykske drachme GRD 340,750 border|20px Ierlân 1999* Ierske pûn IEP 0,787564 border|20px Itaalje 1999* Italjaanske lire ITL 1936,27 border|20px Kroaasje 2023 Kroätyske kuna HRK 7,53450 border|20px Letlân 2014 Letske Lats LVL 0,702804 border|20px Litouwen 2015 Litouske Litas LTL 3,45280 border|20px Lúksemboarch 1999* Lúksemboarchske frank LUF 40,3399 border|20px Malta 2008 Malteeske pûn MTL 0,429300 border|20px Nederlân 1999* Nederlânske gûne NLG 2,20371 border|20px Portegal 1999* Portegeeske eskûdo PTE 200,482 border|20px Syprus 2008 Syprioatyske pûn CYP 0,585274 border|20px Sloveenje 2007 Sloveenske tolar SIT 239,640 border|20px Slowakije 2009 Slowaakske kroan SKK 30,1260 border|20px Spanje 1999* Spaanske peseta ESP 166,386* fysike ynfiering 2002

Fierders binne der ek noch guon lannen en territoaria dy't net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de euro as betelmiddel hawwe. De folgjende lannen hawwe dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten: Akrotiri en Dhekelia Andorra    Fatikaanstêd Frânsk-Sint-Marten   Monako San Marino Sint-Bartelemy Sint-Pierre en Miquelon en itselde jildt foar de ûnbewenne Frânske oerseeske gebieten Clipperton en de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen. Lannen dêr't de euro as betelmiddel ynfierd is sûnder dat dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten is, binne: Kosovo Montenegro

Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.

De euro is ek de munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de dollar wurdt de euro dêr oant no ta net brûkt.

Fêste wikselkoers Der binne fierders 11 muntienheden dy't in fêste wikselkoers mei de euro hawwe, d.w.s. dy't oan 'e euro fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e eurokoers binne: Bosnyske ynwikselbere mark CFP-frank (brûkt yn 'e Frânske koloanjes yn 'e Stille Oseaan)   Deenske kroan Kaapverdyske eskûdo Komoarske frank Marokkaanske dirham Masedoanyske denar Santomeeske dobra Sintraalafrikaanske CFA-frank (brûkt yn 'e eardere Frânske koloanjes yn Sintraal-Afrika) Westafrikaanske CFA-frank (brûkt yn 'e eardere Frânske koloanjes yn West-Afrika) Wytrussyske roebel (ek ferbûn oan 'e Amerikaanske dollar en de Russyske roebel)

Munten De munt wurdt opdield yn 100 sinten de euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út dy fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten hawwe in Jeropeeske kant dêr't in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare kant stiet in ôfbyld dy’t de lân fan útjefte ferskillet.

Euroteken thumb|100px|It euroteken It euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De dûbelde line is it wenstige ûnderskie tusken in letter en in muntsymboal, mar wurdt ek beskôge as symboal fan de fêstheid fan de munt. It teken waard op 12 desimber 1996 presintearre troch de Jeropeeske Kommissy.

Sjoch ek Jeropeeske Uny Eurosône

Keppeling om utens

Webstee fan de Jeropeeske Sintrale Bank Euro bankbiljetten

Kategory:Jeropeeske Uny Kategory:Muntienheid Kategory:Yntroduksje út 1999 Kategory:Yntroduksje út 2002

Kategory:Ekonomy fan Belgje Kategory:Bulgarije Kategory:Dútsk jild Kategory:Eastenryk Kategory:Estlân Kategory:Finlân Kategory:Frankryk Kategory:Grikelân Kategory:Ierlân Kategory:Itaalje Kategory:Letlân Kategory:Litouwen Kategory:Lúksemboarch Kategory:Kroaasje Kategory:Malta Kategory:Nederlânsk jild Kategory:Portegal Kategory:Slowakije Kategory:Sloveenje Kategory:Spanje Kategory:Syprus