right|thumb|250px|Merovingyske fibula's De Merovingen wienen in dynasty fan Frankyske keningen, dy't oer it Frankyske ryk regearden dat bestie út dielen fan it hjoeddeiske Frankryk en Dútslân. Sy regearden fan de 5e iuw ôf oant de 8e iuw.
Skiednis De namme fan de Merovingyske dynasty is ôflaat fan Merovech, de earste kening fan de Salyske Franken, dy't hearske fan 447 oant 457 oer in lyts gebiet yn Noard-Galje. In pakesizzer fan him, Klovis, slagge deryn it grutste part fan Galje te ferienjen. Hy hat ek ferantwurdlik west foar it fersprieden fan it roomske leauwen yn Frankryk en omkriten, doe't hy him yn 496 dope liet. Nei goed Germaanske gebrûk waard it ryk fan Klovis ferdield tusken syn fjouwer soannen.
De Merovingen wienen ek ferantwurdlik foar it ûntstean fan it feodalisme, doe't dizze keningen hartoggen oanstelden foar it regearen, ferdiedigjen en de rjochtspraak oer lytse dielen fan harren keninkryk.
Tsjin de 7e iuw hienen de keningen net folle feitlike macht mear oer, en wienen sy foaral symboalyske figueren wurden. Sy hâlden har hieltyd mear dwaande mei wrâldske saken, en lieten it regearen fan it keninkryk oer oan de hofmeiers (major domo yn it Latynsk). Yn de tiid fan de Karolingen waard it amt fan hofmeier erflik. (Sjoch: Karel Martel)
Uteinlik ûnttroanden de Karolingers de Merovingen yn 751, doe't Pippyn de Koarte de Frankyske eallju efter him krige en de lêste Merovingyske kening, Gilderik III, ôfsetten waard.
Gronology en territoriale ferdielingen 481-511 Klovis I (Klodovech) Tiidrek Soissons Parys Orléans Reims 511-524 Klotarius I Gildebert I Klodomer Teuderik I 524-534 534-548 Teudebert I 548-555 Teudowald 555-558 558-561 Tiidrek Neustrje(Soissons) Parys Boergonje(Orléans Austraasje(Reims) 561-567 Gilperik I Garibert I Guntram Sigibert I 567-575 575-584 Gildebert II 584-592 Klotar II 592-595 595-612 Teuderik II Teudebert II 612-613 613 Sigibert II 613-629 Tiidrek Neustrje + Boergonje + Austraasje (Akwitaanje) 629-632 Dagobert I (Garibert II) 632 (Gilperik) 632-639 Tiidrek Neustrje + Boergonje Austraasje 639-656 Klovis II Sigibert III 656-657 Gildebert de Adoptearre 657-662 Klotar III 662-673 Gilderik II 673 Teuderik III 673-675 675-676 Teuderik III Klovis III 676-679 Dagobert II 679-691 691-695 Klovis IV (III) 695-711 Gildebert III 711-715 Dagobert III 715-717 Gilperik II 717-719 Klothar IV 719-721 721-737 Teuderik IV 737-742 Interregnum 742-751 Gilderik III
Sjoch ek Merovingyske hearskers
Kategory:Frankyske dynasty