De Eare-Oscar (Ingelsk: Honorary Oscar, mar formeel eins Academy Honorary Award) is in Amerikaanske priis op it mêd fan 'e filmkeunst dy't elts jier ein oktober of (faker) begjin novimber oan ien of mear persoanen of organisaasjes útrikt wurdt, foar it meastepart by wize fan oeuvrepriis. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, dy't útrikt wurde troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is.
Kritearia De Eare-Oscar wurdt útrikt foar ien of mear fan 'e folgjende kritearia: in bûtengewoan oeuvre as filmakteur, filmregisseur, filmprodusint en/of senarioskriuwer; bûtengewoane bydragen oan 'e filmkeunst yn it algemien en (faak) de Amerikaanske filmyndustry yn it bysûnder; treflike tsjinsten ferliend oan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences. Winners binne tsjintwurdich oer it algemien persoanen, mar yn it ferline waard dizze priis ek geregeldwei útrikt oan in organisaasje of foar in film.
Skiednis De Eare-Oscar ûntstie as de Spesjale Oscar (Academy Special Award), dy't yn 1929 op 'e earste útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars al ferjûn waard. De priis waard fan it begjin ôf oan útrikt troch de bestjoersried (Board of Governors) fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) foar bûtengewoane fertsjinsten op it mêd fan 'e film dy't bûten de oare Oscar-kategoryen foelen. Dêrta hearden ek bûtenlânske films yn in oare taal as it Ingelsk oant yn 1956 de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film ynsteld waard. De Spesjale Oscar waard yn 1950 (foar de útrikking fan 1951) omneamd ta 'Eare-Oscar' (Academy Honorary Award), en moat net betize wurde mei de yn 1971 (foar de útrikking fan 1972) ynstelde Oscar foar Spesjale Prestaasje (Academy Special Achievement Award). Sûnt 2009 wurdt de Eare-Oscar útrikt as ûnderdiel fan 'e Governors Awards ynstee fan de eigentlike Oscars (Academy Awards).
Winners De Oscars wurde útrikt foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1950", fûn de útrikking fan dy priis plak yn 1951.