Yn in puzelboek steane puzeldiagrammen foar taalpuzels of oar soarte puzels.

Der binne puzelboeken mei krúswurdpuzels, Sweedske puzels, kryptogrammen, sudoku's, wurdsikers, trochrinners en mei oare puzelsoarten as bygelyks sudoku's. De antwurden fan de puzels steane soms efteryn de boekjes, mar ek wolris yn it neikommende nûmer. Bytiden kin in puzelpriis wûn wurde troch it ynstjoeren fan priispuzel.

Der boekjes wurde ferkocht yn boekhannels en supermerken. Gauris hawwe de boekjes in swierrigensgraad, fariërjend fan 1 stjer oant en mei 5 stjerren.

Skiednis It earste (krúswurd)puzelboek waard yn 1924 makke troch de redaksje fan de Amerikaanske krante New York World. Skiednis fan de krúswurdpuzel

Yn 1983 ferskynde by De Friese Pers it earste "Frysk Puzelwurdboek" yn it Frysk fan Douwe van der Meulen. Yn dit boekje stiene twa puzelsoarten: krúswurdriedlings en Kryptogrammen. Der siet tagelyk in hantlieding yn foar it oplossen fan kryptogrammen.Frysk Puzelwurdboek - D. van der Meulen, Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1993; ISBN 90 330 2521 3

Yn 1984 ferskynden by de Afûk de "Harsenskrabje Frysk Puzelboekjes 1 en 2" fan ‘puzelfeint’ Jaap Wolthuizen.Harsenskrabje Frysk puzelboekje 1 - J. Wolthuizen, Afûk 1983 (ISBN 90 62732615) Yn diel 1 stie in grut ferskaat oan puzelsoarten lykas trochrinners, spiraalriedsels, oanfolpuzels. Yn diel 2 stiene allinnich krúswurdpuzels.Harsenskrabje Frysk puzelboekje 2 - J. Wolthuizen, Afûk, 1984; ISBN 90 62732623 Yn 1984 ferskynde foar bern ek noch "Puzelguod" fan Durk Wiersma, gearstald út materiaal fan it MSU yn Ljouwert.Puzelguod - mei Fryske puzels foar bern fan 10-99 jier - D. Wiersma, Afûk, 1984; ISBN 9062732443

Yn 1989 waarden as fuortsetting op de puzelboekjes fan Wolthuizen de "Frysk puzelboekje 3" en "Frysk puzelboekje 4" fan Van der Meulen útjûn.Frysk Puzelboekje 3 - D. van der Meulen, Friese Pers, 1989; ISBN 90-6273-406-5Frysk puzelboekje 4 - D. van der Meulen, Afûk 1989; ISBN 90-6273-411-1 Yn de boekjes stie in grut ferskaat oan puzels, fan anagrammen, logigrammen en magyske fjouwerkanten oant lispuzels, wurdkoades en siswizers.

Yn 1994 kaam it puzelboekje Wurdsikers út. Dêryn stiene 55 tematyske trochstreekpuzels.55 Wurdsikers - J. Wolthuizen, Frysk en Frij / Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding (MSU) 1994; ISBN 90-73554-14-4 Om de lêstekens útkomme te litten, stiene de puzelwurden net yn haadletters oanjûn.

Oersjoch Fryske puzelboekjes

Sjoch ek Puzel Puzelwurdboek

Kategory:Taalpuzel Kategory:Boek