Neakenens of neakenheid, ek bleatens of bleatheid, is it net dragen fan klean troch minsken, benammen oer dielen fan it lichem dy't geslachtsskaaimerken werjouwe, lykas de skamstreek en (by froulju) de boarsten. Homo sapiens, de moderne minske, is de iennichste primaat dy't fierhinne ûnbehierre is, en de iennichste bistesoarte dy't keunstmjittige foarmen fan lichemsbedekking (d.w.s. klean) brûkt om 'e neakenens te ferbergjen. Oarspronklik is it dragen fan klean fuortkommen út praktyske omtinkens. Nei't de iere minsken Afrika ferlitten hiene en har nei wenjen setten yn kâldere oarden, wie it dragen fan klean simpelwei needsaaklik om har te beskermjen tsjin 'e dêr hearskjende waarsomstannichheden. Hjoed de dei hat it dragen fan klean en de mjitte fan it dragen fan klean ek sterk te krijen mei kulturele omtinkens, lykas etnisiteit, religy, persoanlike identiteit en de algemien jildende noarmen en wearden. Faak spylje ek troch de oerheid opleine wetten in rol.
Betsjutting en gebrûk Hoewol't 'neaken' sûnder fierdere omskriuwing oer it algemien opfet wurde sil as 'sûnder lykfol hokker klean', kin mei de term 'neaken', ôfhinklik fan 'e kontekst in ferskaat fan steaten fan neakenens werjûn wurde. As bygelyks sein wurdt: "mei in neaken boppelichem" of "yn syn bleate bast", begrypt de taharker dat de beskreaune persoan wol klean oan it ûnderlichem hat. In term as 'healneaken' is dizeniger, mar it is dúdlik dat de beskreaune persoan yn sa'n gefal net hielendal neaken is. As men oanjaan wol dat ien hielendal gjin klean oan hat, brûkt men omskriuwings as: "yn syn adamskostúm", "yn 'e bleate kont", "sa neaken as er te wrâld kommen wie" of "yn syn nakene niksy". Yn 'e filosofy wurdt sa'n steat fan folsleine neakenens wol omskreaun as "de natuerlike steat". By froulju wurdt, as se it boppeliif (en dêrmei de boarsten) yn it iepenbier ûntbleatsje (mar it ûnderliif net), sein dat se topless binne.
Neakenens en emoasjes Skamte en sjêne skamte is in emoasje dy't gauris mei neakenens assosjearre wurdt, krekt sa't skuldgefoelens assosjearre wurde mei it dwaan fan wat dêr't men fan wit dat it ferkeard is. Skamte is oer it algemien lykwols in langer duorjende emoasje as skuld, en hat dêrtroch net selden in duorjend negatyf effekt op it byld dat minsken fan harrensels hawwe. Yn 'e filosofy wurdt skamte yn dat ramt faak beskôge as in positive emoasje, dy't yndividuën oanset om tenei bettere beslissings te nimmen. Oan 'e oare kant is skamte lykwols in negative emoasje as it in reäksje is op it net ferfoljen fan ûnreälistyske ferwachtings. De skamte dy't minsken fiele foar harren eigen neakene lichem, is ien fan 'e klassike foarbylden fan dy emoasje, mar ynstee fan dat it in positive motivator is, wurdt it yn sokke gefallen yn 'e psychology beskôge as in gefoel dat net sûn is, en as in behindering om in posityf selsbyld te ûntwikkeljen. It gefoel dat men hat as oaren jin ûnbedoeld neaken sjogge, is gjin skamte, mar sjêne, en dat is in emoasje dy't, krekt as skuldgefoelens, oer it algemien fluch oerbetteret.
Assosjaasjes fan neakenens Positive assosjaasjes fan neakens binne: wierheid ("de neakene wierheid"), frijheid, earlikheid, iepenheid, ûnskuld, natuerlikheid, gelikensens, ienfâld. Negative assosjaasjes kinne wêze: skamte, eangst, earmoede, sjêne, fernedering en ymmoreel hâlden en dragen.
Neakenens en seksualiteit It ferbân tusken neakenens en seksualiteit of minsklik seksueel hâlden en dragen is yngewikkeld en foar mearderlei útlis fetber. It hat te krijen mei en wurdt beynfloede troch kwestjes as geslachtsidentiteit, lichemsbyld, seksuële oriïntaasje, seksuële oantrekking en morele oardielen oangeande wat normaal hâlden en dragen is, en wat ôfwikend of sels krimineel is. Naturisten, dy't persoanlike en sosjale neakenens foarsteane, meitsje ûnderskie tusken seksuële neakenens en net-seksuële neakenens. Ut wittenskiplik ûndersyk nei sokke lju hat bliken dien dat naturisten manearen fan hâlden en dragen oannimme, dy't seksuële reäksjes op oare neakene persoanen (lykas stoarjen of, by manlju, it krijen fan in ereksje) ûnderdrukke as it om sosjale neakenens giet.
Op it mêd fan 'e psychology hat neakenens te krijen mei de folgjende ferskynsels: ekshibisjonisme: in oanstriid of fantasij of de die om jins eigen neakenens, benammen fan 'e geslachtsdielen of, by froulju ek fan 'e boarsten of de stuten, sjen te litten oan wyldfrjemden dy't men yn 't foar net frege hat oft se dat wol wolle. foyeurisme of mei in ferâldere Fryske oantsjutting strúnjeien: in oanstriid of fantasij of de die fan it bespionearjen fan minsken dy't dwaande binne mei yntime foarmen fan hâlden en dragen, lykas útklaaien, waskjen of it hawwen fan seksuële omgong. gymnofoby: in abnormale en oanhâldende eangst foar neakenens. Foar guon lju binne sokke gefoelens en gedragings sa oerhearskjend dat se normaal seksueel funksjonearjen yn 'e wei steane en kategorisearre wurde moatte as geastlike oandwanings.
Skiednis Prehistoarje Dat de moderne minske, Homo sapiens, mar sa'n bytsje hier hat, is in biologyske ferklearring foar nedich, yn acht nommen dat hier him by sûchdieren ûntwikkele hat om se te beskermjen tsjin ultrafiolette strieling yn sinneljocht en ek tsjin ferwûnings, swolms en biten en stekken fan ynsekten. Yn 'e regel gie men der yn it ferline fan út dat der evolúsjonêre foardielen sieten oan it net hawwen fan in hierlaach dy't de lichemswaarmte fêsthold, nei't de iere minskeftigen út it beskade tropysk reinwâld nei de iepen savanne tein wiene. Tagelyk feroare doe ek it dieet fan fierhinne fegetarysk ta foar in oansjenlik part besteande út fleis, en om 'e proaidieren te fangen, moast der gauris in hiel ein draafd wurde, wêrby't it op 'e nij in foardiel wie as men de lichemswaarmte kwytkinne soe.
Dy ferklearring leit lykwols net út wêrom't oare rôfdieren fan 'e savanne, lykas jachtloaihoarsen en liuwen, of sels bavianen, dan noch wol in pels hawwe. De ferklearring foar it minsklik hierferlies dy't tsjintwurdich de measte akseptaasje yn 'e wittenskip hat, is dat it hawwen fan in pels wenromte ferskaft oan parasiten lykas luzen, flieën en tiken, wat in grutter probleem wurden wêze soe doe't minsken as jagers yn gruttere groepen begûnen gear te libjen. Neffens Nina Jablonski en oare saakkundigen soene iere hominiden, krekt as de moderne sjimpansee, in ljochte hûd hân hawwe, oerdutsen mei dûnker hier. Troch it ferlies fan it hier evoluëarre der lykwols al gau in dûnkerder (negroïde) hûdskleur, mei in hegere mjitte fan it pigmint melanine, dat beskermet tsjin ultrafiolette strieling.
In oar gefolch fan it ferlies fan 'e pels wie dat it foar minsken mooglik waard om oerstallige lichemswaarmte ôf te stjitten troch te switten. Dat wie in wichtige faktor by it mooglik meitsjen fan 'e evolúsje fan gruttere harsens, dy't op har beurt soargen foar in gruttere yntelliginsje. It ferlies fan hier makke ek de ûntwikkeling fan beskate non-ferbale kommunikaasjefoarmen mooglik, lykas gesichtsútdrukkings en it it krijen fan in kaam. Doe't de minske út Afrika wei teach en him fêstige yn Aazje en Jeropa, wie der net mear sa'n hege konsintraasje fan melanine yn 'e hûd nedich om't de krêft fan 'e sinne yn dy gebieten folle minder wie. Troch ferskate foarmen fan depigmintaasje dy't de synteze fan fitamine D troch ultrafiolet ljocht mooglik makke, ûntstiene doe de blanke en mongoloïde hûdskleuren.
Yn harren kâldere nije wengebieten koene minsken net mear folslein neaken omrinne, en om har te beskermjen tsjin 'e eleminten, waard doe it dragen fan klean útfûn. Saakkundigen rûze dat de moderne minske tusken 350.000 en 260.000 jier lyn ûntstie, en in genetysk]e analyze fan 'e kleanlús hat útwiisd dat dy him tusken 170.000 en 83.000 jier lyn ôfspjalten hat fan 'e hollelús. Dat wiist derop dat de minske yn dy perioade úteinset wêze moat mei it dragen fan klean. It is trouwens skoan mooglik dat wat no 'klean' neamd wurdt, stadichoan fuortkommen is út oare foarmen fan lichemsfersiering, lykas it oanbringen fan tatoeaazjes en piercings en it dragen fan sieraden, wêrmei't it neakene lichem 'oanklaaid' waard sûnder it te bedekken.
Klassike Aldheid Yn it Alde Egypte wiene klean eins in bykomstichheid, mei't se as beskerming tsjin 'e kjeld ornaris net nedich wiene. Manlju fan kwizekwânsje droegen rokken dy't schenti hieten. Dy wiene ûntwikkele út muldoeken en hiene wol wat wei fan 'e hjoeddeistige Skotske kilt. Froulju út begoedige fermiddens en fan 'e hegerein droegen ankellange skiefoarmige omwikkelings dy't kalasiri's hieten en opholden waarden troch bannen oer de skouders. Sljochtwei lju en slaven droegen muldoeken, en bern wiene neaken. Neakenens waardt beskôge as de natuerlike steat fan 'e minsken, en it wie it dragen fan klean dat dêr in ôfwiking fan wie.
Yn it Alde Grikelân waard neakenens krektlyk beskôge as de natuerlike steat. It waard boppedat sjoen as wat posityfs; benammen manlike neakenens waard troch de âlde Griken fierd sa't dat yn gjin kultuer foartiid of neitiid dien is. Sjêne om jins eigen neakenens, benammen as it gie om 'e needsaak om jin út te klaaien sadat jin meidwaan koene oan sport, waard beskôge as in wis teken dat men mei in barbaar fan dwaan hie.
Yn 'e Romeinske Republyk en letter it Romeinske Ryk hold men der in oare hâlding foar neakenens op nei. Yn Rome wie it manlik ideaal nammentlik net it neakene lichem, mar it dragen fan 'e toga, dat jin ûnderskate as in folwoeksen Romeinsk boarger. De dichter Ennius (±239-160 f.Kr.) fette de Romeinske opfetting foar neakenens oer gear mei syn bekende wurden "Flagiti pricipium est nudare inter civis corpora," wat frij fertaald bestjut "it ûntbleatsjen fan jins lichem yn it iepenbier is it begjin fan ferfal ta skande." Sisero, dy't as gjin oar de noarmen en wearden fan it âlde Rome belicheme, stimde yn dy wurden mei.
Sina Yn it Alde Sina waard neakenens al yn ferhalen út 'e fjirde iuw f.Kr. as in mislediging fan 'e minsklike weardichheid foarsteld. Dy opfetting kaam fuort út it Sineeske idee dat 'minske-wêzen' en dêrmei lidmaatskip fan in maatskippij, gjin ynherint minskerjocht is, mar fertsjinne wurde moat troch korrekt hâlden en dragen. Oan 'e oare kant koe de eigen neakenens yn Sina ek brûkt wurde om minachting út te drukken foar oare oanwêzigen, yn 'e sin dat sokke persoanen it net wurdich wiene om jin fatsoenlik foar oan te klaaien. Fierders bestiene der ek ferhalen wêryn't de neakenens fan froulju, fuortkommend út 'e krêft fan it yin, de agresje fan manlju, fuortkommend út it yang, opheffe koe.
Japan Yn Japan kamen iepenbiere badhuzen, dêr't beide seksen trochinoar neaken baaiden, oant yn 'e njoggentjinde iuw rûnom foar. Pas doe't it lân ûnder kulturele ynfloed fan 'e Westerske wrâld kaam, in ûntwikkeling dy't úteinsette mei de Meiji-restauraasje fan 1868, en dy't him pas wier fielber makke ûnder de Amerikaanske besetting fan Japan oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, rekke dy praktyk yn it neigean. Tsjintwurdich komt mingd baaien inkeld noch foar yn in stadichoan belúnjend tal waarmwetterboarnen bûten de stedske sintra. In oare foarm fan iepenbiere neakenens yn Japan wie dy fan froulike frijdûkers (ama), dy't 2.000 jier lang seewier en skaaldieren sammelen wylst se allinnich mar klaaid wiene yn in muldoek. Ek boerinnen wiene simmerdeis gauris mei ûntbleate boppeliif op it lân oan it wurk. Soks wie neat skokkends oan, en pas yn 'e 1960-er jierren kaam oan sokke praktiken in ein ûnder ynfloed fan in út 'e Feriene Steaten oernommen nije kekenens.
Tropyske kultueren