thumb|Bart Helmholt thumb|Mei it Nederlânsk rekord yn Burgum

Bart Helmholt (Heerlen, 19 augustus 1982) is in Fryske Fierljepper út Noardburgum. Helmholt komt út yn de Senioaren Topklasse foar de Ljeppersklup Bergum. Hy waard earste yn it klassemint fan it Frysk Ljeppersbûn (FLB).

It persoanlike rekord fan Helmholt is tagelyk ek it Fryske en Nederlânske senioaren ljeprekord. Op 5 augustus 2010, kaam Helmholt op de thúsbarte fan syn klup yn Burgum oant de 21,26 meter. Hy ferbettere dêr syn eigen rekord wat hy in jier earder op it Nederlânsk kampioenskip yn Jaarsveld op 21.01 brocht hie., Offisjele rekôrds fierljeppen (sjoen op 31 oktober) Bart Helmholt is de iennichste ljepper dy't oer de 21 meter ljept hat., Nij rekôr Bart Helmholt Op 27 augustus 2011 sprong Helmholt yn Linschoten in nij Nederlânsk rekord fan 21.51 meter. Op 10 septimber 2011 sprong Helmholt yn Amersfoort 22.34 meter.

Súksessen Nederlânsk kampioen Senioaren 2003, 2006, 2007, 2008, 2009, 2011 Nederlânsk kampioen Junioaren 2002 Frysk kampioen Senioaren 2006, 2008, 2009 Frysk kampioen Junioaren 2001, 2002 NFM kampioen Senioaren 2003 NFM kampioen Junioaren 2001, 2002

Keppeling om utens

Kategory:Frysk fierljepper Kategory:Persoan berne yn Hurdegaryp Kategory:Persoan berne yn 1982