Liudger (Zuilen by Utert, 742 - Billerbeck 26 maart 809) wie yn 'e 8e iuw in misjonaris en biskop yn it gebiet fan 'e Friezen en 'e Saksen. Hy makke it wurk ôf fan 'e evangeeljeprekers Willibrord en Bonifatius en wurdt wol as de "apostel fan 'e Saksen" oantsjut. https://catholicsaints.info/book-of-saints-ludger/ Liudger is de patroanhillige fan Balk. Syn feestdei is op 26 maart.
Libben Liudger syn pake Wursing wie in Fryske ealman, dy't yn 'e tiid fan kening Redbad de kant fan 'e Franken keas en nei Luik flechte. Dêr kaam er yn kontakt mei it kristendom en bekearde him ta dat leauwe. Syn soan Thiadgrim troude mei Liafburg, in fromme kristinne út de Fryske adel en út dat houlik waard Liudger berne. Liudger folge syn oplieding yn Utert by Gregoarius fan Utert en letter stjoerden syn âlden him nei York yn Ingelân. Yn dy tiid stie de ferneamdste skoalle fan Westlik-Jeropa ûnder lieding fan Ealwyn. Letter soe dy gelearde persoan de hofskoalle fan Karel de Grutte ûnder syn hoede krije. thumb|left|Sint-Liudger as biskop yn 'e Klús fan Us Leaffrou fan de Besletten Tún, Warfhuzen. In 777, yn 'e âldens fan 43 jier, begûn Liudger syn apostelwurk yn Dimter. Fan derút wreide er syn wurk út nei it noarden, oant de fierste úthoeken fan 'e Fryske wrâld. Oan 'e ein fan eltse simmer sylde er fan Starum út nei Utert, om dêr yn 'e hjerst les te jaan oan 'e kleasterskoalle.
Syn foargongers, benammen Bonifatius, hienen net folle sukses hân yn 'e noardlike kontreien. Liudger hie it grutte foardiel dat er de Fryske lânstaal prate. Neffens de oerlevering hat de genêzing fan 'e bline bard Bernlef, foar in grut part bydroegen oan syn sukses. Op ien fan syn reizen troch Grinslân kaam Liudger de bline bard tsjin yn Helwerd. Hy besocht om Bernlef ta it kristendom te bekearen. Bernlef soe doe tsjin Liudger sein hawwe, "as jo God sa almachtich is, toan my dan in teken". Liudger lei dêrop de hannen op 'e eagen fan Bernlef en nei it sprekken fan in gebed koe de bline bard wer sjen. It nijs fan dy genêzing gie doe as diggelfjoer troch it lân fan 'e Friezen.
Nei it delslaan fan 'e opstân fan Unno en Eilrad yn Rjustringen, waard Liudger foar missywurk nei de eastlike Fryske gebieten en de Saksen yn Múnsterlân stjoerd. Yn 796 stifte Liudger yn Mimigernaford (Múnster) in kanunnikekleaster oan 'e rivier de Roer. Om fan dat kleaster in sintrum fan beskaving en kennis te meitsjen, joech er al syn besit oan it kleaster. Neitiid waard Liudger biskop fan Múnster. Liudger ferstoar yn 'e âldens fan 67 jier.
Reliken thumb|260px|Liudgerskryn yn Werden. De reliken fan Liudger wurde yn in skryn bewarre yn 'e krypt fan 'e abdijtsjerke Sint-Ludgerus yn Werden by Essen.Heiligenlexicon, oproppen 28 novimber 2023
Attribút Liudger wurdt fakentiden as biskop út- en ôfbylde. As attribút hat er somtiden in pear guozzen by him. Dy guozzen ferwize nei syn útstel om yn rûzige tiden guozzen te hâlden, dy't by need as iten brûkt wurde kinne.Heiligenlexicon, oproppen 28 novimber 2023
Sjoch ek It Libben fan de Hillige Liudger.
Publikaasjes "Ludger, woorden en daden"
Literatuer H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, Utert, 2000, s. 290–292 en 294.
Keppeling om utens Hiemside Sint-Liudgerrûnte
Kategory:Frysk sindeling Kategory:Ier-kristlik sindeling Kategory:Frysk biskop Kategory:Dútsk biskop Kategory:Biskop fan Múnster Kategory:Roomsk-katolyk biskop Kategory:Frysk publisist Kategory:Midsiuwsk skriuwer Kategory:Hagiograaf Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Frysk hillige Kategory:Dútsk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Persoan berne yn 742 Kategory:Persoan stoarn yn 809