De Gouden Bear (Dútsk: Goldener Bär) is in wichtige Dútske priis op it mêd fan ynternasjonale films dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. It is de heechste priis fan dat filmfestival. De Gouden Bear waard yn 1951 foar it earst útrikt, op 'e earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. De priis bestiet út in gouden byldsje fan in bear, it symboal fan Berlyn, dat ek prominint op it wapen en de flagge fan dy stêd stiet. De Gouden Bear wurdt útrikt yn trije kategoryen: bêste film (sûnt 1951), bêste koarte film (sûnt 1956) en yn 'e foarm fan 'e Gouden Earebear as oeuvrepriis foar akteurs en filmmakkers (soms oan ferskate persoanen tagelyk).
Gouden Bear foar bêste film Takenning De winners fan 'e Gouden Bear op 'e earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn yn 1951 waarden útornearre troch in Westdútske faksjuery. Der wiene fiif winners, ferdield oer fiif ferskillende kategoryen. Fan 1952 ôf wie der noch mar ien kategory: bêste film. De winner dêrfan waard fan 1952 oant en mei 1955 keazen troch it publyk. Yn 1956 waard it filmfestival formeel akkreditearre troch de Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF). Sûnt dy tiid wurdt de Gouden Bear foar bêste film tawiisd troch in ynternasjonale faksjuery.
Winners jier lân titel (ynternasjonale titel) regisseur1951: Westdútske faksjuery, 5 kategoryen1951 Feriene Steaten Cinderella (kategory musical) Wilfred Jackson Frankryk Justice est Faite (Justice Is Done) (kategory skriller of aventoerefilm) André Cayatte Frankryk … Sans Laisser d'Adresse (Without Leaving an Address) (kategory komeedzjefilm) Jean-Paul Le Chanois Switserlân Die Vier im Jeep (Four in a Jeep) (kategory dramafilm) Leopold Lindtberg Feriene Steaten In Beaver Valley (kategory dokumintêre) James Algar1952 – 1955: publykspriis 1952 Sweden Hon Dansade en Sommar (One Summer of Happiness) Arne Mattsson 1953 Frankryk Itaalje Le Salaire de la Peur (The Wages of Fear) Henri-Georges Clouzot 1954 Feriene Keninkryk Hobson's Choice David Lean 1955 West-Dútslân Die Ratten (The Rats) Robert Siodmakfan 1956 ôf: ynternasjonale faksjuery 1956 Feriene Steaten Invitation to the Dance Gene Kelly 1957 Feriene Steaten 12 Angry Men Sidney Lumet 1958 Sweden Smultronstället (Wild Strawberries) Ingmar Bergman 1959 Frankryk Les Cousins (The Cousins) Claude Chabrol 1960 Spanje Itaalje El Lazarillo de Tormes César Fernández Ardavín 1961 Itaalje La Notte (The Night) Michelangelo Antonioni 1962 Feriene Keninkryk A King of Loving John Schlesinger 1963 Itaalje Il Diavolo (To Bed or Not to Bed) Gian Luigi Polidoro Japan Bushidō: Zankoku Monogatari (Bushido: The Cruel Code of the Samurai) Tadashi Imai 1964 Turkije Susuz Yaz (Dry Summer) Metin Erksan 1965 Frankryk Alphaville, une Étrange Aventure de Lemmy Caution (Alphaville) Jean-Luc Godard 1966 Feriene Keninkryk Cul-de-Sac Roman Polanski 1967 Belgje Le Départ (The Departure) Jerzy Skolimowski 1968 Sweden Ole Dole Doff (Who Saw Him Die?) Jan Tröll 1969 Joegoslaavje Rani Radovi (Early Works) Želimir Žilnik 1970 gjin Gouden Bear foar bêste film útrikt 1971 Itaalje Il Giardino dei Finzi Contini (The Garden of the Finzi-Continis) Vittorio De Sica 1972 Itaalje I Racconti di Canterbury (The Canterbury Tales) Pier Paolo Pasolini 1973 Yndia Ashani Sanket (Distant Thunder) Satyajit Ray 1974 Kanada The Apprenticeship of Duddy Kravitz Ted Kotcheff 1975 Hongarije Örökbefogadás (Adoption) Márta Mészáros 1976 Feriene Steaten Buffalo Bill and the Indians, or Sitting Bull's History Lesson Robert Altman 1977 Sovjet-Uny Voschoždenije (The Ascent) Larisa Sjepitko 1978 Spanje Las Truchas José Luis García Sánchez Spanje Las Palabras de Max (What Max Said) Emilio Martínez-Lázaro Spanje Ascensor Tomás Muñoz 1979 West-Dútslân David Peter Lilienthal 1980 Feriene Steaten Heartland Richard Pearce West-Dútslân Palermo oder Wolfsburg (Palermo or Wolfsburg) Werner Schröter 1981 Spanje Deprisa, Deprisa (Hurry, Hurry!) Carlos Saura 1982 West-Dútslân Die Sehnsucht der Veronika Voß (Veronika Voss) Rainer Werner Faßbinder 1983 Feriene Keninkryk Ascendancy Edward Bennett Spanje La Colmena (The Beehive) Mario Camus 1984 Feriene Steaten Love Streams John Cassavetes 1985 East-Dútslân Die Frau und der Fremde (The Woman and the Stranger) Rainer Simon Feriene Keninkryk Wetherby David Hare 1986 West-Dútslân Stammheim: Die Baader-Meinhof-Gruppe vor Gericht (Stammheim) Reinhard Hauff 1987 Sovjet-Uny Tema (The Theme) Gleb Panfilov 1988 Sina Hong Gao Liang (Red Sorghum) Zhang Yimou 1989 Feriene Steaten Rain Man Barry Levinson 1990 Feriene Steaten Music Box Costa-Gavras Tsjechoslowakije Skřivánci na Niti (Larks on a String) Jiři Menzel 1991 Itaalje La Casa del Sorriso (The House of Smiles) Marco Ferreri 1992 Feriene Steaten Grand Canyon Lawrence Kasdan 1993 Sina Xiāng Hún Nǚ (Woman Sesame Oil Maker) Xie Fei Taiwan Feriene Steaten Xi Yan (The Wedding Banquet) Ang Lee 1994 Ierlân Feriene Keninkryk In the Name of the Father Jim Sheridan 1995 Frankryk L'Appât (The Bait) Bertrand Tavernier 1996 Feriene Steaten Sense and Sensibility Ang Lee 1997 Feriene Steaten The People vs. Larry Flynt Miloš Forman 1998 Brazylje Frankryk Central do Brasil (Central Station) Walter Salles 1999 Feriene Steaten The Thin Red Line Terrence Malick 2000 Feriene Steaten Magnolia Paul Thomas Anderson 2001 Feriene Keninkryk Frankryk Intimacy Patrice Chéreau 2002 Japan Sen to Chihiro no Kamikakushi (Spirited Away) Hayao Miyazaki Feriene Keninkryk Ierlân Bloody Sunday Paul Greengrass 2003 Feriene Keninkryk This World Michael Winterbottom 2004 Dútslân Turkije Gegen die Wand (Head-On) Fatih Akin 2005 Súd-Afrika U-Carmen eKhayelitsha (U-Carmen) Mark Dornford-May 2006 Bosnje-Hertsegovina Grbavica Jasmila Žbanić 2007 Sina Túyǎ De Hūnshì (Tuya's Marriage) Wang Quan'an 2008 Brazylje Tropa de Elita (Elite Squad) José Padilha 2009 Perû Spanje La Teta Asustada (The Milk of Sorrow) Claudia Llosa 2010 Turkije Dútslân Bai (Honey) Semih Kaplanoğlu 2011 Iraan Jodai-e Náder az Simin (A Separation) Asghar Farhadi 2012 Itaalje Cesare Deve Morire (Ceasar Must Die) Paolo en Vittorio Taviani 2013 Roemeenje Poziţia Copilului (Child's Pose) Călin Peter Netzer 2014 Sina Bai Ri Yan Huo (Black Coal, Thin Ice) Diao Yinan 2015 Iraan Taksi (Taxi) Djafar Panahi 2016 Itaalje Fuocoammare (Fire at Sea) Gianfranco Rosi 2017 Hongarije Testről és Lélekről (On Body and Soul) Ildikó Enyedi 2018 Roemeenje Dútslân Tsjechje Bulgarije Frankryk Nu Mă Atinge-mă (Touch Me Not) Adina Pintilie 2019 Frankryk Israel Synonymes (Synonyms) Nadav Lapid 2020 Iraan Sheytân Vojūd Nadârad (There Is No Evil) Mohammad Rasûlof 2021 Roemeenje Babardeală cu Bucluc sau Porno Balamuc (Bad Luck Banging or Loony Porn) Radu Jude 2022 Itaalje Spanje Alcarràs (Alcarràs) Carla Simón 2023 Frankryk Japan Sur l'Adamant (On the Adamant) Nicolas Philibert 2024 Benyn Frankryk Senegal Dahomey (Dahomey) Mati Diop
Gouden Earebear Yn 1982 waard njonken de Gouden Bear foar bêste film en dy foar bêste koarte film ek noch in Gouden Bear yntrodusearre by wize fan oeuvrepriis foar lju dy't in útsûnderlike bydrage levere hawwe oan 'e filmyndustry. Dy priis wurdt de Gouden Earebear (Goldener Ehrenbär) neamd.
Winners jier lân winner(s)1982 Feriene Steaten James Stewart1988 Feriene Keninkryk sir Alec Guinness1989 Feriene Steaten Dustin Hoffman1990 Feriene Steaten Oliver Stone 1993 Feriene Steaten Gregory Peck Feriene Steaten Billy Wilder1994 Itaalje Sophia Loren1995 Frankryk Alain Delon 1996 Feriene Steaten Elia Kazan Feriene Steaten Jack Lemmon1997 Feriene Steaten Kim Novak1998 Frankryk Catherine Deneuve1999 Feriene Steaten Shirley MacLaine2000 Frankryk Jeanne Moreau2001 Feriene Steaten Kirk Douglas 2002 Feriene Steaten Robert Altman Itaalje Claudia Cardinale2003 Frankryk Anouk Aimée2004 Argentynje Fernando Solanas 2005 Súd-Koreä Im Kwon-taek Spanje Fernando Fernán Gómez 2006 Poalen Andrzej Wajda Feriene Keninkryk sir Ian McKellen2007 Feriene Steaten Arthur Penn2008 Itaalje Francesco Rosi2009 Frankryk Maurice Jarre 2010 Dútslân Wolfgang Kohlhaase Dútslân Hanna Schygulla2011 Dútslân Armin Müller-Stahl2012 Feriene Steaten Meryl Streep2013 Frankryk Claude Lanzmann2014 Feriene Keninkryk Ken Loach2015 Dútslân Wim Wenders2016 Dútslân Michael Ballhaus2017 Itaalje Milena Canonero2018 Feriene Steaten Willem Dafoe2019 Feriene Keninkryk Charlotte Rampling2020 Feriene Keninkryk Helen Mirren2021 net útrikt2022 Frankryk Isabelle Huppert2023 Feriene Steaten Steven Spielberg2024 Feriene Steaten Martin Scorsese
Keppelings om utens Offisjele webside fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn
Kategory:Dútske filmpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1951