Mandingo, echte namme: Frederick Lamont (yn Mississippy, 25 febrewaris 1975), is in Amerikaansk pornografysk akteur en regisseur fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy hat yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammes Big Dick Fred, Curtis,Fred Dingo en Fred Foolish. Mandingo sette yn 1999 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2013 wied er wrâlds populêrste manlike pornoakteur.

Libben en karriêre Mandingo waard yn 1975 as Frederick Lamont berne yn 'e Amerikaanske steat Mississippy. Hy waard lykwols grutbrocht yn 'e krite fan Carson en Torrance, yn it suden fan 'e steat Kalifornje. Mandingo makke yn 1999 mei 24 jier syn debút as akteur yn in pornografyske film. Yn in fraachpetear hat er oanjûn dat er dat die om't er jild nedich wie om útsteande skulden te beteljen en om't er as allinnichsteande heit de soarch foar syn dochterke hie.

As pornoakteur kaam Mandingo benammen bekend te stean om syn grutte penis, dy't troch syn kollega's oer it algemien beskôge wurdt as de grutste út 'e skiednis fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. De krante de New York Post berjochte op 12 april 2013 dat de ynfloedrike webside Pornhub Mandingo as de populêrste manlike pornoakteur beskôge.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Mandingo ein 2019 yn krapoan 670 ûnderskate pornofilms spile. Dêrby hied er wurke foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Jules Jordan Video, Evil Angel, Hustler Video, Adam & Eve, Vivid Entertainment, New Sensations, Elegant Angel, Digital Playground, Red Light District Anabolic Video en Digital Sin. Fierders wied er ek in soad yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Girlfriends Films, Mile High Media, Legend Video, Metro, Leisure Time Entertainment, Platinum X Pictures, Black Ice, Afro-Centric Productions, Shane's World en Jake Steed Productions. En ek wurke er wol foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros en Blacks on Blondes.

Under syn karriêre hat Mandingo gearwurke mei aktrises as Asa Akira, Anikka Albrite, August Ames, Britney Amber, Alexis Amore, Eva Angelina, A.J. Applegate, Asia, Veronica Avluv, Belladonna, Vanessa Blue, Julia Bond, Summer Brielle, Amy Brooke, Mischa Brooks, Casey Calvert, Catalina, Lou Charmelle, Brooklyn Chase, Vicki Chase, Adriana Chechik, Lexi Cruz, Cytherea, Daisy Marie, Dana DeArmond, Sophie Dee, Nikita Denise, Ava Devine, Skin Diamond, Kelly Divine, Lacey Duvalle, Allura Eden, Alana Evans, Sophie Evans, Ariella Ferrera, Jada Fire, Ashley Fires, Alexis Ford, Shay Fox, Havana Ginger, Keisha Grey, Marica Hase, Allie Haze, Holly Hendrix, Jade Hsu, Jasimine Jae, Sara Jay, Julia Ann, Eva Karera, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Anissa Kate, Katsuni, Kimberly Kendall, Bridgette Kerkove, London Keyes, Melissa Lauren, Brooklyn Lee, Kaylani Lei, Leyla Lei, Shawna Lenée, Lea Lexus, Lisa Ann, Brandi Love, Kendra Lust, Chastity Lynn, Krissy Lynn, Mia Malkova, Jade en Nyomi Marcela, Janet Mason, Sabrine Maui, Gianna Michaels, Trina Michaels, Mariah Milano, Kelsi Monroe, Mason Moore, Mandy Muse, Tiffany Mynx, Valentina Nappi, Tricia Oaks, Olivia O'Lovely, Gabriella Paltrova, Penny Pax, Anna Bell Peaks, Alanah Rae, Romi Rain, Riley Reid, Amy Ried, Olivia del Rio, Kristina Rose, Faye Runaway, Katie St. Ives, Mônica Santhiago, Sheena Shaw, Dakota Skye, Aurora Snow, Cindy Starfall, Natalia Starr, Jada Stevens, Misty Stone, Delilah Strong, Kapri Styles, India Summer, Mika Tan, August Taylor, Lucy Thai, Angelina Valentine, Juelz Ventura, Jessie Volt, Candace Von, Kelly Wells, Angela White, Jennifer White en Ricki White.

Mandingo hat troch de jierren hinne tsien kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscars fan 'e pornowrâld), wêrûnder yn 2013 en 2014 dy yn 'e kategory fan artyst fan it jier. Yn 2014 wûn er tegearre mei Riley Reid de AVN Award foar bêste sekssêne mei in pearke, foar de film Mandingo Massacre 6. Yn 2011 waard Mandingo ynhuldige as lid fan 'e Urban X Hall of Fame.

Njonken syn aktearwurk wie Mandingo tusken 2002 en 2016 ek aktyf as regisseur fan pornofilms. Yn totaal regissearre er 58 films, frijwol allegear foar de filmstudio West Coast Productions. Yn 2013 sette er útein mei it meitsjen fan 'e tige populêre filmrige Mandingo Massacre.

Lichemsskaaimerken Mandingo is swart, mei brune eagen en fan natuere swart hier, hoewol't er syn holle oer it algemien keal skeard. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.70 m lang. Hy hat gjin tatoeaazjes en ek gjin piercings.

Prizen en nominaasjes jier priis resultaat kategory foar har optreden yn 2003 AVN Awardnominearrebêste anale sekssêne (fideo) (mei Brie Brooks en Wesley Pipes)Fresh Meat 13 2004 AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei August Knight)Once You Go Black 2006 AVN Awardnominearrebêste gemy yn in sekssêne (fideo) (mei Tiffany Mynx)Tiffany & Cumpany 2007 AVN Awardnominearrebêste orale sekssêne (fideo) (mei Gianna Michaels)Boob Bangersnominearrebêste anale sekssêne (fideo) (mei Heather Gables)Weapons of Ass Destruction 4nominearrebêste ynterrasiale pornofilm Mandingo's Asian Pretty Girls 2 2011 Urban X AwardynhuldigeUrban X Hall of Famen.f.t. 2013 AVN Awardnominearremanlike artyst fan it jiern.f.t. Xbiz Awardnominearremanlike artyst fan it jiern.f.t. 2014 AVN Awardnominearrebêste anale sekssêne (mei Chanel Preston)Mandingo Massacre 8nominearremanlike artyst fan it jiern.f.t.wûnbêste sekssêne mei in pearke (mei Riley Reid)Mandingo Massacre 6

Keppelings om utens Mandingo op Twitter Biografy en filmografy fan Mandingo yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Mandingo yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens en filmografy fan Mandingo yn 'e Adult Film Database (AFD)

Kategory:Amerikaansk manlik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk manlik pornoakteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk regisseur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1975