De Basilique Sainte-Clotilde is in monumintale katolike parochytsjerke yn it 7e arrondissemint fan Parys. De tsjerke waard yn 'e jierren 1846-1857 boud troch de oarspronklik út Keulen ôfkomstige Franz Christian Gau en nei syn dea Théodore Ballu.

Bouskiednis thumb|left|De Sainte Clotilde tusken 1851 en 1870. Yn 1790 waard de augustynske Oarder fan 'e beroufolle dochters fan Marije Magdalena twongen harren kleaster op te heffen. Foar dy tiid hiene de susters harren kleaster oan it ein fan 'e Rue de Grenelle-Saint-Germain. De kleasterkapel bleau lykwols bestean en waard tenei troch de parochy as de Église Saint-Valère brûkt. Yn 1817 waard ek de tsjerke ôfbrutsen en de parochy ferhûze nei in provisoarysk ûnderkommen foar salang't der noch gjin nije tsjerke wie. It gemeentebestjoer seach yn 1825 de needsaak om in nije tsjerke foar de parochy te bouwen, mar it duorre noch oant 1827 doe't it beslút dêrta nommen waard. De nije tsjerke soe de namme Église Saint-Charles krije, nei de patroanhillige fan 'e op dat stuit regearjende kening Karel X.

De útfiering fan 'e plannen bleaune lykwols oant 1846 lizzen. Dat hie te krijen mei de styl fan 'e te bouwen tsjerke. Dy wie nammentlik ynspirearre op 'e grutte Rynlânske katedralen fan 'e 14e iuw. Yn Parys bestie der ynearsten in soad wjerstân om yn it lân dêr't de gotyk útfûn wie in tsjerke lykas in Dútske domtsjerke te bouwen. Underwilens waard besletten om de nije tsjerke net te ferneamen nei Sint-Karel mar nei Sint-Klotildis.

De tsjerke waard boud troch de yn Keulen berne arsjitekt Franz Christian Gau. Nei syn ferstjerren yn 1854 waard er ferfongen troch Théodore Ballu, de arsjitekt fan 'e Sainte-Trinité. De neogoatyske tsjerke waard yn 1857 foltôge en op 30 novimber fan dat jier wijd troch de aartbiskop fan Parys, François Nicolas Madeleine Morlot.

Yn 1897 waard yn it ramt fan it 14e iuwfeest fan 'e doop fan Klovis (syn twadde frou wie Klotildis) de tsjerke troch paus Leo XIII de status fan basilica minor ferliend.

De basilyk stie model foar de yn 'e jierren 1863-1888 troch de arsjitekt Léon Vautrin boude gevel fan 'e Katedraal fan it Hillich Hert yn Guangzhou yn Sina.

Ynterieur thumb|left|Ynterieur rjochting koer. De neogoatyske basilyk hat in lingte fan 96 meter en in breedte fan 38 meter. De twa tuorren oan wjersiden fan 'e gevel binne goed 70 meter heech. Yn 'e Chapelle de la Sainte-Vierge binne skilderijen fan Jules-Eugène Lenepveu te sjen. Der is byldhouwurk fan James Pradier en Francisque Duret (krúswei) en in searje bylden fan Eugène Guillaume, dy't de bekearing fan Valeria fan Limoges foarstelle, har feroardieling ta de ûnthalzing en de ferskining oan Sint-Martial. It gebou wurdt ferljochte mei glês-yn-leadramen; de roasfinsters binne fan Émile Thibaud (1806–1896).

Oargel It haadoargel fan 'e tsjerke waard yn 1859 troch Aristide Cavaillé-Coll boud. Yn 1933 feroare Beuchet-Debierre út Nantes de klank fan it ynstrumint. Deselde oargelboufirma elektrifisearre yn 1962 de traktuer en wreide de klaviatuer fan it oargel út. It oargel krige yn dy tiid in mear neoklassyk klankbyld.

Yn it ramt fan 'e lêste revyzje troch Bernard Dargassies (2004) waarden û.o. in chamaderegister ynboud en in mobile elektryske spyltafel tafoege.

Op it oargel hawwe in grut tal Frânske komponisten spile: César Franck (1859–1890), Gabriel Pierné (1890–1898), Charles Tournemire (1898–1939), Flor Peeters (1939–1942), Joseph-Ermend Bonnal (1942–1944), Jean Langlais (1945–1987). Ofbylden

Kategory:Tsjerkegebou yn Parys Kategory:Basilyk yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1857 Kategory:Tsjerkegebou yn it aartsbisdom Parys Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou