'Koai' is in keunstwurk yn Ljouwert dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

It keunstwurk waard makke as ôfsluting fan de ferbouwing fan it Provinsjehûs fan Fryslân en waard betelle middels de 1% regeling. Troch it wurk oan in nije ferbouwing wie de skulptuer in tal jierren net te sjen. Ein 2012 is it fannijs delsetten yn in hurdstiennen ramt yn in wat oare posysje.

Kategory:Keunstwurk út 1987 Kategory:Keunstwurk yn Ljouwert Kategory:Keunstwurk fan Ids Willemsma