It 'Each' is in keunstwurk yn Spannenburch dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

It 30 ton swiere keunstwurk hat wat wei fan in each. It middelste stik bestiet út in soarte klep dy’t allinnich al 8 ton waacht. De klep stiet ticht by in bytsje wyn en kantelet at it hurd waait. Dêrtroch liket it keunstwurk te knypeagjen.

De skulptuer is makke yn opdracht fan enerzjybedriuw NUON (letter Vitens) as ûnderdiel fan de renovaasje fan it pompstasjon Spannenburch.

Kategory:Spannenburch Kategory:Keunstwurk út 2000 Kategory:Keunstwurk yn De Fryske Marren Kategory:Keunstwurk fan Ids Willemsma