De Romeinske keizers wienen de hearskers fan it Romeinske Ryk fan 27 f.Kr. oant, yn it westen, likernôch 476. Formeel wie harren funksje dy fan prinseps, mar dêrmei kombinearre wienen ferskate oare funksjes dy't harren byelkoar de macht fan in keizer joegen. Der wie lykwols ien ferskil mei dy funksje: Om't it erflike, keningsskip fan Rome ta grutte swierrichheden laat hie, wie dizze nije foarm fan de prinseps-funksje net erflik. thumbnail|250px||Augustus jildt as earste Romeinske Keizer.
It prinsipaat
Begjin fan it Keizerryk Julius Caesar hie foar syn dea de macht oer it Romeinske Ryk yn syn persoan ferienige. Dêrta wie er lykwols ta diktator beneamd, wat it normale funksjonearjen fan de republyk stopsette. Hjirút kaam in protte wjerstân fuort, wat úteinlik late ta syn dea. Syn adoptyf soan, Augustus Oktavianus joech yn 27 f.Kr. in nije ynfolling oan it prinsipaat, wêrtroch't er deselde macht yn ien persoan ferienigje koe sûnder de organen fan de republyk alle macht ôf te nimmen. Hy waard Prinseps - earste fan de senaat Augustus - ferheven bestjoerder Tribún - korrektor fan it regear, hoewol't er net dy titel hie, om't er dy formeel net hawwe koe Imperium maius - oerbefelhawwer Pontifeks maksimus - oerpreester
Augustus sels lei klam op syn funksje fan prinseps en op it doel it ryk byelkoar te hâlden. Troch syn opfolger en adoptyf soan Tibearius waard de kombinaasje fan machten lykwols ta in fêste funksje makke, ûnôfhinklik fan de omstannichheden.
Under de opfolgers begûn it keizerryk stadichoan hieltyd mear op in monargy te lykjen, al bleau yn teory de keizer in amtner fan de Res Publica (republyk; letterlik: "saak fan de steat", steatssaken). De keizer koe nammentlik de titel fan kening (rex) net drage, omdat sûnt iuwen in taboe op dizze funksje rêste, troch de ûntspoaring dy't plak fûn hie ûnder de lêste kening Tarquinius Superbus. It ûntbrekken fan in dynastike tradysje wie in swakke skeakel yn it systeem, omdat de opfolging net offisjeel regele wie. Yn it begjin soarge de sittende keizer troch adopsje foar in folwoeksen - en hooplik - betûft opfolger. Letter gong de opfolging faak troch moard op de keizer en it útroppen fan in nije troch it leger. Earst yn de 4e iuw waard it keizerskip erflik mei bern op de troan wylst it regear waarnomd waard troch in regint.
Ein fan it West-Romeinske Diel Yn de tiid fan Romulus Augustulus wie fan it westlik diel fan it keizerryk allinnich noch Itaalje, in stik fan Joegoslaavje en in lyts stikje fan Galje oer. Dizze keizer hat net langer as 10 moannen regearre, wierskynlik oant 4 septimber 476. Op dy datum, of mooglik koart dêrnei, waard hy oan de kant set troch Odoaker, lieder fan de opstannige Germaanske troepen, dy't himsels kening fan de Germanen yn Itaalje neamde, ûnder it (teoretyske) keizerskip fan it easten. Sadwaande wurdt it jier 476 yn it generaal beskôge as de ein fan it West-Romeinske keizerskip. It teoretyske net opdielde keizerskip fan de east-Romeinske keizers oer it hiele Romeinske ryk bleau yn stân oant Karel de Grutte troch Konstantinopel, lykwols mei tsjinsin, erkend waard as nije 'Keizer fan het Westen'. Dat 'wernijde West-Romeinske Ryk' gie de skiednis yn as it 'Hillige Roomske Ryk'.
List mei Keizers fan Rome Dizze list is opdield neffens dynastyen en wichtige kearpunten. Julysk-Klaudyske dynasty Augustus Oktavianus 27 f.Kr.-14 Tibearius 14-37 Kaligula 37-41 Klaudius 41-54 Nearo 54-68
Fjouwerkeizerjier Galba 68-69 Oto 69 Fitellius 69
Flavyske dynasty Fespasianus 69-79 Titus 79-81 Domitianus 81-96
Adoptyfkeizers & Antonynske dynasty Markus Kokseius Nerva 96-98 Trajanus 98-117 Hadrianus 117-138 Antoninus Pius 138-161 Markus Aurelius 161-180 mei-keizer Lusius Fearus 161-169 mei-keizer Kommodus 177-180/(192) Kommodus (177)/180-192
Boargeroarloch fan 193-197 Pertinaks 193 (31 desimber 192-28 maart 193) Didius Julianus 193 (28 maart-2 juny) (ûnder Septimius Sevearus) Pessennius Niger 193-194 (yn it eastlik diel, as rivaal) Klodius Albinus 195-197 (yn Britannia, as rivaal)
Sevearyske dynasty Septimius Sevearus 193-211 mei-keizer Karakalla 198-211 mei-keizer Geta 209-211 Karakalla 211-217 mei-keizer Geta 211 Makrinus 217-218 mei-keizer Diadumenianus 218 Elagabalus 218-222 Sevearus Aleksander 222-235
Romeinske krisis fan de 3e iuw Maksiminus de Traasjer 235-238 Gordianus I 238 mei-keizer Gordianus II 238 Pupiënus 238 mei-keizer Balbinus 238 Gordianus III 238-244 Filippus de Arabier 244-249 mei-keizer Filippus II 247-249 Pakatianus de usurpator 248-249 Iotapianus de usurpator 248-249 Silbannakus de usurpator 249? Desius 249-251 Priskus de usurpator 249-250 mei-keizer Herennius Etruskus 251 Trebonianus Gallus 251-253 mei-keizer Hostilianus 251 mei-keizer Folusianus 251-253 Aemilianus 253 Falerianus 253-260 mei-keizer Galliënus 253-260/(268) Uranius Antoninus 253-254 de usurpator Galliënus (253)/260-268 mei-keizer Saloninus 260 Ingenuus de usurpator 260 Regalianus de usurpator 260 Makrianus Major, Makrianus Minor en Quietus 260-261 de usurpators fan it easten
Separatistyske riken Gallo-Romeinske Ryk Postumus 260-269 Laelianus 269, usurpator yn Mainz Marius 269 Fiktorinus 269-271 Domitianus (usurpator) 271? Tetrikus I 271-274 Tetrikus II 274 (wie Caesar 273-274, mooglik Augustus yn 274)
Keninkryk fan Palmyra Fabalatus (soan fan Senobia) 267-272
Britsk-Romeinske Keizerryk Karausius 286/7-293 Allektus 293-296
Werstel fan de Romeinske krisis fan 'e 3e iuw Klaudius Goatikus 268-270 Kwintillus 270 Aurelianus 270-275 Tasitus 275-276 Florianus 276 Probus 276-282 Prokulus 281 de usurpator Bonosus 281 de usurpator Saturninus 280/281 de usurpator Karus 282-283 mei-keizer Karinus 283 Karinus 283-285 mei-keizer Numerianus 283-284 Julianus I 284-285 de usurpator
De Tetrargy Diokletianus 284-305 Maksimianus (mei-keizer, West) 286-305 Konstantius Kloarus 305-306 Galearius (mei-keizer, East) 305-306/(311) Sevearus II (mei-keizer, West) 306-307 Maksintius (usurpator) 306-312 en Maksimianus (op 'e nij, no as usurpator) 306-308 Konstantyn de Grutte 308-324 (324-337 ryk werienige) Galearius (mei-keizer, East) (305)/308-311 Maksiminus Daia (mei-keizer, East) 310-313 Lisinius (mei-keizer, East) 308-324 mei Falens 316-317 en Martinianus 324 Domitius Aleksander (usurpator Afrika) 308-311 Maksimianus (nochris, wer as usurpator) 310
Dynasty fan Konstantyn Konstantyn de Grutte (308)/324-337 Konstantyn II 337-361 mei-keizer Konstantyn II 337-340 mei-keizer Konstâns I 337-350 Magnentius de usurpator 350-353 Silvanus 355 Fetranio en Nepotianus 350, opstannelings tsjin Magnentius Julianus Apostata 360-363 fan 361 ôf wer byinoar brocht ryk
Ein fan 'e Konstantinyske dynasty Jovianus 363-364
Dynasty fan Falentinianus Falentinianus I 364-375 mei-keizer Falins (east) 364-375/(378) Prokopius de usurpator 365-366 mei-keizer Gratianus (west) 367-375/(383) Falentinianus II 375-392 mei-keizer Falins (east) (364)/375-378 mei-keizer Gratianus (west) (367)/375-383 mei-keizer Teodoasius I (east) 379-392/(395) mei-keizer Arkadius (east) 383-392/(408) Magnus Maksimus 383-388 en Flavius Fiktor 386-388, usurpators in Trier
Dynasty fan Teodosius Teodoasius de Grutte (379)/392-395 Eugenius 392-394 (usurpator yn it westen) mei-keizer Arkadius (383)/392-395/(408) mei-keizer Honoarius 393-395/(423)
Keizers fan 't West-Romeinske Ryk Dynasty fan Teodosius Honoarius (393)/395-423 Konstantyn III 407-411 en Konstans II 409-411 de usurpators Priskus Attalus (usurpator út namme fan de Fisigoaten) 409-410 en 414-415 Maksimus fan Hispania de usurpator yn Spanje 409-422? Jovinus 411-413 en Sebastianus 412-413 de usurpators; neifolger fan Konstantyn III ko-keizer Konstantius III 421 Jehannes (usurpator) 423-425 Falentinianus III 425-455
Ein fan Teodosius-dynasty Petroanius Maksimus 455 Avitus 455-456 Majorianus 457-461 Libius Sevearus 461-465 - Interregnum fan 18 moannen - Antemius 467-472 Olybrius 472 Glysearius 473-474 Julius Nepos 474-480 Romulus Augustulus 475-476 de usurpator
Kategory:Romeinske Ryk
Romeinske keizers, List fan