SC Cambuur Leeuwarden is in profesjonele fuotbalklup út Ljouwert. De klup waard oprjochte op 19 juny 1964 as de ferfanger fan VV Leeuwarden dy’t nei de amateurs werom kearde. De klup spilet yn it Kooi Stadion dêr't goed 15.000 minsken yn kinne. Cambuur is trije kear nei de Earedifyzje promovearre en spile yn totaal fjouwer jier op it heechste nivo. Nei it kampioenskip fan de Jupiler League yn 2013 kaam Cambuur op 'e nij even út yn de Earedifyzje. Nei twa jier degradearre de klup lykwols wer. Yn 2022 spilet de klup fannijs yn de Earedifyzje om yn 2023 wer te degradearjen nei de earste dyvizje.
Oprjochting Sietse Westra wie de inisjatyfnimmer fan de oprjochting fan SC Cambuur, sa't de klup doedestiids noch hjitte. Westra wie fiif jier, tusken 1964 en 1969, direkteur fan de klup. De namme fan Cambuur waard yn 1988 feroare fan SC Cambuur yn Cambuur Ljouwert. Fan 1964 oant 2024 spile Cambuur yn it Cambuurstadion oan it Cambuurplein yn 2024 ferhúze de fuotbalklup nei it nij boude Kooi Stadion by it WTC Expo en de Alvestêdehal yn it westen fan de stêd.
Sportive skiednis
Cambuur koe it earste jier yn it proffuotbal fuort promovearje nei de Earste Difyzje. Dêr soe Cambuur mear as 25 jier yn fuotbalje. De Ljouwerters hawwe oant 2008 fjouwer jier, yn twa perioaden, yn de Earedifyzje spile. De earste kear wie doe't Cambuur as earste yn de Earste Difyzje einige. Dêrnei spile Cambuur yn it seizoen 1992/1993 en 1993/1994 op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân. De twadde kear dat Cambuur dêryn spylje soe, wie yn it seizoen 1998/1999 en 1999/2000. It slagge Cambuur yn 1998 te promovearjen troch de neikompetysje te winnen en sa promoasje ôf te twingen.
Yn 2000 degradearre Cambuur en moast it werom yn de Earste Difyzje. SC Cambuur hat dêrnei wer 13 jier yn de Earste Difyzje spile. Fia direkte promoasje yn it seizoen 2012/2013, troch it beheljen fan it kampioenskip spilet Cambuur sûnt it seizoen 2013/2014 op 'e nij op it heechste nivo.
It aventoer yn de Earedifyzje duorre krekt as de oare kearen twa seizoenen, diskear ûnder lieding fan trainer Henk de Jong. Yn 2016 degradearren de Ljouwerters wer en sûnt dy tiid spilet Cambuur wer yn de Earste Difyzje. De Jong naam yn it degradaasjejier ôfskied fan de klup, mar kaam yn 2019 werom, mei Sandor van der Heide as syn assistint.
Yn it seizoen 2019/20 kaam Cambuur út op it earste plak, dochs waard dat seizoen troch de KNVB net jildich ferklearre omreden de koroanakrisis. It folgjende seizoen fan 2020/21 waard de kampioenstitel fannijs helle mei 15 punten foarsprong op de twadde ploech.
Yn 2023 degradearre Cambuurwer nei de Earste Difyzje, op 10 maaie 2024 spiele Cambuur tsjin Helmond Sport de lêste kompetysjewedstriid yn it Cambuurstadion, de wedstriid einige yn lykspul.Omrop Fryslân, 11-5-2024, Cambuur spile lyk, mar it draaide om it âlde stadion: "Ik koe net fan it fjild komme" Riedplachte op 11-5-2024
Namme, skaaimerk en klaaiïng Namme Cambuur is neamd nei de wyk dêr't de klup jierenlang syn stadion hie, de Cambuursterhoek, ek wol it Cambuurkertier. De namme fan de wyk komt fan de aadlike famylje Fan Cammingha, waans stins op hast itselde plak stie fan it lettere Cambuurstadion.
Skaaimerk It skaaimerk fan SC Cambuur Ljouwert is eins in nijmoadrige ferzje fan it famyljeskyld fan de Van Cammingha's, dat sa in ferwizing is nei de skiednis fan sawol de namme as de lokaasje.
It wapen hat in giel wapenskyld mei in lizzend hart, dy't de foarpoaten útstrekt. Tegearre mei trije swarte kamen mei allegearre twa rigen swarte tosken: Twa kamen fan boppen en ien kaam ûnder.
Klaaiïng De klaaiïng fan Cambuur bestiet foar de thúswedstriden út in giel shirt, in blauwe broek en giele sokken. Der wurdt ek wol mei wite sokken spile, as de tsjinstanner ek al mei giele sokken fuotballet. It tenu foar de útwedstriden bestiet út in wyt shirt, blauwe broek en wite sokken.
De kar foar de kleuren komt fan de stedskleuren fan Ljouwert, giel en blau. De Ljouwerter flagge bestiet út fjouwer horizontale banen, blau: giel, blau en giel.
Earelist Earste difyzje Winner - 2013. Neikompetysje Winner - 1998. Earste difyzje Winner - 1992. Twadde difyzje Winner - 1957 (as Ljouwert), 1965.
(Ferneamde) âld-spilers en âld-trainers Johan Abma Pier Alma Willem van der Ark Arno Arts Rob Baan Martijn Barto Leo Beenhakker Gregg Berhalter Han Berger Frank Berghuis Jan Bruin Johan Derksen Marinus Dijkhuizen Jack de Gier Fred Grim Jerry Haatrecht Winston Haatrecht Oeki Hoekema Nico Jan Hoogma Bert Konterman Fritz Korbach Harry van der Laan Carlo de Leeuw Michael Mols Mitar Mrkela Robin Nelisse Rienk Onsman Michel van Oostrum Wim de Ron René van Rijswijk Oebele Schokker Jaap Stam Leonard van Utrecht Geert Jelle de Vries Oscar Zijlstra Johan Zuidema
Seizoen 2022/23 Earste alvetal Seleksje 2023/2024
NûmerSpilerNationaliteitKontrakt oantFoarige klupDoelmannen 1 Yanick van Osch 2026 Fortuna Sittard 16 Daan Reiziger 2025 Vitesse 31 Brett Minnema 2024 Eigen jeugdFerdigeners 2 Gabi Caschili 2025 PEC Zwolle 3 Floris Smand 2025 Eigen jeugd 4 Léon Bergsma 2025 Aarau 5 Thomas Poll 2024 Almere City 15 Marco Tol 2024 Volendam 17 Vito Wormgoor 2024 Columbus Crew 21 Milan de Koe 2024 Harkemase Boys 22 Jhondly van der Meer 2024 Eigen jeugd 25 Sturla Ottesen 2025 Stabæk 27 Sekou Sylla 2024 TOP OssMiddenfjilders 6 Jeremy van Mullem 2025 Sparta Rotterdam 8 Daniël van Kaam 2025 Grins 10 Fedde de Jong 2026 AZ 14 Michael Breij 2024 Grins 20 Vincent Pichel 2025 Eigen jeugdOanfallers 7 Remco Balk 2025 Utert 9 Roberts Uldriķis 2024 Sion 18 Agustín Anello 2024 Sparta Rotterdam 19 Milan Smit 2024 Eigen jeugd bywurke op 30-4-2024
Stêf Technyske stêf Namme Nasjonaliteit Funksje Henk de Jong Haadcoach Pascal Bosschaart Meitrainer Peter van der Vlag Keepertrainer Martijn Barto Spitsetrainer
Medyske stêf Namme Nasjonaliteit Funksje Nicky Boonstra Fysyk-trainer Harvey Bischop Fysioterapeut Kevin Koster Fysioterapeut Dirk Steensma Fersoarger Antje Tardy Fersoarchster
Begeliedende stêf Namme Nasjonaliteit Funksje Peter Drijver Teammanager Foeke Komans Teammanager Koen Draaisma Materiaalman Lêste update: 20 juny 2022
Top 15 skoarders yn de skiednis fan SC Cambuur Posysje Namme Doelpunten1 Jan Bruin 732 Sandor van der Heide 663 Robert Mühren 64 4 Dirk Roelfsema63 5 Jos Peltzer61 Koko Hoekstra617 Martijn Barto55 8 Willem van der Ark 539 Gerrie de Jonge5210 Mark de Vries4711 Johan Zuidema 4412 Henk de Groot 4013 Jaap de Blaauw 3914 Erik Bakker 3915 Harry van der Laan 36
Keppeling om utens Offisjele webside
Cambuur Kategory:Sport yn Ljouwert Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1964 Kategory:Sportferiening yn Ljouwert Kategory:Bedriuw yn Ljouwert