Goud of goudgiel is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan giel. It wurdt op yn 'e regel omskreaun as in 'waarme' kleur giel, d.w.s. in wat dûnkerder tint as dat giel normaal hat. It kin ek in metallic-kleur giel wêze, dy't mear de kant fan bêzje útskaait. De namme 'goud' komt fan it ealmetaal goud. Yn 'e heraldyk komt goud as in tinktuer foar, dat ek or neamd wurdt, mar yn dy kontekst wurdt mei 'goud' yn 'e regel gewoan giel bedoeld.

Yn 'e kleurtechnyk By additive kleurminging (bgl. op tillefyzje- en kompjûterskermen) is goud in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch read en grien ljocht te mingen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, dy't dêr oanmakke wurdt troch de minging fan giel mei in bytsje maginta. It is ek mooglik om 'e yllúzje fan goud te wekjen troch in foarwerp mei in glânzgjende of metallic-kleur sulver oer te skilderjen mei in transparant laachje giele ferve; soks wurdt gauris dien mei krystfersierings.

Goudtinten Hjirûnder inkele kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'goud': goud #FFD700                          âldgoud #CFB53B        amber #FFBF00        ASU-goud1 #FFC627        Cal Poly Pomona-goud2 #C6930A        feal goud #E6BE8A        goudbrún #996515        goudgiel #FFDF00        goudgjirde #DAA520        klaproasgoud #FCC200        metallic-goud #D4AF37        mikadogiel #FFC40C        MU-goud3 #F1B82D        rispinggoud #DA9100        satynglânsgoud #CBA135        sinneglâns #FFCC33        UC Berkeley-goud4 #FDB515        UCLA-goud5 #FFD100        USC-goud6 #FFCC00        Vegasgoud #C5B358        1) in offisjele kleur fan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona (ASU) 2) in offisjele kleur fan 'e Kalifornyske Steatspolytechnyske Universiteit Pomona (Cal Poly Pomona) 3) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Missoery (MU) 4) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley (UC Berkeley) 5) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) 6) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC)

Sjoch ek giel brûns (kleur) koper (kleur) sulver (kleur)

Kategory:Kleur