thumb|Binnentún fan it hospitaal mei op de eftergrûn in kapel It Lariboisière Hospitaal (Hôpital Lariboisière) is in akademysk sikehûs yn Parys, Île-de-France. It is ien fan de grutste hospitalen fan Europa mei likernôch 1350 bêden.

It sikehûs wie ien fan de protte dy't stichte waarden nei de twadde goalerapandemy, dy't yn 1832 Parys berikt hie en dy't late ta nije klam op hygiënyske praktiken yn sikehuzen. It waard boud fan 1846 oant 1853 troch arsjitekt Pierre Gauthier en bestiet út seis gebouwen om in sintraal binnenplak hinne, dy't ferbûn binne troch pyldergongen. Op it terrein stiet ûnder mear it grêfmonumint makke fan Carlo Marochetti fan Élisa de Lariboisière, dy't in grut part fan de middelen foar de bou fan it sikehûs donearreGilles Marchand (2003). Dictionnaire des monuments de Paris. Editions Jean-Paul Gisserot. s. 121. ISBN 2-87747-722-3..

It is in part fan it Assistance publique - Hôpitaux de Paris en in learklinyk fan Université Paris CitéHOPITAL LARIBOISIERE. It sikehûs waard yn 1854 stichte.

Kategory:Sikehûs yn Frankryk Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1854 Kategory:Bouwurk út 1854