Sulver of sulvergriis is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan griis. It kin omskreaun wurde as in ljochtgrizige kleur. Sulver is ferneamd nei it ealmetaal mei deselde namme. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is sulver in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) jildt yn teory itselde, mar yn 'e praktyk wurdt ljochtgriis dêr produsearre troch inkeld in bytsje swart te brûken. As kleuroantsjutting is it wurd 'sulver' al teminsten yn gebrûk sûnt 1481, mei't de ierste oerlevering yn it Ingelsk (yn 'e korrespondearjende foarm silver) út dat jier datearret. Yn 'e heraldyk is de tinktuer sulver (ek oantsjut as argint) ornaris synonym mei wyt.

Werjefte Sulver heart eins in metallic-kleur te wêzen, mar der bestiet gjin meganisme om 'e stofeigen glâns fan metaal as ûnderdiel fan in effen kleurflak op in byldskerm wer te jaan. Dat komt om't dy glâns ôfhinget fan 'e foarm fan it sulverkleurige objekt en de ynfalshoeke fan it ljocht, en dêrom fariabel is. Sadwaande kin it wiere oansjen fan sulver as kleur inkeld op in kompjûterskerm werjûn wurde mei it gebrûk fan spesjale software dy't de oanhâldend feroarjende glâns fan ljocht op in metalen oerflak simulearret. Yn 'e skilderkeunst en de heraldyk, dêr't men ek te krijen hie mei in twadiminsjonaal flak, waard foarhinne wol in metallic-ferve brûkt om sulver wer te jaan, dy't glinstere as echt metaal om't der minuskule stikjes sulver yn ferwurke wiene.

Besibbe tinten sulver #C0C0C0                          âldsulver #848482        Crayola-sulver #C9C0BB        gainsboro #DCDCDC        jiskegriis #B2BEB5        ljochtgriis #D3D3D3        platina #E5E4E2        Romeinsk sulver #838996        sonysk sulver (sonic silver) #757575        sulverrôze #C4AEAD        sulversân #BFC1C2        sulvertsjelk #ACACAC        tuskenbeiden griis #BEBEBE       

Sjoch ek brûns (kleur) goud (kleur) griis ljochtgriis

Kategory:Kleur