Ljochtoranje, ek weboranje of ynternetoranje neamd, is in kleur dy't beskôge wurde kin as in ljochte tint fan oranje of, wat ek mooglik is, as in dûnkere tint fan giel. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is ljochtoranje in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan read mei grien ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, produsearre troch de ferminging fan giele mei magintakleurige ferve of inket. __TOC__ Ljochtoranje en oranje Yn it X11-systeem fan webkleuren wurdt ljochtoranje feitliks 'oranje' neamd. Ornaris wurdt mei oranje lykwols in dûnkerder tint fan deselde kleur bedoeld, dy't it oranje fertsjintwurdiget sa't dat yn 'e kleuresirkel foarkomt: . Ljochtoranje hâldt de midden tusken oranje en amber, dat in nei oranje niigjende tint giel is.
Tinten ljochtoranje ljochtoranje #FFA500 amber #FFBF00 guttegom #E49B0F mandaryn #F28500 Princeton-oranje1 #FF8F00 sinesapelskyl #FF9F00 UT-oranje2 #FF8200 woarteloranje #ED9121 1) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Princeton 2) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Tennessee (UT)
Sjoch ek amber (kleur) oranje
Kategory:Kleur
en:Shades of orange#Orange (web color)