De giele hôfsjonger (Hippolais icterina; ek gielboarstke) is in moskeftige fûgel fan de famylje Acrocephalidae. De soarte briedt benammen yn it noarden en easten fan Europa oant West-Aazje ta en oerwinteret yn Afrika. It yn Fryslân algemien foarkommende fûgeltsje is fanôf maaie oant septimber op de klaai- en feangrûn te hearren op tradisjonele boerehiemen en yn parken, singels en houtwâlen. Sûnt 1975 nimt it tal fûgels fan de soarte yn West-Europa stadichoan ôf, mar fanwegen it ekstreem grutte areaal en de grutte populaasje rint de fûgel ynearsten noch gjin gefaar. BirdLife International rûst it tal eksimplaren tusken de 8.000.000 en 16.000.000.Birdlife International, oproppen 12.08.2019 De lêste jierren liket de populaasje yn Nederlân te stabilisearjen.Sovon, ûntwikkeling populaasje, oproppen 12.08.2019

Beskriuwing De giele hôfsjonger is 12 oant 13,5 sintimeter lang en hat in gewicht fan 11 oant 19 gram. Dêrmei is it fûgeltsje dúdlik lytser as de mosk. Folwoeksen fûgels binne boppe hielendal brún-oliifkleurich en ûnder giel, dat nei de poatsjes en de sturt ta fealer wurdt. De fleugels en de boppekant fan de sturt binne donker- oant oliifbrún. Fan de snaffel nei each en om it donkerbrune each hinne rint in gieleftige streek. De poatsjes binne blaugriis.

Wat kleur oanbelanget is der gjin ûnderskie tusken mantsjes en wyfkes.

Iten De giele hôfsjongers meie graach ynsekten, rûpen en spinnen, dy't fral fan de blêden fan beammen en strûken pikt wurde. Yn 'e simmer wurde beien oan it menu tafoege.

Lûd

It sjongen fan de fûgel giet yn heech tempo. Typysk foar de soarte binne de tige lûde en lang oanhâldende sang. De fûgel stiet bekend om de imitaasjes fan oare fûgels, lykas de swel, klyster, gielegou en de putter. Ek sjongt de fûgel net allinne yn de briedtiid, mar ek yn de oerwinteringsgebieten as er nei it ferfearjen yn febrewaris of maart syn territoarium ôfbeakenet.

De rop is in fleurich trijedielich teh-teh-lüüit.

Biotoop It biotoop fan de giele hôfsjonger wurdt foarme troch tunen, parken en in iepen lânskip mei beammen en hegere strûken. De foarkar jildt blêdferliezende strûken mei in tichte ûndergroei. Yn Midden-Europa komt de soarte foar yn wiete leafbosken, mar ek yn houtwâlen, tsjerkhôven en beammen yn it fjild.

Nêst

Der wurde troch de giele hôfsjonger sa'n fjouwer oant seis aaikes lein, dy't nei likernôch twa wiken útkomme. De aaien binne rôze en hawwe donkerbrune oant swarte flekjes. nei't de aaien útkommen binne bliuwe de jongen noch twa wiken yn it nêst. Nei't se it nêst ferlitte hawwe, wurde se noch twa oant trije wiken troch de âlden fuorre.

Trek Ein july of begjin augustus giet de fûgel op trek. De giele hôfsjonger siket dan it oerwinteringsgebiet op, dat súdlik fan de evener leit yn Namybje, Súd-Afrika, Mozambyk, Tanzania en Madagaskar. Dêr bliuwe se yn alle gefallen oant ein febrewaris en trekke dan wer nei harren briedgebieten yn it noarden, dêr't se begjin maaie oankomme.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfsjonger Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda