In kleuresirkel is in manear om sichtber te meitsjen hoe't primêre en sekundêre kleuren trochinoar hinne rinne. In diskontinuë kleuresirkel jout de ferskillende kleuren wer yn ferskate ôfline bôgepartsjes, wylst yn in kontinuë kleuresirkel de kleuren yninoar oerrinne. Om't der in ûneinich soad kleuren binne, besteane der diskontinuë kleuresirkels mei ferskillende oantallen bôgepartsjes. De ienfâldichste omfiemje seis kleurflakjes: trije foar primêre en trije foar sekundêre kleuren.

Kleurminging Hokker kleuren oft primêre kleuren binne, hinget ôf fan it systeem foar kleurminging dat brûkt wurdt. Yn 'e ljochttechnyk wurdt, bgl. by byldskermen en teaterbeljochting, foar it mingen fan ljocht wurke mei additive kleurminging. Dêrby begjint men mei neat (swart), wêrnei't kleuren tafoege wurde. De primêre kleuren binne dêrby read, grien en blau. Yn 'e druktechnyk wurdt, bgl. foar it mingen fan ferve en it ôfprintsjen fan inket, in systeem fan subtraktive kleurminging brûkt. Dêrby begjint men mei alles (wyt), wêrfan't dan kleuren ôflutsen wurde. De primêre kleuren binne dan syaan, maginta en giel. Yn 'e skilderkeunst, ta einbeslút, wurdt noch faak gebrûk makke fan in net wittenskiplik ûnderboud systeem fan subtraktive kleurminging, dat (foutyf) de kleuren read, blau en giel as primêre kleuren beskôget.

Komplemintêre kleuren steane yn in kleuresirkel diametraal foarinoar oer. Dat betsjut bgl. dat syaan de komplemintêre kleur is fan read, maginta fan grien en giel fan blau. Additive kleurminging en subtraktive kleurminging binne dus eins spegelbylden faninoar.

In oplossing hat in beskate kleur om't er de komplemintêre kleur absorbearret. De kleuresirkel bestiet út spektrale kleuren oanfolle mei ekstraspektrale kleuren, lykas maginta, dy't in ferbining foarmje tusken de heechste en de leechste frekwinsjes út it kleurespektrum, resp. fiolet en read.

Kleurkodearring Hjirûnder binne dielen fan 'e kleuresirkel yn rjochte balken werjûn. Troch de beheinings fan standertbyldskermen is it eins ûnmooglik om in suvere griene kleur wer te jaan; ynstee dêrfan sjocht men in grien mei in gielige tint. In ôfdruk mei in kleureprinter sil lykwols al de juste kleur werjaan. Yn 'e kleurfakken steane de heksadesimale kleurkoades neffens it RGB-kleursysteem, dy't ek yn 'e programmeartaal HTML brûkt wurde.

fan read fia oranje nei giel:

FF0000 FF1100 FF2200 FF3300 FF4400 FF5500 FF6600 FF7700 FF8800 FF9900 FFAA00 FFBB00 FFCC00 FFDD00 FFEE00 FFFF00

fan giel nei grien:

FFFF00 EEFF00 DDFF00 CCFF00 BBFF00 AAFF00 99FF00 88FF00 77FF00 66FF00 55FF00 44FF00 33FF00 22FF00 11FF00 00FF00

fan grien nei syaan:

00FF00 00FF11 00FF22 00FF33 00FF44 00FF55 00FF66 00FF77 00FF88 00FF99 00FFAA 00FFBB 00FFCC 00FFDD 00FFEE 00FFFF

fan syaan nei blau:

00FFFF 00EEFF 00DDFF 00CCFF 00BBFF 00AAFF 0099FF 0088FF 0077FF 0066FF 0055FF 0044FF 0033FF 0022FF 0011FF 0000FF

fan blau nei maginta:

0000FF 1100FF 2200FF 3300FF 4400FF 5500FF 6600FF 7700FF 8800FF 9900FF AA00FF BB00FF CC00FF DD00FF EE00FF FF00FF

fan maginta nei read:

FF00FF FF00EE FF00DD FF00CC FF00BB FF00AA FF0099 FF0088 FF0077 FF0066 FF0055 FF0044 FF0033 FF0022 FF0011 FF0000

Kategory:Kleurtechnyk Kategory:Skildertechnyk