De Katedraal fan Us-Leaffrouwe fan 'e Berch Karmel of gewoanwei de Katedraal fan Jolo is in roomsk-katolike katedraal fan Jolo, Sulu en de sit fan it Apostoalysk Fikariaat fan Jolo. De katedraal stiet op it fulkanyske eilân Jolo yn 'e provinsje Sulu fan 'e autonome regio ARMM (Autonomous Region in Muslim Mindanao) op 'e Filipinen. De katedraal waard boud yn 1864,Ynformaasje oer de Katedraal fan Jolo op GCatholic.org is wijd oan 'e Jongfaam Marije en draacht de namme Us-Leaffrouwe fan Karmel.
Oanslaggen Yn 2010 ekplodearre in granaat flak foar de katedraal, dy't nei de tombes fan twa eardere biskoppen smiten waard. Dat barde flak foardat de misse opdroegen waard, sadat der gjin slachtoffers foelen. In pear moanne letter eksplodearre yn 'e jûn om healwei tsienen op 'e nij in granaat foar de katedraal. Ek doe wie de skea noch allinne materieel, der wiene fierder gjin slachtoffers.Asia news, 01.11.2010Asia news, 01.11.2010SunStar Philippines, 21.05.2010
2019 De katedraal helle op 27 janewaris 2019 it wrâldnijs troch bomoanslaggen. De earste eksploazje fûn plak yn 'e tsjerke doe't in drok besochte misse krekt ôfrûn wie, de twadde eksploazje barde foar de tsjerke, doe't it leger help kaam bieden. Troch de oanslach ferstoaren 20 boargers en soldaten en rekken mear as 100 ferwûne. Islamityske Steat easke de ferantwurdlikens fan 'e oanslach op.NOS, 07.08.2019AD, 27.01.19
In Yndonesysk pear fierde de oanslach út. Earder wie dat pear nei it weromkommen fan harren reis nei Syrje troch de Yndonesyske autoriteiten oanholden en ferplichte om diel te nimmen oan in deradikalisaasje-programma.Asia News, 24.07.2019.
De skea waard neitiid ferholpen en yn july 2019 waard de restaurearre katedraal op 'e nij konsekrearre.Reformatorisch Dagblad, 26.07.2019
2020 Op 24 augustus 2020 waarden der twa oanslaggen yn Jolo útfierd. Ien dêrfan wie in selsmoardoanslach fan in frou by de katedraal. By de oanslaggen kamen sân soldaten om, seis boargers, in plysjeagint en rekken 75 oare minsken ferwûne. Ek ien fan 'e dieders kaam om it libben.New York Times: At Least 14 Killed After Suicide Bombers Hit Philippines, 252 augustus 2020.
Us Leaffrou fan de Berch Karmel (Jolo) Kategory:Bouwurk út 1864 Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou