In Spaanske namme is de namme fan persoanen yn Spanje en Latynsk-Amearika (útsein Brazylje) en fan lju fan etnysk Spaansk of Latino-komôf om utens. Sokke nammen fertoane ek sterke oerienkomsten mei de nammen fan persoanen út oare eardere Spaanske koloanjes, lykas de Filipinen en Ekwatoriaal Guinee, mar dêrfoar jilde ôfwikende nasjonale wizânsjes. Spaanske nammen besteane yn 'e regel út ien of mear foarnammen (de nombre), folge troch twa efternammen (de apellidos). De earste dêrfan is ornaris de efternamme fan 'e heit fan 'e persoan yn kwestje, wylst de twadde de efternamme fan syn of har mem is. Tsjintwurdich is it lykwols ek mooglik om 'e efternamme fan 'e mem foarôf gean te litten oan 'e efternamme fan 'e heit, as dat by it oanjaan fan it bern by de boargerlike stân sa troch de âlden beslist is. Yn 'e measte gefallen wurdt de foarnamme plus de earste efternamme brûkt om in persoan te identifisearjen, en bliuwt it gebrûk fan 'e folsleine namme beheind ta rjochtsjildige dokuminten en oare formele omstannichheden.

Spaanske foarnammen Simpele en gearstalde foarnammen De foarnamme (nombre) fan in bern wurdt yn Spanje keazen troch de âldelju en om wetlik jildich te wêzen registrearre yn it Registro Civil ("Boargerlik Register"), in befolkingsregister. Yn it Registro Civil wurde opnommen: ien foarnamme en twa efternammen. De foarnamme kin in inkele, "simpele", foarnamme wêze, lykas Juan of Yolanda, mar ek in gearstalde foarnamme. In gearstalde foarnamme bestiet út twa foarnammen dy't beskôge wurde as dielen fan ien gehiel, lykas Juan Fernando of Yolanda María. (Dit is ferlykber mei hoe't foarnammen dy't oaninoar keppele binne mei in keppelstreekje, lykas 'Klaas-Jan', yn it Frysk en Nederlânsk oer it algemien beskôge wurde as ien gehiel, wylst de skriuwwize 'Klaas Jan' twa ûnderskate foarnammen oanjout.) It is lykwols mooglik om in bern dope te litten mei mear foarnammen, lykas yn it gefal fan prins Felipe Juan Froilán de Todos los Santos de Marichalár y Borbón, mar dat is in wizânsje dy't oer it algemien foarbeholden is oan âlde aadlike famyljes en oan it Keninklik Hûs. Wetlik sjoen hat dit gjin inkele wearde.

Beheinings by it jaan fan foarnammen Der binne amper beheinings foar it kiezen fan in foarnamme (simpel of gearstald) foar in nijberne poppe. Inkeld as de weardichheid fan it bern yn 'e knipe komt, grypt de oerheid yn. Aldelju kinne in bern dus gjin misledigjende namme jaan. Faak wurdt keazen foar it ferneamen fan in famyljelid, foar it ferneamen fan in hillige fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke of foar in oare tradisjonele Spaanske jonges- of famkesnamme. Foarhinne wiene der ek beheinings tsjin ferlytsingsfoarmen, bynammen en sprektaalfoarmen fan nammen en tsjin foarmen dy't ta betizing liede soene omtrint it geslacht fan it bern.

Yn 'e tiid dat Spanje suchte ûnder de brute diktatuer fan generaal Francisco Franco (1939-1979) wiene de foarnammen dy't oan bern jûn wurde mochten, beheind ta typysk Spaansktalige nammen (Antonio, Laura, ensfh.) en algemien kristlike nammen (Jesús, María, ensfh.). Dat gou ek foar minderheden as de Katalanen en de Basken, dy't harren bern gjin nammen yn harren eigen taal jaan mochten. Dat de Nederlânske fuotballer Johan Cruijff Franco trotsearre troch syn soan de Katalaanske foarnamme Jordi te jaan, is ien fan 'e redens wêrom't er yn Kataloanje noch altyd sa heech yn oansjen stiet.

Foarnammen en geslacht Hoewol't it earste diel fan in Spaanske gearstalde foarnamme oer it algemien it geslacht fan it bern werjout, is dat by it twadde diel lang net altyd it gefal, benammen by jonges net. In protte jonges binne nammentlik (foar in part) ferneamd nei de Faam Marije, en hjitte dan bgl. Juan María, Jesús María of Luís María. In bekend foarbyld is de eardere premier fan Spanje, José María Aznar. Krektsa kin in famke ferneamd wurde nei Joazef fan Nazaret (de man fan Marije), en dan de foarnamme María José drage. By manlju wurdt María as diel fan 'e foarnamme by it skriuwen gauris ôfkoarte ta M. (José M. Aznar), Ma. (José Ma. Aznar) of M.a (José M.a Aznar). It is ûngebrûklik dat jonges oare famkesnammen krije as María en dat famkes oare jongesnammen krije as José.

Ofkoartings, gearlûkings, flaainammen en bynammen Ofkoartings en gearlûkings Ek famkes wurde gauris María neamd, en by harren wurdt der faak noch de namme fan in beskaat hillichdom, plak of religieus konsept oan taheakke, lykas María de los Ángeles ("Marije fan 'e Ingels"), María del Pilar ("Marije fan 'e Pylder"), María de la Luz ("Marije fan it Ljocht"), María de la Soledad of María Soledad ("Marije fan 'e Iensumens", ferwizend nei har fammesteat), María de los Dolores ("Marije fan 'e Drôvens") of María de las Mercedes ("Marije fan 'e Genede"). Froulju mei sokke nammen litte faak it María de los/las/la-diel fan harren foarnamme falle, en geane ynstee troch it libben as Ángeles (of Ángela), Pilar, Luz, Soledad, Dolores of Mercedes. Ek wurde sokke nammen wol gearlutsen ta Marian, Maripí, Mariluz, Marisol, Mariló, resp. Marimer.

Sokke gearlûkings fan 'e ûnderdielen fan in gearstalde foarnamme komme yn it Spaansk rûnom foar. Oare foarbylden binne: Anabel (fan Ana Isabel); Chemari (fan José María); Chumari (fan Jesús María); Glorimar (fan Gloria María); Jerra (fan Jesús Ramón); Josan (fan José Ángel of José Antonio); Josema (fan José Manuel); Juampa (fan Juan Pablo); Juáncar (fan Juan Carlos); Juancho (fan Juan Ignacio); Juáner (fan Juan Ernesto); Juánfer (fan Juan Fernando); Majo, Marijó of Mariajo (fan María José); Malena of Marilena (fan María Elena); Maribel (fan María Isabel); Maricarmen (fan María Carmen); en Marora (fan María Aurora).

Flaainammen, ropnammen en bynammen Oare ferbasterings fan Spaanske foarnammen komme troch it by wize fan flaainamme tapassen fan 'e ferlytsingsfoarmen -ito of -cito (foar jonges en manlju) en -ita en -cita (foar famkes en froulju). Foarbylden dêrfan binne: Carlito (fan Carlos); Carmita of Carmencita (fan Carmen); Crucita (fan Cruz); Evita (fan Eva); Jorgito (fan Jorge); Juanita (fan Juana); Juanito (fan Juan); Lucita (fan Lucía); Marita of Mariquita (fan María); Pablito (fan Pablo); Ramoncito (fan Ramón) en Tomasito (fan Tomás).

Ek komt it gebrûk fan ropnammen of bynammen in soad foar, dy't ornaris basearre binne op 'e flugge útspraak fan (in diel fan) de wiere foarnamme. Foarbylden dêrfan binne: Ari (fan Ariadna); Caro (fan Carolina); Charo (fan Rosario); Flor (fan Florencia); Jamín (fan Benjamín); Lola (fan Dolores); Lupe (fan Guadalupe); Maite of Mayte (fan María Teresa); Maripepa (fan María José); Nacho (fan Ignacio); Pepe (fan José); Pepita (fan Josefa of Josefina); Poncho (fan Alfonso); Quincho (fan Joaquín); Quique, ek stavere as Kike (fan Enrique); Ruy (fan Rodrigo); en Sandra (fan Alejandra).

Foar it gebrûk fan sawol flaainammen en ferlytsingsfoarmen as ropnammen en bynammen moat men yn Spaansktalige kultueren de oansprutsen persoan tige goed kenne. Yn oare Westerske maatskippijen wurdt ornaris de ropnamme fan persoanen yn 'e media brûkt en sels fermelden op fisitekaartsjes en soksoarte dokuminten, lykas yn it gefal fan Wim Kok (ynstee fan Willem Kok) en Bill Gates (ynstee fan William Gates). Soks is yn Spaansktalige kultueren lykwols ûnakseptabel en wurdt as tige ûnfatsoenlik beskôge. De iennichste útsûnderings op dy regel binne bekende persoanen dy't in flaai-, rop- of bynamme oannommen hawwe foar harren artystenamme, lykas de balletdûnser en goreograaf Nacho Duato (berne Juan Ignacio Duato).

Spaanske efternammen Folchoarder fan 'e efternammen Behalven út in foarnamme bestiet in Spaanske namme út twa efternammen (apellidos). De earste efternamme fan in persoan is oer it algemien de efternamme fan syn of har heit (apellido paterno), wylst de twadde efternamme yn 'e regel de efternamme fan 'e mem (apellido materno) is. De heit en mem, dy't uteraard sels ek twa efternammen hawwe, jouwe dêrby inkeld harren earste efternamme troch oan 'e bern (oars soene efternammen mei eltse generaasje langer groeie). Dus as in man dy't Eduardo Fernández Garrido hjit mei in frou trout dy't María de los Dolores Martínez Ruiz hjit, en se krije in soan dy't José María neamd wurdt, dan sil de folsleine namme fan it jonkje neffens de Spaanske tradysje José María Fernández Martínez wêze.

Sûnt de ynfiering fan 'e Spaanske wet oangeande geslachtsgelikensens, yn 1999, is it lykwols tastien om dy folchoarder om te draaien (dus earst de apellido materno en dan pas de apellido paterno). In betingst dêrfoar is wol dat alle bern út ien húshâlding deselde efternammefolchoarder hawwe moatte. Yn 2013 gie fierders de regel yn, dat as de âldelju it net iens wurde kinne oer de efternammefolchoarder fan harren bern, in oerheidsfunksjonaris beslist wat de folchoarder wêze sil.

Yn it bûtenlân, benammen yn 'e Angelsaksyske wrâld, ferbine lju mei Spaanske nammen harren beide efternammen soms troch der in keppelstreekje tusken te setten. José María Fernández Martínez soe dan skreaun wurde as José María Fernández-Martínez. Dat besparret lju dy't net bekend binne mei Spaanske nammefoarmen in soad betizing en de drager fan 'e namme in protte útlizzerij. It is ek in maklike oplossing foar it ynfoljen fan formulieren dy't mar ien fakje hawwe foar de efternamme. Portegeeske nammen lykje sterk op Spaanske nammen en omfiemje ek twa (of mear) efternammen. Mar yn it Portegeesk is de folchoarder fan 'e efternammen krekt oarsom as yn it Spaansk: de earste efternamme is ornaris de efternamme fan 'e mem, en de twadde is yn 'e regel de efternamme fan 'e heit. Yn it gewoane spraakgebrûk wurdt by Portegeeske nammen dêrom allinnich de twadde efternamme brûkt (yn tsjinstelling ta de earste efternamme yn it Spaansk).

De folsleine namme wurdt yn 'e Spaansktalige kultuer by de measte minsken mar komselden brûkt, en dan hast noch inkeld yn rjochtsjildige dokuminten en oare tige formele omstannichheden. Normaal folstiet oer it algemien it gebrûk fan 'e earste efternamme. In man dy't José Antonio Gómez Iglesias hjit, soe dus yn 'e regel oansprutsen wurde as señor Gómez ("menear" of "de hear Gómez"). As men formeel wêze wol, kin men sa'nent ek oansprekke as señor Gómez Iglesias. Hy sil lykwols nea oansprutsen wurde as señor Iglesias, mei't de twadde efternamme nea los fan 'e earste efternamme brûkt wurdt. Dus de Kolombiaanske skriuwer Gabriel García Márquez, dy't ûnder syn beide efternammen bekendstiet, moat yn net-Spaansktalige teksten net koartwei Márquez neamd wurde, mar García of García Márquez.

It is net ûngebrûklik om, as de earste efternamme fan in persoan tige algemien is, de twadde efternamme ek yn minder formele sitewaasjes ta te foegjen, by wize fan ûnderskie. It is sels mooglik om 'e earste efternamme dan hielendal mar falle te litten (hoewol nea yn formele sitewaasjes). Dat wurdt bygelyks dien by de eardere Spaanske premier José Luis Rodríguez Zapatero, dy't yn 'e media yn 'e regel Zapatero neamd waard om't de namme Rodríguez ferlykber is mei De Jong of Jansen yn 'e Nederlânske kontekst. Itselde waard dien mei de eardere sosjalistyske foaroanman Alfredo Pérez Rubalcaba ("Rubalcaba"), mei de ferneamde toanielskriuwer Federico García Lorca ("Lorca") en mei de skilder Pablo Ruiz Picasso ("Picasso"). Dêrby moat oantekene wurde dat sok ynformeel nammegebrûk gjin ynfloed hat op it alfabetisearjen fan sokke persoanen yn bygelyks ynhâldsopjeften: Zapatero komt noch altyd ûnder de R fan Rodríguez, en Lorca ûnder de G fan García. De iennichste útsûndering op dy regel soe Picasso wêze kinne, waans namme suver as in artystenamme beskôge wurde kin. In oare reden om 'e earste efternamme yn ynformeel gebrûk falle te litten, kin wêze dat it in bûtenlânske namme is, dy't foar Spaansktaligen dreech út te sprekken is. Dat is bgl. it gefal mei de Oerûguayaanske skriuwer Eduardo Hughes Galeano, dy't bekend stiet as Eduardo Galeano.

Gearstalde efternammen