Artik (Armeensk: Արթիկ) is in stêd yn de Armeenske provinsje Sjirak. Artik leit 105 km. noardwestlik fan de haadstêd Jerevan op de noardwestlike helling fan de Aragats.
De stêd is ferneamd om de roze dowestien. It is in wichtich sintrum fan de produksje fan dowestien en travertyn yn Armeenje.
Yn 'e stêd steane in pear tige âlde tsjerken. Om de stêd hinne lizze in tal belangrike Armeenske monuminten lykas de 7e iuwske Stefanustsjerke. Demografy
In soad ynwenners fan Artik stamme oarspronklik út West-Armeenje fan famyljes, dy't yn de jierren 1829–1830 de stêden Kars en Karin ferlieten om harren yn Artik nei wenjen te setten. It ynwennertal naam foars ta yn de jierren 1960 doe't it in yndustrieel sintrum fan Sovjet-Armeenje waard. Sûnt de ûnôfhinklikens fan Armeenje nimt it tal ynwenners wer stadichoan ôf.
Jier 1831 1873 1897 1975 1989 2001 2011 2016 Ynwenners 647 2.359 2.950 14.726 25.100 17.561 19.534 18.800
Sjoch ek Lmbatavank Keppeling om utens
Kategory:Plak yn Armeenje