De tsjerke fan Westerwijtwerd is in romanogoatyske sealtsjerke út de 13e iuw.
Skiednis thumb|left|Muorreskildering mei Fryske kampfjochters. De tsjerke waard oarspronklik wijd oan Marije. It skip hie oarspronklik twa traveeën, mar waard yn 'e 16e iuw langer makke, sadat de ynearsten lossteande toer oan 'e tsjerke fêst kaam te sitten.
De noardmuorre yn de tsjerke hat in opmerklike muorreskildering fan twa Fryske kampfjochters út de 13e of 14e iuw.
Yn 1971 waard de tsjerke oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.
Oargel Yn 'e tsjerke is in skynfront fan in oargel yn 'e styl fan Van Oeckelen. It is yn 1902 yn 'e tsjerke set, mar it hat nea in ynstrumint hân.
Ofbylden ynterieur
Kategory:Ryksmonumint yn Iemsdelta Kategory:Tsjerkegebou yn Iemsdelta Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân