De toarteldo (Streptopelia turtur; ek bekend ûnder de namme simmertoartel) is in Europeeske dowesoart. Sûnt de jierren 1980 is it tal gewoane toarteldowen yn Nederlân bot ôfnommen. Yn Fryslân is de soarte as briedfûgel hast útstoarn. Neffens de lêste telling (2019) is der yn Fryslân allinne noch in briedpearke yn Noardwâlde.Frysk Deiblêd, 01.06.2019; side 21
Beskriuwing It toarteldoke mjit 27 oant 29 sintimeter en weecht likernôch 160 gram. Dêrmei is de toarteldo in stik lytser as in gewoane do. Wyfkes binne yn 'e regel wat lytser as it mantsje en binne fan minder glânzgjend fan kleur.
De toarteldo is boppe brúneftich, wylst de kiel en it boppeste diel fan it boarst readeftich binne. De skouders en dielen fan de fleugels hawwe in brune kleur mei donkere flekken. De rêch is blau-griis en wurdt nei de sturt ta wer wat bruner.
Folwoeksen fûgels hawwe oan de kanten fan de nek ferskate smelle, swarte dwersbannen op in wite eftergrûn. De sturt bestiet út tolve blau-swarte fearren, dy't oan de úteinen wyt binne. De twa bûtenste sturtfearren hawwe wite bûtenflaggen. De búk en de ûnderste sturtôfdekkings binne ljocht fan kleur.
Jonge fûgels ûnderskiede harren fan de âldere eksimplaren troch in brunere kleur oan de kop, rêch en op de fleugels. De foar de folwoeksen fûgels karakteristike dwersbannen oan de nekke ûnsteane by jonge fûgels pas nei in pear moannen.
Undersoarten
Fan de fûgel binne fjouwer ûndersoarten bekend:
Streptopelia turtur turtur (Linnaeus, 1758) komt foar yn Europa, op Madeira en de Kanaryske Eilannen oant yn westlik Sibearje. Streptopelia turtur arenicola (Ernst Hartert, 1894) libbet fan it noardwesten fan Afrika oant it westen fan Sjina. Streptopelia turtur hoggara (Geyr von Schweppenburg, 1916) komt foar yn it Aïr-massyf en it Ahaggar-geberchte foar. Streptopelia turtur rufescens (Christian Ludwig Brehm, 1845) hat syn ferspriedingsgebiet yn Egypte en it noarden fan Sûdan.
Foarkommen De toartedo libbet yn grutte dielen fan it westlike en sintrale Paléarktysk gebiet fan noardlik Afrika, it Ibearysk Skiereilân en Grut-Brittanje nei it easten oer it Midden-Easten oant noardwest Sjina en Mongoalje. De noardlike grins fan de fersprieding rint yn Europa oer it midden fan Ingelân, Denemark en dan by de Eastsee lâns troch Estlân en Ruslân nei de Oeral.
De toarteldo libbet benammen yn flak lân en komme net of komselden yn tichte bosken of geberchtes foar. Ek libje toarteldowen yn mingd bosk, houtwâlen, parken, greiden, boskjes, hôven en griene romten yn stêden. De yn Noard-Afrika libjende ûndersoarte Streptopelia turtur rufescens briedt graach yn boufallen. It ferspriedingsgebiet fan de toarteldo yn Fryslân lei benammen yn it easten en súdeasten fan de provinsje.
Nêst
Briede dogge toarteldowen ornaris mar ien kear yn 't jier fan maaie oant augustus. It nêst is mar lyts en wudt troch beide âlden mei lytse twiichjes yn boskjes en beammen boud. It wyfke leit twa wite aaien, dy't nei fyftjin dagen útkomme. Nei it útkommen ferlitte de jonge fûgels nei twa wiken it nêst. Dan kinne se lykwols noch net fleane en bliuwe dan yn de boskjes of beam tichteby it nêst.
Oerwintering Yn Sintraal-Europa bliuwe toarteldowen fan maaie oant septimber. Begjin septimber sammelje de dowen harren om dan healwei septimber yn grutte swarms nei de oerwinteringsgebieten te fleanen. Dat binne de lannen om de Middellânske See en Afrika súdlik fan de Sahara. Ien fan de wichtichste gebieten om ûnderweis te rêsten is Malta. Op hast alle rûtes dy't de toarteldokes brûke om de Middellânske See oer te stekken wurdt der yntinsyf op se jage.
Yn de maaitiid komme de toarteldokes relatyf let werom nei Sintraal-Europa, meastentiids sa om it begjin oant healwei maaie hinne. Somtiden wurdt it noch letter en oant begjin juny kinne der noch reizgjende toarteldokes oer de Middellânske See sjoen wurde.
Bedrigings Sûnt de jierren 1980 is it tal toarteldokes yn Nederlân slim efterút gien, fan sa'n 35.000 briedpearkes oant hjoeddedei (2019) likernôch 1.400. It toarteldoke wurdt yn in soad lannen bejage, lykas benammen Spanje, Itaalje, Malta en Afrika. Mei tastimming fan de EU wurde bygelyks allinnich al op Malta offisjeel sa'n 20.000 toarteldokes mei fangnetten fongen. Undersyk fan de Universiteit fan Gießen wiisde yn 2016 út dat de lannen om de Middellânske See ferantwurdlik binne foar it alle jierren wer ôfsjitten fan sa'n twa oant trije miljoen toarteldokes.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Toarteldo Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara