In duël, fan it Latynske duellum, dat letterlik "twakriich" betsjut (fan duo, "twa" en bellum, "oarloch"), is in mei regels omjûn en almeast yn 't foar ôfsprutsen treffen tusken twa persoanen dy't de striid oangeane mei gelikense wapens. In likernôch synonym dat lykwols net deselde semantyske lading hat, is twagefjocht. It útfjochtsjen fan in duël hjit duëllearjen, en in dielnimmer oan in duël is in duëllist. Duëls kamen histoarysk it measte foar yn it Jeropa fan 'e fyftjinde oant en mei de achttjinde iuw en it Noard-Amearika fan 'e njoggentjinde iuw, mei presedinten yn 'e Midsiuwske koade fan ridderlikheid en útrinners nei de tweintichste iuw. Oant fier yn 'e achttjinde iuw waarden duëls oer it algemien útfochten mei in swurd: earst de degen en letter de sabel. Begjinnend yn it let achttjinde-iuwske Ingelân gie men letter oer op it gebrûk fan pistoalen. Duëllisten hearden ta de hegerein of wiene militêre ofsieren, en it wiene hast altyd manlju, hoewol't der inkele duëls tusken froulju bekend binne dy't mei it pistoal útfochten waarden. De reden foar it oangean fan in duël wie dat ien fan 'e dielnimmers him troch de oare oantaast fielde yn syn eare. Histoarysk ferskilde de wetjouwing oangeande duëls, mar tsjintwurdich is duëllearjen yn 'e hiele wrâld ferbean en wurdt it beskôge as in misdriuw, spesifyk as moard of besykjen ta moard.

Skiednis Oarsprong Yn 'e Westerske kultuer ûntjoech it formele duël him út eardere, soartgelikense foarmen fan it twagefjocht, lykas de holmgang fan 'e Wytsingen en it Midsiuwske godsoardiel. By dat lêste ferskynsel waard in skeel tusken twa ridders besljochte troch in twagefjocht, wêrby't de winner achte waard de stipe fan God en dêrom de wierheid oan syn kant te hawwen. It godsoardiel waard ûnder mear tapast yn it Hillige Roomske Ryk en op de Britske Eilannen. De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, stie kritysk foar alle foarmen fan twagefjochten oer, oft it no gie om in saak fan eare of om 'e beskuldiging fan in misdriuw te besljochtsjen. Yn 1215 lei de Tsjerke op it Fjirde Lateraansk Konsylje it near op godsoardielen, mar de tradysje bliek dreech út te rûgjen, en duorre yn it Hillige Roomske Ryk fuort oant yn 'e fyftjinde iuw.

Yn 'e iere Renêssânse ûntjoech it duël him ta in akseptabele manear foar respektabele hearen om ûnderlinge skelen te besljochtsjen. Dêrta waard in formalisearre code duello, of "koade fan it duëllearjen", ûntwikkele, dy't foar it earst yn boekfoarm útbrocht waard yn it Itaalje fan 'e Renêssânse, en net lang dêrnei ek yn Frankryk. Yn it Feriene Keninkryk waard yn 1777 yn it Ierske Clonmel in koade foar duëls opsteld dy't de namme de Seisentweintich Geboaden krige. Hearen fan stân bewarren dêrfan in eksimplaar by harren pistoalen, sadat men de regels der daliks op neislaan koe as der ûniennichheid ûntstie oer in diel fan 'e te folgjen proseduere.

Untwikkeling Tsjin 'e iere santjinde iuw wie it duël djip woartele yn 'e Jeropeeske kultuer, as in foarrjocht fan 'e adel. Kening Loadewyk XIII fan Frankryk feardige yn 1626 in wet út dy't duëls ferbea. Dy wet bleau neitiid altyd fan krêft, en ûnder it regear fan Loadewyk syn soan, Loadewyk XIV, yntinsifearre de bestriding fan duëls noch helte mear. Nettsjinsteande dat libbe de tradysje ûnfermindere fuort, en nei skatting waarden der yn Frankryk tusken 1685 en 1716 10.000 duëls útfochten, wêrby't mear as 400 deaden foelen.

Omtrint 1770 ûndergie it duël yn Ingelân in stikmannich wichtige feroarings. Yn it foarste plak giene Ingelske duëllisten, oars as harren wjergaders op it fêstelân fan Jeropa, entûsjast oer op it gebrûk fan it pistoal as ferfanging foar it swurd. Dêrta waarden spesjale sets fan twa duëllearpistoalen ûntwikkele. Fierders waarden tenei ynstee fan ien saneamde sekondant per duëllist, ferskate sekondanten of 'freonen' by in duël belutsen. Dy freonen oerleine mei de freonen fan 'e tsjinstanner om te sjen oft der net in oplossing foar it skeel te finen wie dy't it duël oerstallich makke. Pas as sokke ûnderhannelings mislearren, waard it duël útfochten.

Oanboazjende krityk Yn it tiidrek fan 'e Ferljochting kaam it duël tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw troch feroarjende noarmen en wearden yn 'e Westerske maatskippij swier ûnder fjoer te lizzen. Dat kaam trochdat der nije ideeën ûntstiene oangeande fatsoenlik hâlden en dragen en om't geweld, dat earder akseptearre wie as in normaal ûnderdiel fan it deistich bestean, yn in negatyf deiljocht steld waard. Boppedat kaam der doedestiden yn in soad lannen foar it earst in begoedige middenklasse op fan boargers dy't neat hawwe moasten fan 'e efterhelle foarrjochten fan 'e adel. Ynstee spande men in rjochtsaak oan as men belastere waard, of skreau men in ynstjoerd brief nei in krante. Ek de ynfloedrike nije evangelyske foarmen fan it kristendom dy't oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw opkamen, en dy't de klam op it kristlik gewisse leine, moasten neat fan it útfjochtsjen fan duëls hawwe, dat se as ûnkristlik en barbaarsk beskôgen.

Yn it Feriene Keninkryk waard it deadzjen fan in oar by in duël foar de wet beskôge as moard, mar oer it algemien wiene de rjochtbanken tige laks om dy wet út te fieren, om't se de tradysje fan it duëllearjen noch altyd in waarm hert tadroegen. Dy hâlding hearske sels oan it Britske Hôf, dêr't keninginne Fiktoaria op in stuit hope dat James Brudenell, 7e greve fan Cardigan, dy't ferfolge waard foar it ferwûnjen fan in tsjinstanner yn in duël, "net te swier bestraft wurde soe". De Anglikaanske Tsjerke stie oer it algemien fijannich foar duëllearjen oer, mar it wiene de lytsere protestantske denominaasjes dy't aktyf kampanje fierden om 'e praktyk útband te krijen. Tsjin 1840 hie mei dêrtroch de publike opiny him tsjin it duëllearjen keard: doe't Cardigan dat jiers yn in oare saak frijsprutsen waard fan ferfolging foar moard omreden fan in wetlik detail, kamen dêr poerrazene reäksjes op. De toanoanjaande krante The Times bewearde sels dat der troch de Ingelske hegerein mei opsetsin in mêsk yn 'e wet litten wie om duëllisten te frijwarjen foar ferfolging. Ek stelde deselde krante dat der "yn Ingelân ien wet foar de riken en in oarenien foar de earmen" wie.

Yn dy maatskiplike atmosfear fûn it lêste fatale duël tusken Ingelsen yn Ingelân plak yn 1845 yn Southsea, doe't James Alexander Seton en Henry Hawkey deilis rekken om't Hawkey mei de frou fan Seton omslein hawwe soe. Dêrby waard Seton deasketten en Hawkey waard neitiid fan ferfolging frijsprutsen. It alderlêste fatale duël yn Ingelân waard yn 1852 by Englefield Green útfochten tusken twa Frânske ballingen, Frédéric Cournet en Emmanuel Barthélemy, wêrby't Counet omkaam. Barthélemy waard feroardiele foar deaslach ynstee fan foar moard, en kaam nei in finzenisstraf fan sân moannen wer frij (wêrnei't er yn 1855 de deastraf krige en ophongen waard doe't er syn wurkjouwer en in oare man fermoarde hie).

Yn de Feriene Steaten Yn 'e Feriene Steaten waard duëllearjen oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw al troch Benjamin Franklin bekritisearre as "ûnsinnich gewelddiedich", en ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch fitere George Washington, de lettere earste presidint fan 'e Feriene Steaten, syn ofsieren oan om útdagings ta duëls ôf te wizen om't er de tradysje as in bedriging foar de oarlochsynset seach. Nettsjinsteande dat wûn duëllearjen yn dy snuorje yn 'e Feriene Steaten krekt oan populariteit. Tusken 1798 en it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn 1861 ferlear de Amerikaanske Marine bygelyks twa ofsieren trochdat se omkamen by it útfjochtsjen fan duëls foar eltse trije ofsieren dy't omkamen yn seeslaggen. It bekendste duël út 'e Amerikaanske skiednis fûn plak yn 1804, doe't de sittende fise-presidint Aaron Burr by sa'n treffen de eardere minister fan Finânsjes Alexander Hamilton deaskeat.

Presidint Andrew Jackson focht, foar't er ta syn hege amt keazen waard, twa duëls út (hoewol't folksferhalen hawwe wolle dat it der folle mear wiene). Sa wied er belutsen by in bloedleas duël mei in abbekaat, en op 30 maaie 1806 skeat er de foaroansteande duëllist Charles Dickinson dea, wêrby't er sels in boarstwûne oprûn dêr't er de rest fan syn libben lêst fan hâlde soe. Fierders late in skeel tusken Jackson en John Sevier yn 1803 op in hier nei ta in duël. De fjochtpartij yn 1813, tusken Jackson en senator Thomas Hart Benton, wurdt ek wol omskreaun as in duël, mar wie dat net. Op 22 septimber 1842 stie de lettere presidint Abraham Lincoln op it punt om in duël út te fjochtsjen mei in oare politikus út Illinois, James Shields, mar harren sekondanten wisten it skeel op it lêste momint troch ûnderhannelings út 'e wrâld te helpen.

Oare bekende gefallen In oare persoan dy't belutsen wie by in duël, wie bgl. de Ierske politike foaroanman Daniel O'Connell, dy't yn 1815 John D'Esterre deade by in duël. Dat efterfolge him de rest fan syn libben en hy betelle oan syn dea ta eltse moanne by wize fan frijwillige boetedwaning in talage oan 'e dochter fan D'Esterre. De briljante Frânske wiskundige Évariste Galois waard yn 1832 op tweintichjierrige leeftyd deade by in duël. De ferneamde Russyske dichter Aleksander Pûsjkin rekke yn 1837 deadlik ferwûne by in duël mei de Frânske ofsier Georges d'Anthès, fan wa't grute waard dat er de minner fan Pûsjkin syn frou wie. D'Anthès waard neitiid beskuldige fan falskspyljen by it duël, mar hy troude mei Pûsjkin syn skoansuster en brocht it ta minister yn it Frânske regear. De Amerikaanske skriuwer en sjoernalist Mark Twain ûntkaam yn 1864 mar nauwerneed oan in duël mei in rivalisearjende kranteman, doe't syn sekondant it foarkomme liet as soe Twain in wiere skerpskutter wêze, wat de útdager ôfskrok.

Delgong Duëllearjen bleau yn 'e Feriene Steaten populêr oant de Boargeroarloch, wêrby't ek meispile dat immen, troch in útdaging ta in duël ôf te wizen, himsels bleatstelde oan bespotting en hún, om't men him dan as in leffert seach. Fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf waarden duëls yn 'e Feriene Steaten benammen útfochten oan 'e lange tiid fierhinne wetteleaze Amerikaanske frontier yn it Wylde Westen en yn it Amerikaanske Suden, dêr't âlde ideeën oer ridderlikheid en hoe't in hear him hearde te hâlden en dragen langer fuortbestiene. Yn it Wylde Westen ûntjoech him in nije foarm fan it duël, letter gauris werjûn yn westernfilms, wêrby't de duëllisten foarinoar oer stiene op in strjitte yn in stedsje en dan op in beskaat stuit besochten sa gau mooglik harren revolvers út it holster te lûken en te sjitten. Dy foarm hjit in quick draw-duël. It earste duël fan dat soarte fûn op 21 july 1865 plak yn Springfield (Missoery) tusken Wild Bill Hickok en Davis Tutt, wêrby't dy lêste deade waard. Hickok waard oppakt op beskuldiging fan moard, mar de oanklacht waard letter ôfswakke ta deaslach, en úteinlik waard er frijsprutsen.

Yn 1839 waard duëllearjen yn it federaal distrikt Washington, D.C. by wet ferbean, mar der kaam nea in federale wet tsjin 'e praktyk dy't gou foar de hiele Feriene Steaten. Dat waard oerlitten oan 'e ôfsûnderlike steaten. Guon dêrfan, lykas Mississippy, heften de wetten tsjin duëls yn 'e 1970-er jierren op om't it deadzjen fan immen as ûnderdiel fan in duël ek gewoan as moard berjochte wurde koe. Oaren, lykas West-Firginia, hawwe noch altyd wetten tsjin duëls. Yn Jeropa waarden duëls yn Belgje yn 1841 by wet ferbean, en yn Nederlân, dêr't de praktyk nea tige populêr wurden wie fanwegen in minmachtige adelstân en in iere opkomst fan rike keaplju, yn 1881. Yn Belgje waard de wet tsjin duëls yn 2000 opheft en yn Nederlân barde itselde yn 2006. Yn beide gefallen seach it parlemint it ferbod op duëls as in folslein efterhelle bepaling, dy't better ûnder it ferbod op moard of besykjen ta moard falle koe. De anty-duëlwet wie yn Nederlân ek mar selden tapast: tusken 1886 en 2004 waarden der acht gefallen fan duëls foar de rjochter brocht.