300px|thumb|Kaart fan Westerkertier thumb|Gemeentehûs yn Súdhorn is de gearkomstelikaasje fan de gemeenteried thumb|Gemeentehûs yn Gruttegast is it sit fan it kolleezje fan b. en w.

Westerkertier (Grinslânsk: Westerketier of Westerketaaier; Nederlânsk en offisjeel: Westerkwartier) is sûnt 1 jannewaris 2019 in gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeenten Súdhorn, Gruttegast, Mearum en De Like. De gemeente komt foar it measte oerien mei it gea Westerkertier. Dêrnjonken is ek in diel fan de eardere gemeente Winsum by it Westerkertier foege, de rest fan dy gemeente waard yndield by de ek yn 2019 ûnstiene gemeente It Hegelân (Het Hogeland). It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn. De gemeente hie op in ynwennertal fan (boarne: CBS).

Skiednis Oant 1990 bestie de hjoeddeiske gemeente Westerkertier út de gemeentes Ezinge, Oldehove, Grypskerk, Súdhorn, Aduard, Oldekerk, Gruttegast, Mearum en De Like. Yn dat jier waarden de acht ferskate gemeentes oant fjouwer werombrocht: Súdhorn, Gruttegast en de doe al besteande gemeentes Mearum en De Like. De gemeente Ezinge waard doe gearfoege mei de gemeente Winsum.

Op 1 jannewaris 2019 ûnstie de hjoeddeiske gemeente Westerkertier.

Plakken De gemeente bestiet út 41 doarpen, wêrfan't de fiif grutste plakken Súdhorn, De Like, Mearum, Tolbert en Gruttegast binne.

Plak Ynwenners (2021)cbs.nl/kerncijfers wijken en buurten 2021 Aduard 1.995 Boerakker 800 Briltil 490 Den Ham 140 Den Horn 710 Doezum 1.195 Enumatil 335 Ezinge 675 Feerwerd 520 Fisfliet 280 Garnwerd 340 De Grinzer Pein 2.630 Grypskerk 2.925 Gruttegast 3.350 Jonkersfeart 225 Koerherne 495 Kommersyl 505 Lauwerssyl 195 Lettelbert 150 De Like 11.595 Lytsegast 1.120 Lucaswolde 195 Mearum 5.995 Midwolde 185 Niebert 745 Niehove 130 Nijesyl 420 Nijtsjerk 1.360 Noardhorn 1.365 Noardwyk 225 Nuis 670 Oldehove 1.690 Oldekerk 1.540 Oostwold 680 Pitersyl 170 Saaksum 90 Sebaldebuorren 565 Súdhorn 8.305 Tolbert 4.475 De Wylp 1.625 Zevenhuizen 2.725

Polityk Gemeenteried Partij Tal sitten 2018 2022 VZ Westerkertier (BBBûnsgenoat) 6 10 KristenUny 6 6 GrienLinks 5 4 CDA 5 3 PvdA 4 3 Sterk Westerkwertier 2 3 VVD 3 2 D66 1 2 50PLUS 1 0 Meiïnoar 33 33

Keppeling om utens Webside fan de gemeente

Kategory:Westerkertier Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2019