Fool Moon is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Dwazemoanne" of "Moanne fan 'e Dwazen" (moanne yn 'e sin fan 'e byplaneet fan 'e Ierde), mar it is in Ingelske wurdboarterij, mei't Fool Moon min ofte mear klinkt as Full Moon, dat "folle moanne" betsjut. It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it twadde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Storm Front. Yn Fool Moon kriget Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, te meitsjen mei in wiere pleach fan wearwolven, en moat er besykje om himsels en syn freonen hielhûds troch de swierrichheden te loadsen dy't dat opsmyt. __TOC__ Publikaasjeskiednis Fool Moon waard yn 2001 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2005 waard de roman troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, mei it earste en trêde diel fan The Dresden Files: Storm Front en Grave Peril. Yn 2011 en 2012 ferskynde fierders in twadielige omwurking fan Fool Moon ta in grafyske roman mei as nammen Fool Moon, Volume 1 en Fool Moon, Volume 2. Dielen fan Fool Moon tsjinnen ek as basis foar it senario fan 'e ôflevering Hair of the Dog fan 'e tillefyzjesearje The Dresden Files, dy't yn 2006 útstjoerd waard op it Amerikaanske Sci Fi Channel. In Nederlânsktalige oersetting fan Fool Moon (troch Lia Belt) waard yn 2009 publisearre troch De Vliegende Hollander, ûnder de titel Wolvenjacht.

Ynhâld Fool Moon iepenet likernôch in healjier nei de foarfallen yn Storm Front. Harry Dresden hat no in min ofte mear fêste relaasje mei Susan Rodriguez, in sjoernaliste foar de Arcane, in krantsje dat benammen oer boppenatuerlike saken publisearret. Ek hat er syn swierrichheden mei syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago, bylein, hoewol't er de lêste moanne gjin boe of bah mear fan har heard hat. Om't in grut part fan syn ynkommen bestiet út it lean dat er kriget as adviseur fan 'e plysje, sit er no finansjeel oan 'e grûn. As in bekende fan him, Kim Delaney, in jonge frou mei in beskieden talint foar tsjoenderij dy't er de lêste tiid op dat mêd begeliedt, oanbiedt om in miel foar him te keapjen yn syn stamkroech MacAnally's yn ruil foar wat advys, giet Harry dêr dan ek grif op yn. It docht lykwols bliken dat Kim witte wol hoe't se trije konsintryske magyske sirkels meitsje moat, dy't almeast brûkt wurde foar oproppings, om machtige demoanen of sels ingels yn finzen te hâlden. Harry wegeret dêrom en jou Kim de ynformaasje dy't se hawwe wol, en hy fynt dat dat foar har eigen goederbêst is.

Nei't Kim har lulk ôfjûn hat, komt Karrin Murphy yn MacAnally's, dêr't se it ferfrommele bryfke mei in tekening fan 'e trije konsintryske sirkels, dat Kim oer de flier smiten hat, oppakt. Se freget Harry syn help by in moardsaak, en ûnderweis nei it plak delikt leit se him út dat se de lêste tiid gjin kontakt mei him opnommen hat om't der troch de ôfdieling Ynterne Saken yn ûndersyk nei har ynsteld is. Harry wurdt troch de measte plysjes sjoen as in sjarlatan, dat wat minder kontakt oft Murphy mei him hat, wat better oft it foar har is. Op it plak delikt oankommen blykt de deade in bekende fan Harry te wêzen: Spike, in liifwacht fan maffiabaas "Gentleman Johnny" Marcone. Hy is midden yn Chicago troch in wolf deabiten, en mei't it in pear dagen foar folle moanne is, rekket Harry der daliks fan oertsjûge dat it om in oanfal troch in wearwolf giet. Oan 'e glêsskerven yn in brutsen rút sit bloed, en Harry nimt ien fan 'e skerven mei. Foar't hy en Murphy mear ûndersyk dwaan kinne, arrivearret lykwols agint Phillip Denton fan 'e FBI mei trije kollega's, de aginten George Wilson, Deborah Benn en Roger Harris. Denton en Murphy hawwe in lulke konfrontaasje oer wa't foech hat oer de moard. Dat einiget dermei dat Murphy en Harry troch Denton de doar wiisd wurde.

Murphy fertelt Harry neitiid dat der hast persiis in moanne lyn ek wolve-oanfallen yn Chicago plakfûn hawwe, op seis nachten om folle moanne hinne. Dat befêstiget Harry syn fermoeden dat se hjir te krijen hawwe mei in wearwolf. Der binne by de oanfallen ferskate deaden fallen, ûnder wa in James Harding III, dy't in sakepartner wie fan "Gentleman Johnny" Marcone. Op 'e weromweis nei MacAnally's merkt Harry op dat se folge wurde, hoewol't er dy ûntdekking stilhâldt foar Murphy. As er útstapt is, sjocht er dat de auto dy't Murphy folget, bestjoerd wurdt troch in brúnhierrige frou. Om't er net lang hat foar't it bloed op 'e glêsskerf hielendal bedrûget, beslút Harry daliks in betsjoening út te fieren, sadat it him nei de persoan ta liede kin dêr't it fan is. Harry bedarret yn in efterstânswyk, dêr't er nei in leechsteande supermerk ta laat wurdt. As er dêr ynbrekt, wurdt er de brúnhierrige frou út 'e folchauto gewaar, dy't ynstruksjes jout oan in groepke studinten. Se merkt syn oanwêzigens lykwols al rillegau op, wêrnei't se alle ljochten útdocht. Der folget in wrakseling yn it tsjuster wêrby't Harry it tsjin in wolf opnimt, dy't him lykwols inkeld ûntwapenet en ûnder fuotten hellet, en dan weiwurdt. Hy is him der goed fan bewust dat it bist him maklik deadzje kinnen hie, mar dat net dien hat. It is him útdúdlik wêrom't er noch libbet. As er de efterfolging ynset, wurdt er yn 'e stege efter de supermerk konfrontearre mei Murphy, dy't ek yn 'e rekken hie dat se folge waard, en letter op har beurt de folchauto folge hat. De frou/wolf en de studinten binne ûntkommen.

Nei't Harry thúskommen is, befreget er Bob oer wearwolven. (Bob is in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium in minsklike skedel bewennet.) Bob fertelt dat wearwolven yndie echt besteane, mar net sa't se yn films of boeken foarsteld wurde. Sa liedt in wearwolvebyt der net ta dat men sels wearwolf wurdt en hat men foar it deadzjen fan 'e measte wearwolven ek neat oan sulveren kûgels. Der binne ferskate soarten wearwolven, leit Bob út wylst Harry twa toverdrankjes makket: ien om sa ûnopmerklik te wêzen dat men hast ûnsichtber is, en ien om nije magyske enerzjy op te dwaan. De 'klassike' wearwolf is in soarte fan tsjoender dy't mar ien betsjoening ken: om himsels fan minske yn wolf en fan wolf yn minske te feroarjen. De heksewolf is in minske dy't tsjin betelling fan in demon of in warlock in wolvehûdene mulrym kriget. As er dy om docht, feroaret er yn in wolf, en docht er him wer ôf, dat wurdt er wer minske. In heksewolf brûkt dus, yn tsjinstelling ta in klassike wearwolf, net syn eigen tsjoenderij om wolf te wurden, mar de tsjoenderij fan in oar. In trêde foarm fan 'e wearwolf is de lykantroop. Dat is in minske dy't in wolfeftige geast fan razernij oproppe kin. Hy feroaret dan inkeld mentaal yn in wolf, mar fielt amper noch pine en is dreech tsjin te hâlden. Ta einbeslút is der de loup-garou, dat is minske dy't ferflokt is om op fêste tiden, ornaris om 'e folle moanne hinne, te feroarjen yn in demon mei it uterlik fan in wolf. Sokke wêzens binne frijwol ûnkwetsber en kinne inkeld deade wurde mei in sulveren wapen, en dan noch allinnich as de brûker fan it wapen it sulver urven hat fan in ferstoarn famyljelid.

As Harry de oare moarns de ynformaasje oer wearwolven, dy't er yn in kreas rapport gearfette hat, nei it plysjeburo bringt om oan Murphy te jaan, rint er dêr agint Denton tsjin it liif. Dy seit dat Murphy op dat stuit yn besprekking is mei ien fan Ynterne Saken, mar dat hy it rapport wol oan har trochjaan wol. Harry langet dêrom sûnder euvelmoed it rapport oan him oer. Bûtendoar wurdt er steande holden troch Denton syn ûnderhearrige, agint Harris, dy't him út namme fan Denton de tip jout om ris syn ljocht op te stekken by de Streetwolves, in motorbinde dy't mooglik wat mei de moarden te krijen hat, mar tsjin wa't de FBI gjin bewiis fine kinnen hat. Sadwaande bejout Harry him nei de rykrakkige garaazje dy't it haadkertier fan 'e binde is. Hy ûndekt dat de Streetwolves lykantropen binne, en wit mar nauwerneed mei de hiele hûd te ûntkommen. Om't er Parker, de lieder fan 'e Streetwolves, útdage hat, is dy no lykwols twongen om him te deadzjen as er it liederskip oer de binde behâlde wol. As Harry weromkomt yn syn kantoar, wurdt er dêr opwachte troch "Gentleman Johnny" Marcone en dy syn liifwacht Hendricks. Marcone besiket Harry fannijs oer te heljen om by him yn 'e tsjinst te kommen, mar Harry stegeret him wer ôf. Ear't er fuortgiet, jout Marcone him by wize fan tip de namme fan Harley MacFinn.

Om fluch oan ynformaasje oer MacFinn te kommen, ropt Harry de demon Chaunzaggoroth op, dy't er yn ruil foar de ynformaasje fertelt wat syn twadde foarnamme is. MacFinn blykt in miljonêr te wêzen dy't behelle is yn it krewearjen foar it Northwest Passage Project, dat draait om 'e oprjochting fan in grut nasjonaal park yn it Amerikaanske Noardwesten. De opposysje tsjin dat plan waard oanfierd troch de ferline moanne fermoarde James Harding III. Chaunzaggoroth fertelt Harry ek dat MacFinn in telch is út in âld Iersk skaai, en dat ien fan syn foarâlden troch Sint Patrick ferflokt is om by folle moanne in loup-garou te wurden, in flok dy't neitiid fan âlder op âlder oerdroegen is troch it geslacht, oant Harley MacFinn de hjoeddeistige drager fan 'e flok wurden is.

Foar't Harry fierder ûndersyk dwaan kin nei MacFinn, wurdt er troch Murphy meinommen nei it plak fan in nije moard. It plak delikt blykt op it wenadres fan MacFinn te wêzen, en as se dêr oankomme, is it Kim Delaney dy't troch in wolf ferskuord is. Har stoflik omskot leit njonken in provisoarysk op 'e flier oanbrochte trijefâldige magyske sirkel, dêr't se blykber it iene of oare wêzen yn besocht finzen te hâlden. Murphy nimt Harry dan mei nei de kelder fan 'e filla fan MacFinn, dêr't in fernielde trijefâldige magyske sirkel fan sulver is. Dan hellet se Kim Delaney har tekening fan in trijefâldige sirkel foar 't ljocht, dat se yn MacAnally's oppakt hie, en beskuldiget se Harry derfan dat er mear fan dizze saak wit en dat er har – op 'e nij – foarliigd hat. Se jout Harry in pear bêste opstoppers en arrestearret him op fertinking fan 'e moard op Kim Delaney. Dêrnei lit se him troch har partner, resjersjeur Ron Carmichael, efteryn in plysje-auto stopje, wylst sysels mei de dan krekt arrivearjende agint Denton wer yn 'e hûs giet.

Harry is ûnderwilens mei stomheid slein troch dizze ûntwikkeling. Hy beseft no dat Kim yn 'e trijefâldige magyske sirkel gjin demon of ingel finzenhâlde woe, mar de loup-garou MacFinn, mei wa't se grif troch har miljeu-aktivisme yn 'e kunde kommen wie. Trochdat Harry har krúsjale ynformaasje ûntholden hat, is se no dea. Dus as Murphy seit dat hy Kim fermoarde hat, is dat eins ek noch wier. Wylst Harry yn tinzen wei is, wurdt de plysje-auto dêr't er yn sit, iepenbrutsen troch de brúnhierrige frou dy't er no al twa kear tsjinkommen is. Hja seit dat hja Tera West hjit en Harley MacFinn syn ferloofde is. Se is derfan oertsjûge dat Harry de iennichste is dy't MacFinn helpe kin troch in trijefâldige magyske sirkel om him hinne te meitsjen, sadat er yn 'e folgjende nachten fan folle moanne nimmen mear te fermoardzje kin. Se bepraat Harry om te ûntsnappen, mei't hy fanút in plysjesel alhiel neat bewurkmasterje kinne sil. As hy en Tera útpike, komme krekt Murphy en Denton wer nei bûten ta, dat syn ûntsnapping rint út op in wylde flecht, wêrby't er troch ien fan 'e plysjes yn it skouder sketten wurdt. Trochdat er mei tsjoenderij dize opropt, witte hy en Tera dochs fuort te kommen.