A Fistful of Dollars (Italjaansk: Per un Pugno di Dollari) is in Italjaansk-Westdútsk-Spaanske westernfilm út 1964 ûnder rezjy fan Sergio Leone. Dizze film lei de grûnslach foar it subsjenre fan 'e spagettywestern, wylst er ek fan grutte ynfloed wie op it subsjenre fan 'e refizjonistyske western. It wie it earste diel fan 'e saneamde Dollars Trilogy, dêr't ek For a Few Dollars More en The Good, the Bad and the Ugly diel fan útmeitsje. De plot fan A Fistful of Dollars draait om in mysterieuze frjemdling dy't in stedsje binnenriidt dat yn 'e gryp is fan in fete tusken twa famyljes, de Rojo's en de Baxters. Hy spilet harren tsjininoar út om der sels better fan te wurden.
A Fistful of Dollars fêstige de karriêres fan regisseur Sergio Leone, akteur Clint Eastwood (foar wa't dit syn earste haadrol yn in film wie) en komponist Ennio Morricone, dy't de filmmuzyk fersoarge. De film waard benammen yn 'e Feriene Steaten min ûntfongen, mar woeks út ta in wiere klassiker, dy't yn alle listen op dat mêd foar ien fan 'e bêste westernfilms aller tiden oanmurken wurdt. A Fistful of Dollars waard neitiid identifisearre as in ûnoffisjele remake fan 'e Japanske film Yojimbo, fan regisseur Akira Kurosawa, wat resultearre yn in súksesfolle rjochtsaak tsjin 'e makkers troch de Japanske filmstudio Toho.
Plot In frjemdling, in Man sûnder Namme dy't himsels 'Joe' neame lit, arrivearret yn it lytse stedsje San Miguel. Silvanito, de pleatslike herbergier, fertelt him oer de fete tusken de famyljes Rojo en Baxter, dy't it stedsje al jierrenlang yn syn gryp hâldt. De bruorren Rojo, Ramón, Benito en Esteban, binne banditen, dy't it net sa nau mei de wet nimme, wylst John Baxter de sheriff is. De Man sûnder Namme beslút de beide famyljes tsjininoar út te spyljen om wat jild te fertsjinjen. Hy bewiist syn behindichheid en faasje mei de revolver as er fjouwer mannen deasjit dy't him misledigen doe't er San Miguel binnenried.
Nei't er in skoftke de kat út 'e beam sjoen hat, grypt de Man sûnder Namme syn kâns as er der tsjûge fan is dat de Rojo's in detasjemint Meksikaanske soldaten ôfslachtsje dy't in lading goud eskortearje. Hy ferpleatst de liken fan twa fan 'e soldaten nei in begraafplak deunby San Miguel en ferkeapet dan ynformaasje oan sawol de Baxters as de Rojo's dat twa fan 'e soldaten de oanfal oerlibbe hawwe en har op it begraafplak ferskânze hawwe. Beide partijen sjogge dat se dêr komme; de Baxters om 'e beide soldaten tsjin 'e Rojo's tsjûgje te litten, en de Rojo's om 'e oerlibbenen it swijen op te lizzen. Der brekt in sjitpartij út wêrby't Ramón Rojo de beide soldaten wit 'dea te sjitten', wylst syn broer Esteban de soan fan 'e sheriff, Antonio Baxter, finzen nimt.
Wylst de Rojo's en de Baxters inoar op it begraafplak befjochtsje, trochsiket de Man sûnder Namme de hacienda fan 'e Rojo's op 'e sneup nei goud. Wylst er dêrmei dwaande is, heart er leven en mient er dat er trappearre wurdt. Hy slacht dejinge dy't him bespionearret bewusteleas, mar it blykt in frou te wêzen, Marisol. De Man sûnder Namme nimt har mei nei de Baxters, dy't risselwearje om har oan 'e Rojo's werom te jaan yn ruil foar Antonio. As de útwikseling plakfynt, draaft in jonkje, Jesús, op Marisol ôf, folge troch in man, Julio. It docht bliken dat dat har soan en man binne. Ramón Rojo oarderet ien fan syn mannen, Rubio, om Julio te deadzjen, mei't dyselde syn warskôging om San Miguel te ferlitten yn 'e wyn slein hat. De herbergier Silvanito besiket om it gesin te beskermjen mei in jachtgewear, en de Man sûnder Namme kiest derfoar om him dêrby te helpen. Noch Ramón, noch syn mannen wolle it op in konfontaasje mei de Man sûnder Namme oankomme litte, om't se sjoen hawwe hoe'n betûfte revolverman hy is. De Man sûnder Namme hjit Marisol dan om werom te gean nei Ramón Rojo, wylst er Julio oarderet om syn soan mei nei hûs te nimmen.
Neitiid fertelt Silvanito him dat Ramón Rojo Julio by in kaartspul opsetlik falsk beskuldige hat fan falskspyljen, sadat er in ferlechje hie om syn frou Marisol finzen te nimmen. Sûnt hâldt er har fêst en brûkt er har as syn mêtresse. Let dy jûns, as de Rojo's feestfiere om harren oerwinning yn 'e konfrontaasje op it begraafplak, riidt de Man sûnder Namme nei it hûs bûten San Miguel ta dêr't Marisol fêstholden wurdt. Hy sjit de bewekkers dea en fernielt it hûs om it lykje te litten as hawwe de Baxters it dien. Hy werienet Marisol mei har man en soan, jout harren wat jild en stjoert se út San Miguel wei. De Rojo's ûntdekke lykwols al rillegau wa't der wier efter de befrijing fan Marisol sit, en se nimme de Man sûnder Namme finzen en tramtearje him. Hy wit lykwols te ûntsnappen. Om't de Rojo's miene dat er wol beskûl socht hawwe moat by de Baxters, stekke se de Baxter-wente yn 'e brân en slachtsje se alle famyljeleden ien foar ien ôf as dy besykje oan 'e flammesee te ûntkommen. Ramón sels sjit John Baxter en syn soan Antonio dea, nei't er earst beard hat dat er harren sparje wol. Consuela, Baxter syn widdo, sprekt dan ferflokkings tsjin him út, en wurdt deasketten troch Esteban.
Underwilens is de Man sûnder Namme mei de help fan Piripero, de pleatslike deagraver, út San Miguel ûntkommen yn deakiste. Hy hâldt him beskûl yn in myn yn 'e neite fan it stedsje, dêr't er stadichoan opbetteret fan 'e ferwûnings dy't er oprûn hat yn syn finzenskip. As Piripero him fertelt dat de Rojo's Silvanito finzen nommen hawwe, keart er werom nei San Miguel om mei de Rojo's ôf te weven. Hy hinget in stielen plaat om 'e hals, dy't er ferberget ûnder syn poncho.
As er it yn in duël op it stedsplein opnimt tsjin Ramón Rojo, ferget de Man sûnder Namme dyselde derop om him yn it hert te reitsjen. Ramón syn kûgels komme lykwols net troch de stielene plaat hinne, dat de man rekket yn panyk en sjit syn Winchester leech. Dêrnei sjit de Man sûnder Namme him it gewear út 'e hân en deadet er alle oare oanwêzige leden fan 'e Rojo-binde, ûnder wa Benito Rojo en Rubio. Syn lêste kûgel brûkt er om Silvanito te befrijen, dy't oan in tou oan in peal hinget. Hy daget Ramón út om syn gewear flugger te laden as dat hy syn revolver lade kin. De senuweftige Ramón besiket dat, mar it slagget net, en de Man sûnder Namme sjit him dea. Esteban Rojo, dy't út in gebou oan 'e oare kant fan it plein de Man sûnder Namme yn 'e rêch sjitte wol, wurdt deasketten troch Silvanito. Neitiid seit de Man sûnder Namme Silvanito en Piripero farwol en riidt er út San Miguel wei.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise de 'Man sûnder Namme' (of Joe) Clint Eastwood Ramón Rojo Gian Maria Volontè (as John Wells)
byrollen personaazje akteur/aktrise Marisol Marianne Koch Silvanito José Calvo Piripero Joseph Egger sheriff John Baxter Wolfgang Lukschy Manolo Aldo Sambrell Benito Rojo Antonio Prieto Esteban Rojo Sieghardt Rupp Consuela Baxter Margherita Lozano Antonio Baxter Bruno Carotenuto Julio Daniel Martín Chico Mario Brega (as Richard Stuyvesant) Rubio Benito Stefanelli (as Benny Reeves)
Produksje Bedoeling fan Leone A Fistful of Dollars wie troch regisseur Sergio Leone bedoeld om it westernsjenre yn 'e Italjaanske sinema op 'e nij út te finen. Hy fûn dat de Amerikaanske westernfilm as sjenre stagnearre wie en boppedat oermjitte prekerich en mei dêrtroch net mear oannimlik wie foar it Jeropeeske bioskooppublyk. Nettsjinsteande it feit dat yn Hollywood hieltyd minder westernfilms makke waarden, leaude Leone dat der yn Jeropa noch altyd in grutte merk wie foar films fan dat sjenre, as se mar op 'e juste manear makke waarden. Dêrom woed er de Italjaanske filmgewoanten nimme en dy brûke om in nij soarte western meitsje. Syn ferzje fan it Wylde Westen wie in moreel twifelich plak, dêr't de helden en de smjunten faak mar amper faninoar te ûnderskieden wiene. Konsepten fan goed en kwea begûnen dêr yninoar oer te rinnen yn in wrâld dêr't in protte dieden net mear oantsjut wurde koene as goed of ferkeard. Dêrmei skoep Leone in nije subsjenre fan 'e westernfilm: de spagettywestern, wylst er ek grutte ynfloed útoefene op in oar (of breder) subsjenre: de refizjonistyske western.
Crew, studio's en budget A Fistful of Dollars wie in Italjaansk-Westdútsk-Spaanske ko-produksje fan 'e filmstudio's Jolly Film, Constantin Film en Ocean Films. De produsinten wiene Arrigo Colombo en Giorgio Papi. It senario waard skreaun troch Victor Andrés Catena, Jamie Comas Gil, Fernando Di Leo, Sergio Leone, Duccio Tessari en Tonino Valerii, wylst oan 'e Ingelsktalige ferzje ek Mark Lowell en Clint Eastwood meiwurken. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Massimo Dallamano, wylst komponist Ennio Morricone de noris sobere, dan wer útskroevene filmmuzyk skreau. A Fistful of Dollars waard yn Itaalje distribuëarre troch Unidis, en letter yn 'e Feriene Steaten troch United Artists (UA). Der wie in budget fan net mear as $200.000 oant $225.000 foar de film beskikber. Om 'e film mear Amerikaansk lykje te litten, namen ferskate Jeropeänen dy't meiwurken oan A Fistful of Dollars in 'Amerikaansk' klinkende skûlnamme oan, dêr't se mei op 'e ôftiteling fermeld steane. Sergio Leone sels neamde him 'Bob Robertson', kameraregisseur Dallamano wie 'Jack Dalmas', Ennio Morricone waard 'Dan Savio' yn 'e Ingelsktalige ferzje (en 'Leo Nichols' yn 'e Italjaansktalige ferzje), haadrolspiler Gian Maria Volontè naam de namme 'John Wells' oan, en de akteurs Mario Brega en Benito Stefanelli wiene 'Richard Stuyvesant', resp. 'Benny Reeves'.
Cast Op it mêd fan 'e cast woe Leone in bekende Amerikaanske akteur yn 'e haadrol fan 'e Man sûnder Namme hawwe. Oarspronklik hied er Henry Fonda op it each, mar dy koed er lang net betelje. Syn twadde kar wie Charles Bronson, mar dy't wiisde de rol ôf om't er it senario net goed genôch fûn. (Sawol Fonda as Bronson soe letter spylje yn in oare western fan Leone, Once Upon a Time in the West.) Oare akteurs dy't de rol fan 'e Man sûnder Namme ôfwiisden, wiene Henry Silva, Rory Calhoun, Tony Russel, Steve Reeves, Ty Hardin, Eric Fleming en James Coburn. (Coburn soe letter de haadrol spylje yn Duck, You Sucker!, in oare film fan Leone.) Uteinlik rjochte Leone him op Richard Harrison, in Amerikaanske akteur dy't koartby yn 'e Italjaanske western Duello nel Texas spile hie. Harrison hie dêr lykwols gjin goede oantinkens oan, en woe de ûnderfining net nochris oerdwaan. Dêrop kamen de produsinten mei in list fan minder bekende, mar beskikbere, Amerikaanske akteurs op 'e lapen en fregen Harrison wa't hy foar de rol oanriede soe.
Harrison rikkemandearre Clint Eastwood oan, dy't bekend wurden wie yn 'e tillefyzjesearje Rawhide, om't er wist dat dy in oertsjûgjende cowboy delsette koe. Letter soe Harrison mei frijwat selsspot opmerke: "Miskien wol myn grutste bydrage oan 'e sinema wie om net yn A Fistful of Dollars te spyljen, mar Clint oan te rieden foar dy rol." Eastwood seach yn A Fistful of Dollars benammen de kâns om te ûntkommen oan syn Rawhide-imago, mei't it him, sa seid er letter yn in fraachpetear, danich ta de kiel úthong "om hieltyd wer de tradisjonele held spylje te moatten dy't aloan en mar wer âlde wyfkes en hûnen tutet en Jan en alleman freonlik behannelet. Ik besleat dat it tiid waard om ris in antyheld te wêzen."
Opnamelokaasjes A Fistful of Dollars waard filme yn Spanje. It meastepart fan 'e sênes waard opnommen by Hoyo de Manzanares, deunby Madrid. Guon stikken waarden lykwols filme yn 'e Tabernas-woastyn (dêr't ek parten fan 'e oare beide films fan 'e Dollars Trilogy opnommen waarden), en yn it Natoerpark Cabo de Gata-Níjar, beide yn 'e provinsje Almería. De binnendoarsênes fan A Fistful of Dollars waarden filme yn 'e Cinecittà-studio's yn Rome.
Talen