Foarfallen 1290 - Yn Skotlân ûntstiet in regearingskrisis as troch it ferstjerren fan 'e jonge keninginne Margareta it Hûs Canmore útstjert. De troan bliuwt foarearst leech, en it lân wurdt regearre troch saneamde beskermhearen. 1345 - Yn 'e Slach by Warns wurdt it ridderleger fan greve Willem IV fan Hollân troch de Westerlauwerske Friezen ferslein. 1509 - De twadde Kosmas- en Damianusfloed treft benammen it Siuwske eilân Walcheren, mar ek it gebiet tusken it IJ en de Alde Ryn komt splis te stean. 1897 - It steamskip de Kaiser Wilhelm der Grosse, fan 'e Norddeutschen Lloyd, wint de Blauwe Wimpel foar de fluchste oerfeart fan 'e Atlantyske Oseaan. 1905 - De spesjale relativiteitsteory fan Albert Einstein wurdt publisearre yn it tydskrift Annalen der Physik. 1907 - De Britske koloanjes Nij-Seelân en Nijfûnlân krije selsbestjoer binnen it Britske Ryk. 1945 - De Betinking fan de Slach by Warns wurdt foar de earste kear holden. 1957 - Earste opfiering fan 'e musical West Side Story. 1980 - Yn Dútslân hat in bomoanslach plak op it Oktoberfest yn München. 13 besikers komme om it libben en en mear as 200 besikers reitsje ferwûne. 1983 - It begjin fan in kearnoarloch tusken it Westen en it Eastblok wurdt foarkaam troch Sovjet-ofsier Stanislav Petrov.
Berne 1754 - Joseph-Louis Proust, Frânsk skiekundige († 1826) 1870 - kening Kristiaan X fan Denemark († 1947) 1885 - Hanso Schotanus à Steringa Idzerda, Frysk radiopionier († 1944) 1888 - T.S. Eliot, Amerikaansk-Ingelsk dichter en útjouwer († 1965) 1889 - Martin Heidegger, Dútsk filosoof († 1976) 1897 - paus Paul VI († 1978) 1898 - George Gershwin, Amerikaansk komponist en tekstskriuwer († 1937) 1907 - Bep van Klaveren, Nederlânsk bokser († 1992) 1911 - Bruno Venturini, Italjaansk fuotballer († 1991) 1932 - Vladimir Voijnovitsj, Russysk skriuwer en dissidint († 2018) 1935 - Henk Nijdam, Nederlânsk hurdfytser († 2009) 1936 - Winnie Mandela, Súdafrikaansk aktiviste en oarehelte fan Nelson Mandela († 2018) 1948 - Olivia Newton-John, Britsk-Australysk aktrise en sjongeres († 2022) 1950 - Henk van der Velde, Frysk sporter († 1983) 1957 - Tanya Huff, Kanadeesk skriuwster 1981 - Serena Williams
Ferstoarn 1290 - keninginne Margareta fan Skotlân (* 1283) 1345 - greve Willem IV fan Hollân (* 1317) 1466 - greve Ulrik I fan Eastfryslân (* ±1408) (mooglik ferstoarn op 25 septimber) 1630 - Ambrogio Spínola, Italjaansk bankier en fjildhear yn Spaanske tsjinst (* 1569) 1868 - August Ferdinand Möbius, Dútsk wiskundige (* 1790) 1902 - Levi Strauss, Dútsk-Amerikaansk ûndernimmer en útfiner fan 'e spikerbroek (* 1829) 1937 - Bessie Smith, Amerikaansk sjongster (* 1894) 1945 - Béla Bartók, Hongaarsk komponist (* 1881) 1956 - Jouke Annes Bakker, Frysk politikus (* 1873) 1981 - Albert Assies, Frysk politikus (* 1917) 1986 - Noboru Terada, Japansk swimmer (* 1917) 1987 - Ethel Catherwood, Kanadeesk heechspringster (* 1908) 2003 - Robert Palmer, Ingelsk sjonger en muzikant (* 1949) 2011 - Harry Muskee, Nederlânsk sjonger (* 1941) 2017 - Rinse Zijlstra, Frysk politikus (* 1927) 2019 - Jacques Chirac, Frânsk presidint (* 1932)
Kategory:Datum 26