Foarfallen 1134 - Seelân, súdlik Hollân, noardwestlik Brabân en de kust fan Flaanderen wurde troffen troch de Stoarmfloed fan 1134. 1578 - Jabik Hessels, lid fan de Ried fan Beroerten, wurdt yn Gint ophongen. 1767 - Steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau boasket oan prinsesse Wilhelmina fan Prusen. 1830 - Belgje is frij fan 'e Nederlânske besettingstroepen en ropt de ûnôfhinklikheid út. Oarspronklike Nasjonale Feestdei yn Belgje. 1842 - By it earste Ferdrach fan La Pointe steane de Odjibwe-Yndianen it westlike twatrêde part fan Opper-Michigan en de noardlike râne fan Wiskonsin ôf oan 'e Feriene Steaten. 1849 - Mei de oerjefte fan Komárom, de lêste opstannige stêd yn it Keninkryk Hongarije, komt in ein oan 'e Hongaarske Opstân fan 1848. 1853 - Turkije ferklearret de oarloch oan Ruslân: it begjin fan 'e Krimoarloch. 1955 - De Citroën DS19 wurdt presintearre. 1957 - Lansearring fan 'e Spoetnik I; begjin fan 'e space race. 1986 - Keninginne Beatrix stelt de stoarmfloedkearing in de Easterskelde yn wurking, wêrmei't de Deltawurken foltôge binne. 1992 - De Bylmerramp: in El Al-Boeing 747 frachtfleantúch stoart op sneintejûn del op in flatgebou yn 'e Amsterdamske wyk de Bylmermar.

Berne 1379 - kening Hindrik III fan Kastylje († 1406) 1550 - kening Karel IX fan Sweden († 1611) 1585 - Anna fan Tiroal, keizerinne-gemalinne fan it Hillige Roomske Ryk († 1618) 1626 - Richard Cromwell, beskermhear fan Ingelân († 1712) 1822 - Rutherford B. Hayes, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1893) 1883 - Tjeerd Wiebrens Kooistra, Frysk keatser († 1961) 1888 - Oscar Mathisen, Noarsk hurdrider († 1954) 1895 - Buster Keaton, Amerikaansk akteur († 1966) 1905 - Léon Orthel, Nederlânsk komponist († 1985) 1907 - Auke Adema, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner († 1976) 1909 - Benjamin Pieter Liese, Nederlânsk politikus († 1985) 1911 - Bas Paauwe, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrainer († 1989) 1915 - Koos Schuur, Nederlânsk dichter en skriuwer († 1995) 1930 - Gerard van der Weerd, Frysk dirigint († 2012) 1935 - Anton Oud, Amelânsk wurdboekgearstaller en taalaktivist († 2006) 1942 - Jenny Arean, Nederlânsk sjongster en kabaretiêre 1949 - Jay Scott, Amerikaansk-Kanadeesk filmkritikus († 1993) 1979 - Caitriona Balfe, Iersk model en aktrise 1981 - Ilhan Omar, Amerikaansk politika 1985 - Eve Laurence, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 1226 - Fransiskus van Assisi, Italjaansk hillige en stifter fan 'e kleasteroarder fan 'e fransiskanen of minderbruorren (* 1181 of 1182) 1669 - Rembrandt van Rijn, Nederlânsk keunstskilder (* 1606) 1680 - Jacobus Sibrandi Mancadan, Frysk keunstskilder en boargemaster (* 1602) 1816 - Jan Reinders Radersma, Frysk oargelbouwer (* 1772) 1863 - Gerrit Schimmelpenninck, Nederlânsk politikus en ûndernimmer (* 1794) 1894 - John M. Chivington, Amerikaansk militêr (* 1821) 1904 - Frédéric-Auguste Bartholdi, Frânsk byldhouwer (* 1834) 1909 - Frederic Remington, Amerikaansk keunstskilder (* 1861) 1967 - Halbe Sikkes Doele, Frysk oersetter en frisiast (* 1911) 1970 - Janis Joplin, Amerikaansk sjongster (* 1943) 1992 - Denis Hulme, Nijseelânsk Formule 1-koereur (* 1936) 1999 - Hendrik van der Wielen, Nederlânsk boargemaster (* 1903) 1999 - Ybe van der Wielen, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1913) 2020 - Jan des Bouvrie, Nederlânsk ynterieurûntwerper (* 1942) 2025 - Paul Van Bruystegem, Flaamsk bassist en gitarist (* 1959)

Kategory:Datum 04