It Fersetsmonumint is in keunstwurk oan de Jouster Toer oan de Midstrjitte op De Jouwer. It monumint betinkt militêren yn tsjinst fan it Nederlânsk Keninkryk 1940-1945, Boargerslachtoffers, en it Nederlânsk Ferset. It monumint fan medaljeur Nico Onkenhout wward ûntbleate op 3 maaie 1952. Op de tinkstien steane yn reliëf twa manljusfigueren mei dêrûnder de tekst: HWANT MEI GOD EN MEI MINSKEN HASTE STRIDEN EN DOU HAST OERMASTERE Dêrûnder steane de nammen fan Uilke Boonstra, Hotze Brouwer, Willem van der Bij, Ynze Dikkerboom, Jan Eijsinga, Wiepke Hof, Richard Jung, Geert Knol, Jan Lenos, Hendrik Prakken, Dirk de Ruiter, Siebe de Ruiter, Hendrik Jan Textor, Andries van Veen, Hylke Watze van der Veen, Joachim Carel Vegelin van Claerbergen, Harm de Vries, Kornelis Wind en Sape van Wijngaarden.

Kategory:De Jouwer Kategory:Keunstwurk út 1952 Kategory:Keunstwurk yn De Fryske Marren Kategory:Oarlochsmonumint yn Fryslân Kategory:Monumint yn De Fryske Marren