Skip mei lading is in keunstwurk fan Ids Willemsma op De Jouwer.

It keunstwurk waard makke as ôfsluting fan de oanlis fan in lûdswâl tusken de A7 en de wyk Suderfjild. Om swiere byld op dit plak del sette te kinnen waard in ekstra fundearring makke. 'Skip mei lading' toant in rudimintêr werjûn skip sjen mei in abstrakte lading. De titel is neffens Willemsma in metafoar foar it libben. It symbolisearret tagelyk de warberens en de dynamyk yn de gemeente Skarsterlân. Op de sydkant fan de lûdswâl stiet op in waarfêst stielplaat it gedicht Berneskip, boartersskip:

libbensbeam yn skipshûd tekening as beammebast libbenslading yn in see fan tiid yn in see fan blommen út de streamen op de flaktes op de weagen op de wyn yn stoarmen yn wynstilten

it tij kin keare oanspield yn it fruchtwetter de libbensstream fan tinken en út `e wei setten fan winst en ferlies skip mei lading oan seewei sykhelje útazemje op `e nij de takomst it ferline it ljocht it libben wy libje

Sjoch ek List fan bylden yn De Fryske Marren

Kategory:De Jouwer Kategory:Keunstwurk yn De Fryske Marren Kategory:Keunstwurk út 2007 Kategory:Keunstwurk fan Ids Willemsma