thumb|Generaal Kruls (2e fan rjochts) mei oare ofsieren fan it Militêr Gesach nei de kapitulaasje op wei nei West-Nederlân (maaie 1945) It Militêr Gesach wie it deistich bestjoer fan de yn 1944 en 1945 befrijde parten fan Nederlân út namme fan de Nederlânske regearing yn Londen oant de oerdracht fan de gebieten oan it regear.
It Nederlânsk regear yn Londen foarseach grutte bestjoerlike swierrichheden nei de befrijding fan Nederlân. Dêrom waard it bestjoer by wet oan it foar dat doel oprjochte Militêr Gesach opdroegen. De juridysk ûnderleine generaal-majoar mr. H.J. Kruls waard Sjef fan de stêf fan it Militêr Gesach. Keninginne Wilhelmina hie útsteld dat har skoansoan Prins Bernhard dy funksje beklaaie soe, mar de ministerried gie oan har winsk foarby. It Militêr Gesach waard op 14 septimber 1944 oprjochte en op 4 maart 1946 ûntbûn. Kruls wie yn dy hiele perioade Haad fan it Militêr Gesach.
De organisaasje krige in protte krityk en waard, nei it haad, wol 'Sirkus Kruls' neamdJ.A.M.M. Janssen, 'Kruls, Hendrik Johan (1902-1975)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 3 (1989)., of 'Malle Gevallen' - ûntliend oan de ôfkoarting MG en de roman Malle Gevallen (1913) fan Hans Martin, dy't yn 1934 ferfilme wie.Loe de Jong, Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog - Deel 10a - 2e helft, side 674
Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânske Striidkrêften Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1944 Kategory:Organisaasje opheft yn 1945