Wild Bill Hickok (wiere namme: James Butler Hickok; Homer (Illinois), 27 maaie 1837 – Deadwood (Súd-Dakota), 2 augustus 1876) wie in Amerikaansk gokker, revolverman, plysje en ikoan fan it Wylde Westen. Hy wie hikke en tein op in boerespultsje yn Illinois, mar gie mei achttjin jier nei Kansas, dêr't er him by de Jayhawkers joech. Hy wurke as boer, fuorman en stâlfeint, focht (en spionearre) foar it Noarden yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en waard neitiid yn it Wylde Westen ferneamd as gokker, revolverman, marshal, sheriff, ferkenner foar it Amerikaanske Leger en skerpskutter. Hickok wie belutsen by ferskate beruchte sjitpartijen. Hy kaam úteinlik oan syn ein doe't er fan efteren yn 'e holle sketten waard troch in gokker dy't er earder ferslein hie mei poker. De kaarten dy't er op dat stuit yn 'e hân hold, kamen neitiid bekend te stean as de "deademanshân".
Nammen en bynammen Wild Bill Hickok waard berne as James Butler Hickok, mar yn 1858 begûn er de namme William Hickok te brûken, en yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch gied er troch foar William Haycock. Yn 1861 begûn er himsels "Wild Bill" ("Wylde Bill") te neamen. Doe't er letter (sterke) ferhalen oer syn libben fertelde, woed er hawwe dat er al yn syn tiid by de Jayhawkers yn Kansas "Shanghai Bill" neamd waard fanwegen syn lingte en ranke lichemsbou (shanghai wie doedestiden Amerikaansk-Ingelske sprektaal foar "kattepûl"). Yn Nebraska waard er, benammen troch David McCanles en dy syn freonen, by wize fan bespotting "Duck Bill" ("Einesnaffel") neamd.
Libben Jonkheid Wild Bill Hickok waard yn maaie 1837 berne yn Homer, yn 'e Amerikaanske steat Illinois (dat no Troy Grove hjit), as de soan fan William Alonzo Hickok, in boer en abolysjonist, en dy syn frou Polly Butler. Beide âlden wiene fan etnysk Ingelsk komôf. Syn heit soe Hickok syn bertehûs (dat no net mear bestiet) brûkt hawwe as in halteplak foar it Undergrûnske Spoar. Hickok wie de fjirde fan seis bern yn 'e húshâlding fan syn âlden. Syn heit kaam te ferstjerren yn 1852, doe't Hickok 15 jier wie. Oer Hickok syn jonkheid is fierders net folle bekend, behalven dat er al ier goed mei in revolver omgean koe en yn syn bertekrite wiid en siid bekendstie as in skerpskutter mei dat fjoerwapen.
Iere jierren Yn 1855, doe't er achttjin jier wie, rekke Hickok op in dei slaande deilis mei in Charles Hudson, wêrby't se allebeide yn in kanaal rûgelen. Om't er miende dat er Hudson fermoarde hie (wat letter net wier bliek te wêzen), naaide Hickok doe út. Hy bedarre yn Leavenworth, yn wat doe noch it Territoarium Kansas wie (no de steat Kansas). Dêr sleat er him oan by it 'Leger foar in Frije Steat' fan generaal Jim Lane, better bekend as de Jayhawkers. Dat wie in wapene milysje fan figilantes dy't yn dy omkriten slavehâlders út it Suden oanfoel as middel om Kansas as in frije steat (ynstee fan as slavesteat) yn 'e Uny opnommen te krijen. Wylst er by de Jayhawkers wie, kaam Hickok yn 'e kunde mei de tolvejierrige William Frederick Cody, dy't letter ferneamd wurde soe ûnder de namme 'Buffalo Bill'. Nettsjinsteande syn jonkheid wie dy doe al ferkenner foar it Amerikaanske Leger yn 'e Lytse Boargeroarloch tsjin 'e mormoanen yn Utah.
Yn 1857 briek Hickok mei de Jayhawkers en stifte er in boerespultsje fan 160 acres (65 ha) yn Johnson County, dat no diel útmakket fan 'e himrik fan Lenexa. Op 22 maart 1858 waard er keazen as ien fan 'e earste fjouwer plysjes (constables) yn it plattelânsdistrikt Monticello Township. In jier letter, yn 1859, gied er oan it wurk foar de fuormanderij Russell, Waddell & Majors, de memme-ûndernimming fan 'e Pony Express.
Hickok rekke yn 1860 slim ferwûne doe't er as fuorman mei in lading fracht ûnderweis wie fan Independence yn Missoery, nei Santa Fe yn Teksas. Neffens syn eigen ferhaal waard it paad him op in stuit tichtset troch in brune bear mei in pear jongen. Hickok kaam fan 'e bok ôf, stapte nei foarren en besocht de bearinne yn 'e kop te sjitten. De kûgel keatste lykwols ôf op 'e skedel fan it bist, dat dêrtroch poerrazen waard en him oanfoel. Hickok waard heal ferplettere ûnder it gewicht fan 'e bearinne, en mei in twadde kûgel rekke er it bist yn in foarpoat. De bearinne biet him doe yn 'e earm, mar Hickok wist syn jachtmês te lûken en it bist de strôte troch te snijen. Sels hold er oan it treffen in yndrukte boarstkast, in stikken skouder en in brutsen en iepen earm oer. Hy wist op eigen krêft de bewenne wrâld te berikken en lei fjouwer moannen op bêd ear't er troch syn wurkjouwer nei Rock Creek Station, by Fairbury yn Nebraska, ta stjoerd waard, dêr't er fierder opbetterje koe wylst er licht wurk die as stâlfeint.
Dat frachtstasjon fan Russell, Waddell & Majors wie boud op grûn dy't it bedriuw koartby kocht hie fan in pleatslike kolonist, David McCanles, dy't pleatslik bekendstie as in bullebak dy't út 'e gong wei mei yntimidaasje syn sin besocht te krijen. Hickok krige it, nei't it skynt, mei him oan 'e stôk om't er McCanles syn mêtresse, in Sarah "Kate" Shull, "stellen" hie. Doe't McCanles op 12 july 1861 by it stasjon delkaam om it noch altyd net betelle twadde diel fan 'e ferkeappriis te ynjen, briek der in sjitpartij út. McCanles hie syn tolvejierrige soan William Monroe McCanles en twa feinten, James Woods en James Gordon, by him. Hy waard ûntfongen troch Horace Wellman, de bedriuwslieder fan it frachtstasjon, Hickok en J.W. Brink, in oare stâlfeint. Wat der krekt barde, is ûnder histoarisy noch altyd ûnderwerp fan debat, mar de útkomst wie dat McCanles, dy't Wellman bedrige hawwe soe, deasketten waard. De dieder wie mooglik Hickok, mar miskien ek Wellman sels. Wellman, Hickok en Brink waarden oanklage foar moard, mar frijsprutsen om't se út selsferdigening hannele hawwe soene.
Amerikaanske Boargeroarloch Underwilens wie yn april 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbrutsen, en nei de konfrontaasje mei McCanles teach Hickok út Nebraska wei om him yn Sedalia, yn Missoery, as fuorman oan te melden by it Noardlike Leger. Tsjin 'e ein fan dat jier hied er it ta weinmaster brocht, mar yn septimber 1862 waard er om geheim holden redens út dy funksje ûntslein. Dêrnei is der in jier lang gjin dokumintaasje werom te finen oer wat er by de ein hie. Ien boarne hâldt lykwols út dat er yn dy tiid as spion foar de Feriene Steaten wurke op it grûngebiet fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika.
Ein 1863 doek Hickok wer op yn súdwestlik Missoery, dêr't er as maresjesee (provost marshal) oan it wurk gie yn Springfield. Yn dy hoedanichheid hold er by hoefolle soldaten oft pakt waarden mei alkohol op wylst se op wacht stiene, kontrolearre er oft horekagelegenheden wol fergunnings hiene om alkohol te skinken, en spoarde er skuldners op dy't it krap by kas sittende Noardlike Leger noch jild betelje moasten. Yn 1864 hie Hickok, yn 'e mande mei ferskate oare maresjesees, al in skoft gjin soldij ûntfongen. Hy naam doe ûntslach of waard oerpleatst, want dat jiers waard er troch generaal John B. Sanborn oannommen as ferkenner, foar $5 deis plus in hynder en taris.
Nei't de boargeroarloch yn april 1865 einige, swaaide Hickok yn juny fan dat jier ôf, wêrnei't er yn Springfield omhingjen bleau en syn tiid trochbrocht mei drinken en gokken. Neffens it boek History of Greene County, Missouri, dat yn 1883 publisearre waard, wie Hickok yn 1865 "fan natuere in rûchhouwer [...] in dronken swetser dy't der fernoegen yn skoep [...] om nerveuze manlju en timide froulju benaud te meitsjen."
It Hickok-Tutt-duël Wylst er as gokker yn Springfield omhong, kaam Hickok yn it foarjier fan 1865 yn 'e kunde mei Davis Tutt, in âld-soldaat út it Konfederearre Leger. Hy liende ferskate kearen jild fan Tutt en de beide mannen rekken befreone, mar se krigen rûzje oer in frou, Susannah Moore, dy't in relaasje mei Hickok hie. It geroft giet dat Hickok dêrnjonken in affêre mei Tutt syn suster hie en in bern by har oansette, mar dat kin ek in betinksel wêze. Yn elts gefal wegere Hickok noch poker te spyljen mei Tutt, dy't weromsloech troch oare pokerders jild en advys te jaan om te besykjen en meitsje Hickok bankrot.
De rûzje berikte in hichtepunt doe't Hickok, ta frustraasje fan Tutt, dy't ien fan syn tsjinstanners bystie, oanhâldend wûn yn in pokerspul. Tutt easke daliks de werombetelling fan in liening fan $40, dêr't Hickok oan foldie. Doe easke er de werombetelling fan in oare liening fan $35. Hickok wegere dat, om't dy liening mar $25 omfieme hie. Dêrop pakte Tutt it horloazje fan Hickok, dat op 'e tafel lei. De oare deis, 21 july 1865, droech Tutt prominint it horloazje doe't er de saloon ynkaam. Hickok woe it werom hawwe, mar Tutt easke der doe $45 foar. Hoewol't se besleaten der net om te fjochtsjen, draaide it dêr om 18.00 oere jûns dochs op út, doe't se beide út ferskillende rjochtings op 'e saloon ôf kamen. It wie it earste quick draw-duël út 'e skiednis, wêrby't de beide mannen sa fluch mooglik harren revolver út it holster loeken, rjochten en skeaten. Oars as yn 'e westernfilms makke troch de filmyndustry fan Hollywood, stiene de beide mannen net mei de foarkant fan it lichem nei-inoar ta, mar mei de side, yn 'e klassike duëlstyl, sadat se in lytser doelwyt foarmen. Fan in ôfstân fan 75 yards (krapoan 69 m) miste Tutt, wylst Hickok rekke skeat. Tutt rôp út: "Jonges, ik bin dea," foel del en stoar.
Twa dagen letter waard Hickok oppakt foar moard, mar de oanklacht waard letter fermindere ta deaslach. Hy kaam yn ruil foar $2.000 op boarchtocht frij en waard op 3 augustus 1865 berjochte. Oan 'e ein fan 'e rjochtsaak joech rjochter Sempronius H. Boyd de sjuery twa inoar tsjinsprekkende ynstruksjes. Earst stelde er dat Hickok ûnder de wet inkeld skuldich ferklearre wurde koe. Mar dêr heakke er oan ta dat de sjuery ek beslisse koe dat hjir de ûnskreaune wet fan it "earlik gefjocht" fan tapassing wie, sadat Hickok frijsprutsen wurde koe. De sjuery besleat ta frijspraak. In pear wiken letter joech Hickok in fraachpetear oan kolonel George W. Nichols, dat ôfprinte waard yn it tydskrift Harper's New Monthly Magazine (wêrby't syn namme trouwens misstavere waard as "Hitchcock"). Yn it artikel waard ferteld oer de "hûnderten" manlju dy't Hickok eigenhandich ombrocht hie, en it omfieme ek beskriuwings fan oare oant yn it absurde oerdreaune eksploaten. Hoewol't dat it begjin wie fan Hickok syn ferneamdheid, wie it artikel tige kontroversjeel op plakken dêr't men him koe, sasear sels dat ferskate kranten yn Kansas en Missoery har roppen fielden om korrizjearjende artikels oer Hickok op te nimmen.
Plysje, ferkenner, akteur Yn septimber 1865 ferlear Hickok de ferkiezings foar it amt fan marshal fan Springfield. Neitiid rekrutearre er seis Yndianen en trije cowboys en sette mei dat selskip nei Niagara Falls, yn New York, dêr't er himsels op 'e nij besocht út te finen as toanielakteur. Hy hie de haadrol yn it iepenloftspul The Daring Buffalo Chasers of the Plains, dat lykwols om ferskate redens mislearre. Yn it foarste plak koed er gjin yntree heffe om't it stik yn 'e iepen loft spile waard, sadat der jild by moast ynstee dat it jild opbrocht. Fierders bliek er sels in alderferskriklikst minne akteur te wêzen. En boppedat waarden guon rollen fertolke troch seis echte Amerikaanske bizons, in brune bear en in aapke. Ien opfiering einige jammerdearlik doe't ien fan 'e bizons net meiwurkje woe en Hickok syn selsbehearsking ferlear. Hy loek syn revolver en skeat yn 'e loft, mei as gefolch dat it publyk yn panyk rekke en de bizon lulk waard. Guon taskôgers waarden sels ûnder de foet rûn troch de bizons. Dêrmei rûn Hickok syn aktearkarriêre op 'e non.