Last Man Standing is in súksesfolle Amerikaanske komeedzjesearje dy't yn 2011 foar it earst op 'e telefyzje kaam. De titel betsjut safolle as: "de lêste man dy't noch oer is". De searje giet oer Mike Baxter (spile troch akteur Tim Allen), dy't in liedingjaande funksje hat by in winkelkeatling yn sport- en jachtnedichheden yn Denver, en dy't dêrnjonken de heit fan trije dochters is. De oarspronklike searje waard fan 2011 oant en mei 2017 útstjoerd troch it telefyzjenetwurk ABC. Hoewol't it de op ien nei bêst besjoene komeedzjesearje fan ABC wie, besleat dat bedriuw om 'e searje oan 'e ein fan it telefyzjeseizoen 2016-2017 stop te setten. Yn 2018 kaam der dochs in sânde seizoen fan Last Man Standing, doe't it telefyzjenetwork Fox de searje oppikte. De searje rûn dêrnei trije seizoenen op Fox foar't der definityf in ein oan kaam.
Untstean Last Man Standing waard betocht troch senarioskriuwer en telefyzjeprodusint Jack Burditt, dy't foar de komeedzjesearje oarspronklik de namme Man Up yn gedachten hie. Ein 2010 joech telefyzjenetwurk ABC oan belangstelling foar it projekt te hawwen, en yn jannewaris 2011 krige Burditt it griene ljocht om in pilotôflevering te meitsjen mei de titel Last Days of Man. Op 18 febrewaris tekene akteur Tim Allen, dy't fan it begjin ôf oan by it projekt belutsen west hie, in formeel kontrakt foar it spyljen fan 'e rol fan Mike Baxter. Ein maart berikte Burditt oerienstimming mei Nancy Travis foar it spyljen fan 'e froulike haadrol en koart dêrnei joech ek aktearfeteraan Héctor Elizondo him by it projekt.
Produksje Op 13 maaie 2011 besleat ABC op basis fan 'e pilotôflevering om 'e nije komeedzjesearje ûnder de oanpaste titel Last Man Standing út te stjoeren yn it telefyzjeseizoen 2011-2012. De earste beide ôfleverings waarden yn 'e Feriene Steaten op 11 oktober 2011 útstjoerd yn in telefyzjepremiêre dy't in oere duorre. Last Man Standing die it op it mêd fan 'e sjochsifers poerbêst, dat op 11 maaie 2012 besleat ABC in twadde seizoen fan 'e searje meitsje te litten. In moanne letter, op 11 juny, waard bekendmakke dat Alexandra Krosney, dy't yn it earste seizoen de fêste rol fan Kristin, de âldste dochter fan Mike en Vanessa Baxter spile hie, ûntslein wie om "kreätive redens". Yn it twadde seizoen waard har rol oernommen troch Amanda Fuller.
Neitiid ferlingde ABC Last Man Standing hieltyd mei ien nij seizoen. Yn oktober 2014 hiene Tim Allen en Héctor Elizondo as de personaazjes Mike Baxter en Ed Alzate út Last Man Standing in gastrol yn in oare komeedzjesearje fan ABC, Cristela. Op 10 maaie 2017 besleat ABC Last Man Standing nei seis seizoenen stop te setten, nettsjinsteande it feit dat de searje yn it telefyzjeseizoen 2016-2017 de op ien nei bêst besjoene komeedzjesearje fan it netwurk wie, mei sjochsifers dy't dat hiele seizoen troch stabyl bleaun wiene. Yn in ferklearring sei in wurdfierder fan ABC dat Last Man Standing net mear yn 'e programma-yndieling fan it netwurk paste. Dêrnjonken wie it sa dat ABC en syn produksjepartner foar de searje, 20th Century Fox Television, in ôfspraak hiene dat 20th Century Fox de produksjekosten foar syn rekken naam. Dy ôfspraak rûn nei seis seizoenen ôf en ABC woe sels de produksjekosten net betelje.
It stopsetten fan Last Man Standing late ta poerrazene reäksjes fan fans fan 'e searje, dy't harren miening oer de gong fan saken op 'e sosjale media net ûnder stuollen of banken stieken. Fierders waard der in hantekeninge-aksje holden om Last Man Standing wer op 'e telefyzje te krijen, dêr't op 23 maaie 2017 al 380.000 hantekenings foar ynsammele wiene. Ek haadrolspiler Tim Allen makke him lulk en twittere op 16 maaie 2017 dat er "ferbjustere en oerfallen" wie troch "it netwurk dat ik de lêste seis jier as myn thús beskôge haw."
Begjin maaie 2018 waard bekend dat de Fox Broadcasting Company belangstelling hie om in nije (sânde) seizoen fan Last Man Standing te meitsjen. Op 11 maaie kundige Fox offisjeel oan dat der in nij seizoen fan 'e searje komme soe. Behalven Tim Allen kearden ek Nancy Travis, Amanda Fuller, Héctor Elizondo, Christoph Sanders, Jordan Masterson en Jonathan Adams werom yn harren fêste rollen. Molly Ephraim (Mandy Baxter) en Flynn Morrison (Boyd Baxter) seagen dêr lykwols fan ôf, sadat harren rollen oernommen wurde moasten troch nije akteurs (Molly McCook, resp. Jet Jurgensmeyer). In oare eardere haadrolspylster, Kaitlyn Dever, hie koartby in kontrakt tekene foar in rol yn 'e minysearje Unbelievable, fan Netflix, en koe dêrom inkeld yn in weromkearende rol meispylje yn it nije seizoen fan Last Man Standing. De earste ôflevering fan it sânde seizoen kaam yn 'e Feriene Steaten op 28 septimber 2018 op 'e telefyzje. Yn maaie 2021 foel foar de searje oan 'e ein fan it njoggende seizoen foargoed it doek.
Behalven yn 'e Feriene Steaten waard Last Man Standing ek útstjoerd yn Austraalje, Kanada, Nij-Seelân, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Israel en oare lannen. Yn Nederlân is de searje te sjen op sawol RTL 7 as Comedy Central. De seizoenen 1 oant en mei 8 fan Last Man Standing binne yn 'e Feriene Steaten útbrocht op dvd.
Utgongspunt fan 'e plot Last Man Standing folget it libben fan Mike Baxter (Tim Allen), dy't mei-eigner is fan in winkelkeatling yn sport- en jachtnedichheden yn Denver. Thús is er de "lêste man dy't noch oer is" (dêrfandinne de titel), want hy en syn frou Vanessa (Nancy Travis), in geologe dy't letter oan it wurk giet as leararesse yn it fuortset ûnderwiis, hawwe trije dochters. Mike is sa alderferskuorrendste aartskonservatyf dat er wol in karikatuer fan 'e Amerikaanske Republikein liket. Syn frou is progressiver en moat him gauris ôfremje of oanfiterje, ôfhinklik fan 'e sitewaasje.
Aldste dochter Kristin (Alexandra Krosney/Amanda Fuller) is in jonge frou mei progressive wearden, dy't har ôfset tsjin har heit. Hja is jong swier rekke en is de mem fan Boyd (Flynn Morrison/Jet Jurgensmeyer). Yn seizoen 1 wurket se as servearster yn in kafetaria, mar letter beslút se wer nei skoalle te gean en úteinlik wurdt se bedriuwsliedster yn in restaurant. Se hat in skoftke in relaasje mei Kyle Anderson (Christoph Sanders), in naïve mar goedhertige wurknimmer fan har heit, mar fermoedsoenet har letter mei Ryan Vogelson (Jordan Masterson), de heit fan Boyd, dy't har sitte litten hie doe't se yn ferwachting rekke. Uteinlik trouwe se mei-inoar.
Middelste dochter Mandy (Molly Ephraim/Molly McCook) hâldt en draacht har as in ûnnoazel sjutsje. Se kin net meikomme op skoalle, is loai, eigenwiis, drinkt ûnder de minimumleeftyd, negearret alle ferkearsregels as se autoriidt, stelt út har heite winkel, bliuwt hiele nachten fuort, en smookt mooglik ek marihuana. Se is populêr op skoalle en blinkt út yn sosjale sitewaasjes. Soms lit se ynienen mominten fan ealmoedigens en soarchsumens sjen, dy't nammenste mear opfalle om't se sa ûnferwachts binne. Yn seizoen 2 kriget se in relaasje mei Kyle (Christoph Sanders), de eks-freon fan har âldere suster Kristin, dy't like ûnnoazel is as sysels. Yn seizoen 6 trouwe se. Tsjin dy tiid hat Mandy in súksesfol eigen bedriuwke opbout dat hânmakke klean ferkeapet.
Jongste dochter Eve (Kaitlyn Dever) is de eachapel fan har heit, dy't der deselde oerdreaun konservative noarmen en wearden op nei hâldt as hy. Se hâldt fan sport, fjoerwapens en kampearjen, en is lid fan it fuotbalteam fan har skoalle, en letter ek fan it Amerikaansk fuotbalteam (as iennichste famke). Eve is yntelligint en kin goed meikomme op skoalle, mar kin har dreech rêde yn sosjale sitewaasjes. Thús jout se sarkastysk kommentaar op alles dat dêr bart. Al jong jout se oan dat se yn it Amerikaanske Leger wol, en fan dat stuit ôf wurket se ta op in ferfolchoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Letter beslút se ynstee talitting te sykjen ta de Amerikaanske Loftmachtakademy yn Colorado Springs, dêr't se yn seizoen 7 oan har oplieding begjint.
Mike syn sakepartner is Ed Alzate (Héctor Elizondo), in etnyske Bask dy't yn in fier ferline yn Denver in spesjaalsaak op it mêd fan angelfiskjen begûn. Dy iene winkel is troch it marketingtalint fan Mike útgroeid dat de hjoeddeistige winkelkeatling. Ed is in jier as tweintich âlder as Mike, dy't gauris grappen makket oer syn leeftyd en kealens. In oar ûnderwerp fan weromkearende grappen is it feit dat Ed fjouwer kear troud (en skieden) is, wêrfan twaris mei deselde frou. Ed is ek in feteraan út 'e Fjetnamoarloch, mar brocht syn hiele tsjinstplicht troch as administratyf meiwurker yn it Amerikaanske haadkertier yn Saigon. Syn iennichste oarlochswûnen rûn er op troch papiersneden en doe't er him ris de skyn stompte oan it iepensteande laad fan in argyfkast.
Oare ynteressante personaazjes út 'e Last Man Standing binne Bud Baxter (Robert Forster), Mike syn âlde heit, dy't ta ôfgriis fan Mike in winkel begjint dêr't er marihuana ferkeapet, sadree't dat yn Kolorado legaal wurden is. Mike syn buorman is de swarte âld-marinier Chuck Larabee (Jonathan Adams), mei wa't Mike altyd botst oer politike en maatskiplike kwestjes. Chuck syn (ek swarte) frou Carol (Erika Alexander) is in bekende fan Mike syn frou Vanessa, dy't yn har oanwêzigens stiiffêst de oanstriid fielt om te bewizen dat se net rasistysk is, mei as gefolch dat it troch har ferkrampte hâlden en dragen liket as is se dat krekt wol.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Mike Baxter Tim Allen Vanessa Baxter (frou fan Mike) Nancy Travis Kristin Baxter (âldste dochter) Alexandra Krosney (seizoen 1) Amanda Fuller (fanôf seizoen 2) Mandy Baxter (middelste dochter) Molly Ephraim (seizoen 1-6) Molly McCook (seizoen 7-9) Eve Baxter (jongste dochter) Kaitlyn Dever (haadrol yn seizoen 1-6; weromkearende rol fanôf seizoen 7) Ed Alzate (sakepartner fan Mike) Héctor Elizondo Kyle Anderson (wurknimmer fan Mike, frijer fan Mandy) Christoph Sanders Ryan Vogelson (frijer fan Kristin) Nick Jonas (gastrol yn seizoen 1) Jordan Masterson (weromkearende rol yn seizoen 2-3; haadrol fanôf seizoen 4) Boyd Baxter (pakesizzer fan Mike) Evan en Luke Kruntchev (weromkearende rol yn seizoen 1) Flynn Morrison (haadrol yn seizoen 2-6) Jet Jurgensmeyer (haadrol fanôf seizoen 7) Chuck Larabee (buorman fan Mike) Jonathan Adams (weromkearende rol yn seizoen 2-3; haadrol fanôf seizoen 4) weromkearende byrollen personaazje akteur/aktrise Bud Baxter (heit fan Mike) Robert Forster (seizoen 1, 3-4, 7) April (suster fan Vanessa) Christina Moore (seizoen 1 en 3) Michelle (freondinne en buorfrou fan Vanessa) Danielle Bisutti (seizoen 1) Carol Larabee (frou fan Chuck) Erika Alexander (seizoen 2-6) Blanca Álvarez (húshâldster fan Mike & Vanessa) Carla Jimenez (seizoen 2-4) Cammy Harris (bêste freondinne fan Eve) Sarah Gilman (seizoen 2-6) John Baker (baas fan Kristin) Jonathan Taylor Thomas (seizoen 2-3) Justin (frijer fan Eve) Tye Sheridan (seizoen 3-4) Andrew (klasgenoat fan Eve, fereale op har) Zachary Gordon (seizoen 3) Wendi Gracin (freondinne fan Ed) Joely Fisher (seizoen 3-5) Joe Leonard (automonteur fan Mike) Jay Leno (seizoen 5-7) Rob (frijer fan Eve) Travis Tope (seizoen 6) Bekende akteurs dy't gastrollen yn Last Man Standing fertolke hawwe, binne û.m.: Jere Burns, Bill Engvall, Michael Gross, Kim Kardashian (as harsels), Richard Karn, Reba McEntire, Cassandra Peterson, Patricia Richardson, Mike Rowe, Jamie-Lynn Sigler en Susan Sullivan.
Seizoenen seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk12411 oktober 20118 maaie 2012ABC2182 novimber 201222 maart 201332220 septimber 201325 april 20144223 oktober 201417 april 201552225 septimber 201522 april 201662223 septimber 201622 april 201772228 septimber 201810 maaie 2019Fox8212 jannewaris 202030 april 20209213 jannewaris 202120 maaie 2021
Untfangst