Touchstone Pictures is in Amerikaansk filmdistribúsjebedriuw dat eigendom is fan The Walt Disney Company. It is binnen it Disney-concern ûnderbrocht by Walt Disney Studios Motion Pictures, in ûnderdiel fan The Walt Disney Studios, dy't wer hearre ta de difyzje Walt Disney Studio Entertainment. It bedriuw waard yn 1984 oprjochte troch de doetiidske algemien direkteur fan The Walt Disney Company, Ron W. Miller, ûnder de namme Touchstone Films. Touchstone fersoarget de distribúsje fan films produsearre troch Walt Disney Pictures dy't mear op folwoeksenen rjochte binne as op bern. Fan 1984 oant 2011 wie Touchstone ek aktyf as in filmstudio en produsearre it eigen films.
Skiednis Walt Disney Pictures hie tsjin 'e 1980-er jierren it imago krigen in filmstudio te wêzen dy't inkeld bernefilms en famyljefilms produsearre. Sadwaande diene Disney-films dy't rjochte wiene op in folwoeksen publyk it yn 'e bioskopen minder goed as ferwachte: in oansjenlik diel fan 'e doelgroep skreau sokke films ôf poer om't de merknamme Disney deroan ferbûn wie. Films dy't dêrûnder te lijen hiene, wiene bgl. de science fictionfilms The Black Hole (1979) en Tron (1982), de horrorfilm The Watcher in the Woods (1982) en de skriller Night Crossing (1982). Troch ôffallend bioskoopbesyk litte Disney yn 1982 allinne al in ferlies fan mear as $27 miljoen, wylst yn 't foar ynskatten wie dat benammen Tron in súkses wurde koe fan mooglik itselde nivo as Star Wars.
Ein 1982 kundige Disney oan dat de studio fan doel wie om mear films foar in folwoeksen publyk út te bringen, mar dan ûnder in nije merknamme. Op 15 febrewaris 1984 waard dêrta troch Ron W. Miller, de doetiidske algemien direkteur fan The Walt Disney Company, Touchstone Films oprjochte as filmstudio en dochterûndernimming fan Disney. It wie fan it begjin ôf oan in bedriuw dat folslein eigendom fan Disney wie, en dat inkeld yn namme fan 'e rest fan it concern ferskilde. De earste film dy't troch Touchstone útbrocht waard, wie Splash, dy't mei in opbringst fan $68 miljoen yn 'e Amerikaanske bioskopen in ûnbidich grut súkses wie. De mûklist mei de oare namme die dus fertuten. Oare grutte súksessen út 'e earste jierren fan Touchstone wiene Down and Out in Beverly Hills (1986), Ruthless People (1986) en Tin Men (1987).
Yn 1986 waard Touchstone Films omneamd ta Touchstone Pictures. Om't ferskate filmstudio's om dy tiid hinne opholden mei filmproduksje of hielendal opdoekten, rjochte Disney yn 1988 in twadde filmstudio foar de produksje fan films foar in folwoeksen publyk op, Hollywood Pictures, om 'e leechte op te foljen. Touchstone dielde mei Hollywood Pictures inkeld de marketing- en distribúsjefasiliteiten. Yn 'e 1990-er jierren makke Touchstone grutte films as Pretty Woman (1990), Sister Act (1992), Ransom (1996), Con Air (1997), en Armageddon (1998). Films dy't yn 'e 1980-er en 1990-er jierren troch Touchstone produsearre waarden, wurde tsjintwurdich nei de bioskopen ta distribuëarre fia Walt Disney Studios Motion Pictures, wylst se op dvd úbrocht wurde troch Walt Disney Studios Home Entertainment (foarhinne ûnder de merknamme Touchstone Home Entertainment).
Nei it grutte súkses fan it ûnder de namme fan Disney útbrochte Pirates of the Caribbean: The Curse of the Black Pearl, yn 2003, en oare soksoarte films dy't yn 1980-er en 1990-er jierren troch Touchstone publisearre wêze soene, besleat men de produksje fan sokke films mear werom te heljen nei Walt Disney Pictures. Dêrtroch rekke Touchstone geandewei de 2000-er jierren almar mear yn ûnbrûk, hoewol't it bedriuw net opdoekt waard. Yn 2006 waard de produksje fan films fan Touchstone werombrocht ta twa of trije yn 't jier. Dat Disney yn 2007 in oare merknamme, Buena Vista, hielendal ôfskafte, wie foar Touchstone in faai teken.
Mar yn 2009 sleat Disney in kontrakt mei DreamWorks Pictures foar de distribúsje fan tritich films fan dy studio ferdield oer in perioade fan fiif jier. Om dy oerienkomst út te fieren, waard it sieltôgjende Touchstone nij libben ynblaasd. Yn 2011 waard lykwols besletten dat Touchstone sels gjin films mear meitsje soe. Sûnt dy tiid leit it bedriuw him poer ta op 'e distribúsje fan films dy't troch oare studio's makke binne. Behalven films fan DreamWorks binne dat ek animaasjefilms fan oare studio's dy't net ta it Disney-concern hearre, lykas Gnomeo & Juliet, The Wind Rises en Strange Magic. Yn 2013 besleat Disney om syn langjierrige gearwurking mei Jerry Bruckheimer Films net te ferlingjen om't filmprodusint Jerry Bruckheimer dêrfoar de eask stelde dat Touchstone wer in filmstudio wurde moast. Dêr hie Disney lykwols gjin belangstelling foar.
Tsjin 'e ein fan de oerienkomst tusken Disney en DreamWorks hie Disney fjirtjin fan 'e ôfsprutsen tritich DreamWorks-film distribuëarre, wêrfan trettjin fia Touchstone. De oerienkomst einige yn augustus 2016, mei as lêste film The Light Between Oceans. Neitiid sleat Disney in selde soarte oerienkomst mei Universal Pictures, sadat Touchstone trochgean koe as filmdistribúsjebedriuw.
Súksesfolste films fan Touchstone +súksesfolste films yn Noard-Amearikarangtiteljieropbringst yn de bioskopen1Signs2002 $227.966.6342Armageddon 1998 $201.578.1823Pearl Harbor 2001 $198.542.5544Lincoln2012 $182.207.9735Pretty Woman1990 $178.406.2686The Help2011 $169.708.1127Wild Hogs2007 $168.273.5508Three Men and a Baby1987 $167.780.9609The Proposal2009 $163.958.03110The Waterboy1998 $161.491.64611Who Framed Roger Rabbit1988 $156.452.37012Sister Act1992 $139.605.15013Ransom1996 $136.492.68114Bringing Down the House2003 $132.716.67715Sweet Home Alabama 2003 $127.223.41816Good Morning, Vietnam1987 $123.922.37017The Village2004 $114.197.52018Enemy of the State 1998 $111.549.83619Phenomenon 1996 $104.636.38220Dick Tracy1990 $103.738.72621Gone in 60 Seconds2000 $101.648.57122Con Air1997 $101.117.57323Gnomeo & Juliet2011 $99.967.67024Dead Poets Society 1989 $95.860.11625Unbreakable 2000 $95.011.339+súksesfolste films wrâldwiidrangtiteljieropbringst yn de bioskopen1Armageddon 1998 $553.709.7882Pretty Woman1990 $463.406.2683Pearl Harbor 2001 $449.220.9454Signs2002 $408.247.9175Who Framed Roger Rabbit1988 $329.803.9586The Proposal2009 $317.375.0317Ransom1996 $309.492.6818Real Steel2011 $299.268.5089Lincoln2012 $275.293.45010The Village2004 $256.697.52011Wild Hogs2007 $253.625.42712Enemy of the State1998 $250.649.83613Unbreakable 2000 $248.118.12114Gone in 60 Seconds2000 $237.202.29915Dead Poets Society 1989 $235.860.11616Sister Act1992 $231.605.15017Con Air1997 $224.012.23418Flightplan2005 $223.387.29919The Help2011 $216.639.11220King Arthur2004 $203.567.85721Need for Speed2014 $203.277.63622Gnomeo & Juliet2011 $193.967.67023The Waterboy1998 $185.991.64624Sweet Home Alabama 2002 $180.622.42425War Horse2011 $177.584.879
Besibbe bedriuwsûnderdielen Touchstone Television Productions Foarhinne omfieme The Disney Company ek in tillefyzjedifyzje dy't net de Disney-namme droech, mar Touchstone Television Productions hiet of koartwei Touchstone Television (earder Touchstone Films Television Division, Touchstone Films Television, Touchstone Pictures Television en Touchstone Pictures and Television). Dat wie de produsint fan bekende tillefyzjesearjes as The Golden Girls, Blossom, Home Improvement, Boy Meets World, Desperate Housewives, Lost, Grey's Anatomy en Scrubs.
Yn febrewaris 2007 kundige Disney oan dat Touchstone Television omneamd wurde soe ta ABC Television Studio, sadat de tillefyzjestudio nauwer ferbûn reitsje soe mei tillefyzjenetwurk ABC, it oare grutte bedriuw binnen de Disney-ABC Television Group. Yn maaie fan datselde jier waard de studio op 'e nij omneamd en kaam doe ABC Studios te hjitten.
Touchstone Games Tsjin 'e ein fan 2007 begûn de dochterûndernimming fan Disney dy't him talei op 'e produksje fan fideospultsjes, Buena Vista Games, eigen materiaal te produsearjen ûnder de merknamme Touchstone Games. Dat wie lykwols nea in apart bedriuw, mar inkeld in ymprint. De fideospultsjes dy't ûnder de namme fan Touchstone útbrocht waarden, wiene produsearre troch de Disney Interactive Studios.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Touchstone Pictures
Kategory:Amerikaanske filmstudio Kategory:Amerikaanske filmdistributeur Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1984 Kategory:The Walt Disney Company