Shifting Shadows is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. De titel betsjut: "Ferskowende Skaden". It boek befettet tsien koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't hearre ta Briggs har nau besibbe romansearjes Mercy Thompson en Alpha and Omega. De ferhalebondel hat dan ek as ûndertitel: Stories from the World of Mercy Thompson ("Ferhalen út 'e Wrâld fan Mercy Thompson"). Fan 'e tsien ferhalen binne fjouwer yn Shifting Shadows foar it earst útjûn, wylst de oare seis al earder publisearre wiene yn ferskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs. De bondel omfettet ek twa stikjes út romans út 'e Mercy Thompson-rige dy't fuortredigearre binne út 'e boeken dêr't se oarspronklik foar skreaun wiene. Shifting Shadows waard yn 2014 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ferhalen Silver Fairy Gifts Gray Seeing Eye Alpha and Omega (eins gjin koart ferhaal, mar in novelle) The Star of David Roses in Winter In Red, with Pearls Redemption Hollow fuortredigearre stikje út 'e roman Silver Borne fuortredigearre stikje út 'e roman Night Broken
Kategory:Mercy Thompson Kategory:Alpha and Omega Kategory:Literêr wurk fan Patricia Briggs Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2014 Kategory:Literatuer oer fampieren Kategory:Literatuer oer wearwolven Kategory:Literatuer oer heksen Kategory:Literatuer oer elven Kategory:Literatuer oer sombys Kategory:Literatuer oer tsjoenderij Kategory:Literatuer oer stalferwikseling